Springe nei ynhâld

Pest

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pest (sykte))
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
De pestbaktearje

De pest is in goarre dy’t fan de 14e oant de 19e iuw yn Jeropa faak, by flagen epidemysk en sels pandemysk, foarkaam en grutte oantallen slachtoffers makke. De wichtichste foarm fan de pest binne de bûlpest en de longpest. Tusken 1347 en 1351 is om-ende-by in tredde part fan de Jeropeesje befolking ferstoarn oan de Swarte Dea, dat wienen doe inkele tsientallen miljoenen.

Al yn de Grykske Aldheid hearsken der epidemyen fan in ûnbekende sykte dy’t letter de namme pest krige. Yn de Grykske mytology wie it Apollo dy’t dizze sykte mei syn pylken ferspriede. Dat dizze sykte doe al epidemysk west hat is nei alle wissichheid net wier. Ek is it net wis oft al dizze epidemyen en sels de swarte dea wol de sykte is dy’t wy hjoed de dei de pest neame. It is al lang ferlyn en direkt bewiis is net mear foar hannen. De syktebeskriuwingen út dy tiid lizze de klam op ferskillende symptoamen dy’t net altyd by de pest hearre. Analyze fan it ferspriedingspatroan en besmettingswize hawwe ferskillende oare syktes oplevere, lykas it Ebolafirus, it Marburgfirus of it Hantafirus.

Der wurdt tocht dat de oarsprong fan de sykte yn Mongoalje leit. It is wis dat de earste syktegefallen yn Aazje lizze. Yn Jeropa waard de pest foar it earst fûn yn Itaalje, dêrnei ferspriede de sykte him mei de klok mei: Frankryk, Spanje, Ingelân yn 1438, Dútslân, Noarwegen yn 1349, en as lêste Ruslân rûn1351.

It oantal slachtoffers fan dizze pandemy wurdt rûsd op likernôch 25 oant wol 40 miljoen. In grut oantal streken rekke folslein ûntfolke. In soad oerlibbenen flechte fuort en fersprate dêrmei de sykte noch fierder. Oere oerlibbenen wiene poerlilk op de Joaden, dy’t yn folle mindere mate troch de sykte troffen waarden. Dit feroarsake de myte dat Joaden de pest opsetlik oer Jeropa brocht hienen, troch putten en boarnen te fergiftigjen. Organisearre pogroms wienen it gefolch.

Yn Nederlân kaam de pestepidemy oant de 17e iuw foar. De lêste útbraak wie yn 1668. Yn de Twadde Wrâldkriich hat it Japanske leger de pest as in biologysk wapen ynset. Yn Mantsjoerije waarden boargers en kriichsfinzenen opsetlik mei de sykte ynfektearre. De effekten waarden bestudearre en de slachtoffers waarden somtiden by bewustwêzen ûntlede. Ek waarden besmetlike flieën ûnder de Sinezen ferspriede. Dit soe oan mear as 200.000 Sinezen it libben kostje.

Der is lang tocht dat rôten en de flieën dy’t se mei harren meidroegen de iennige fersprieders wiene fan de sykte. Tsjintwurdich binne der ek teoryen dat de sykte troch de loft ferspraat waard. Yn dat gefal giet it net om de baktearje “Yersinia pestis”, wêrfan mei wissichheid oantoand is dat rôteflieën en ek minskeflieën de fersprieders wienen.

bûdepest

Minsken rekken besmet troch in byt fan in ynfektearre rôteflie. Yn de earste 2 oant 7 dagen trede koarts en pineholle op. Nei in koarte tiid rekken de lymfeklieren ynfektearre, dit giet mei ferfloeien en mei absesfoarming dit binne de bûlen fan de bûlpest. Yn guon gefallen kin de baktearje ek de longen fan de pasjint ynfektearje, dy krijt dan in oare fariant fan de sykte: de “longpest”. Hoastje en bloed ophoastje bart er dan. Allinnich de longpest kin oerdroegen wurde fan minsk op minsk. De besmetting fan de bûlpest bart troch de flieëen fan de rôt. De baktearje kin him ek yn it bloed fermearderje dit liedet ta sepsis en ynterne bliedingen. Yn dat stadium is de pasjint sa slim siik dat er nea wer better wurde kin, útsein as er mei yntraveneuze antybioatika starten wurdt.

