Springe nei ynhâld

Underwiis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skoalle)
Skoalle wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: skoalle (betsjuttingsside).

Underwiis of ûnderrjocht is it proses fan it doelberet oerbringen fan witten, feardichheden of stânpunten troch in learaar oan in learling.

Foar in part wurdt ûnderwiis dien troch de opfieders, benammen dy feardichheden dêr't in bern oanslúting by de maatskippij mei krije kin, wêrûnder it kommunisearjen. Foar in oar part wurdt it jûn troch leararen yn ûnderwiisynstellings. Dit giet benammen om de feardichheden en it witten dy't nedich binne om in plak te finen yn de maatskippij. Learlingen binne net altiten bern; it formele ûnderwiis kin sa lang duorje dat de learlingen yntusken folwoeksen wurde, en ek letter kin keazen wurde foar it folgjen fan ûnderwiis om winske of easke feardichheden oan te learen.

Nederlân hat in tal fan typen fan ûnderwiis: