Springe nei ynhâld

Hannel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Te keap)
In merk yn Meksiko.

Hannel of kommersje (fan it Latynske commercium fia it Midfrânske commerce) is de oerdracht fan eigendom fan dingen of tsjinsten fan 'e iene persoan of organisaasje oan 'e oare, yn ruil foar jild of foar oare dingen en/of tsjinsten. In systeem dat sokke oerdrachten tastiet of fasilitearret wurdt yn 'e ekonomy in merk neamd (net te betiizjen mei merk yn 'e sin fan in spesifike gearkomste foar it bedriuwen fan hannel). In hannelsproses tusken twa partijen wurdt bilaterale hannel neamd, wylst sa'n proses dêr't trije of mear partijen oan dielnimme, bekendstiet as multylaterale hannel. Immen dy't oan hannel docht is in keapman of hanneler, en produkten dy't ferhannele wurde, binne hannelswaar, keapwaar of negoasje. It politike systeem dat basearre is op frije hannel is it kapitalisme.

De oarspronklike foarm fan hannel wie ruilhannel, wêrby't guod en tsjinsten rjochtstreeks útwiksele waarden tsjin oar guod en oare tsjinsten. Dat systeem funksjonearre op guon plakken yn Jeropa oant djip yn 'e Midsiuwen en yn oare parten fan 'e wrâld noch folle langer. Yn 'e Aldheid begûn op guon plakken lykwols ien partij yn 'e hannel al ealmetalen (goud, sulver, brûns, koper) te brûken om foar it guod of de tsjinsten fan 'e oare partij te beteljen. De oare partij koe sokke ealmetalen dan letter brûke om der sels wer guod of tsjinten foar te keapjen. Fan gefolgen ûntstie der in proses fan keap en ferkeap, wêrby't de betelling troch de iene partij en it fertsjinjen troch de oare partij barde mei jild. De útfining fan jild (earst muntjild en letter ek papierjild, kredyt en digitaal jild) soarge foar in sterke ferienfâldiging fan it hannelsproses en dêrtroch ek foar in groei fan 'e wrâldwide hannel.

Hannel in Danzig yn 'e santjinde iuw.

Hannel bestiet tanksij de spesjalisaasje en ferdieling fan arbeid, wêrby't de measte minsken har talizze op mar in lyts aspekt fan 'e produksje fan guod of tsjinsten, dat se lykwols brûke om hannel te driuwen foar oare dingen dêr't se ferlet fan hawwe. Sa besjoen docht frijwol eltsenien oan hannel: wurknimmers, bygelyks, 'ferkeapje' harren arbeid tsjin betelling fan lean, dat se dêrnei brûke om yn har eigen nedichheden te foarsjen. En eltsenien dy't wolris wat kocht hat yn 'e supermerk, hat dielnommen oan it hannelsproses. Op wrâldskaal bestiet hannel tusken ferskillende regio's om't sokke ferskillende regio's in (wier of inkeld oannommen) komparatyf foardiel hawwe by de produksje fan beskate dingen (lykas lânbouprodukten). Regearings fan lannen dy't datoangeande yn it neidiel binne, lizze faak ymportbeheinings op oan produkten út sokke regio's om 'e eigen produsinten tsjin 'e bûtenlânske konkurrinsje te beskermjen. It ôfskaffen fan sokke ymportbeheinings hjit frijhannel.

Der wurdt gauris ûnderskie makke tusken gruthannel en detailhannel. Yn 'e gruthannel wurde produkten ferkocht oan 'e detailhannel en/of oan yndustriële ûndernimmings, ynstellings of oare gruthannels, wylst de detailhannel him taleit op 'e ferkeap fan produkten oan yndividuële klanten. Dat lêste wurdt faak dien fanút in fêste lokaasje dy't in winkel, boetyk, kiosk of warehûs neamd wurdt. Oare foarmen fan detailhannel binne (ferpleatsbere) merkkreammen, postoarderbedriuwen (dy't de ferkeap fia in postaal systeem dogge) en webshops (dy't har produkten oer it ynternet ferkeapje).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.