Pestepidemyen yn it ferline.

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it begjin fan de jiertelling hat der sprake west fan in pestepidemy. De sykte waard faak betize mei de pokken of oare deadlike epidemyen. Ek yn it âlde Sina waarden epidemyen fermelden. Wissichheid oer de diagnoaze is út de klassike beskriuwing net te krijen.

Iuwenlang hiene de minsken gjin aan hân wêr’t de pest weikaam. Wie it it wetter, besmette loften, fergif of in straf fan god? Godstsjinstige dwepers tochten troch selskastijing de duvel en dêrmei de pest út te driuwen. Se gienen heal neaken oer strjitte wylst se harsels mei de swipe joegen.

De snaffeldokter

Troch de Joadske reinigingswetten waarden joaden minder gau siik. Ek brûkten de joaden gjin wetter út de iepenbiere putten. Dêrtroch waarden se derfan fertocht dat se it wetter yn iepenbiere putten fergiftige hienen. Benammen de Joadske wyk fan Straatsburch foel hiel bot op. Dêr waard mar 5 persint fan de minsken siik.

Dat wie te tankjen oan de Joadske arts Balavignus dy’t de reinigingswetten konsekwint trochfierde. Ynstee de maatregels fan Balavignus oer te nimmen waard hy krekt salang martele oant hy bekende de wetterputten fergiftige te hawwen. Hjirnei binne in soad pogroms útfierd yn hiel Jeropa. Der wienen mear as 10.000 Joadske slachtoffers. Yn de stêden Bazel, Frankfurt, Straatsburch en Keulen waard de Joadske befolking alhiel útrûge.

In skoftlang hawwe minsken ek tocht dat de pest ferspraat waard troch bedoarne en besmette loft. Yn de strjitte baarnden se tûnen mei pik, bytiden ek krûden. De reek moast de besmette loft ferdriuwe. Fan de 16e iuw ôf ferskynden der pesthuzen dêr't pestlijers ûnderbrocht waarden, faak mei leproaspasjinten en gekken. De pesthuzen stienen faak bûten of oan de râne fan de stêd, dêrmei woene se de siken ôfsûnderje fan de oaren. De pestlijers waarden fersoarge troch in pestmaster, ek wol snaffeldokter neamd. In pestmaster droech in lange jas mei in masker dat like op in pinguinbek. Dit masker wie fold mei krûden om de kweade dampen tsjin te gean. De dokters behannelen de minsken troch switkueren, ierlittingen en klysma’s te jaan. Ek snijden se de bûlen wol fuort. Dit helle allegear neat út, it gie om in baktearje, mar omdat bytiden minsken wol better waarden gie men troch mei de behanneling.

Sinleaze maatregels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Artsen en it bestjoer wie machteleas, dôchs kundige men hieltyd nije maatrigels of. Alles basearre op ferkearde ferûnderstellingen. Sa moast der yn Amsterdam yn 1534 oan elts hûs dêr't in pestslachtoffer wie, seis wike lang in bosk strie hingje. Op dy manier koene foarbygongers sjen dat dêr in pestlijer west hie. Yn 1602 waarden prommen, spinaazje en komkommers ferbean en mocht men de blêden fan woartels en radizen net bewarje. Men tocht dat de besmetting har dêrop hechtsje soe.

Minsken fan wa't it CCR5 gen mutearre is, troch it ûntbrekken fan 32 basispearen yn it DNA, binne resistint foar it HIV-firus. Minsken dy’t net mei de pest besmet waarden wienen ek troch dit gen beskerme.

Molkefamkes wienen net fetber foar de pest. Edward Jenner observearre dizze famkes en konkludearre dat se ymmún wienen trochdat se al earder in myldere fariant fan kowepokken hân hienen. In eksperimint op in noch sûne jonge befêstige dizze hypoteze en sa is it earste faksin ûntstien.

Yn de Fryske taal is it wurd 'pesten' ôflaat fan 'earne de pest yn hawwe'. Dit betsjut dat men tige boas wêze kin oer eat. Eartiids waard dit ôfkoarte troch earne de P oer yn te hawwen. Se wienen doe fan miening datst net spotte mochtst mei de pest.