Nikolaj Karamzin, folút Nikolaj Michajlovitsj Karamzin (Russysk: Никола́й Миха́йлович Карамзи́н, 1 (12) desimber 1766, Michajlovka22 maaie (3 juny) 1826, Sint-Petersburch) wie in Russysk skriuwer, kritikus en histoarikus.

Nikolaj Karamsin

Karamzin hat as skriuwer in protte ynfloed hân op de Russyske taal, om't er tal fan âld-Slavyske foarmen út it Russysk helle en nije, faak oan westerske talen ûntliende, wurden, dêr foar yn it plak brûkte. Hy yntrodusearre it sentimintalisme yn Ruslân.

Skiedkundige

bewurkje seksje

As skiedkundige besocht er op in wittenskiplike en metoadyske wize te wurkjen yn pleats fan, sa't faak wenst wie, allinnich kroniken oer it barren yn in beskate tiid te sammeljen. Fan 1808 oant 1818 wurke er oan syn 'Skiednis fan de Russyske steat'. Hy ferdigene de autokrasy en feroardiele de Frânske Revolúsje. Dochs wie er wol in liberaal tinker yn it doetiidsk Ruslân.

De astroïde 3719 Karamzin, ûntdutsen troch de astronoom Lyudmila Chernykh yn 1976, is nei him neamd.

In ûnfolsleine list fan syn wurk:

  • De earme Liza, 1792
  • Brieven fan in Russysk reizger. Oer syn reizen troch Dútslân, Frankryk, Switserlân en Ingelân. 1791-1792
  • Aglaia, ferhalen, 2 dielen, 1794
  • It Panteon, samling fan priuwkes fan wurk fan bekende skriuwers oerset yn it Russysk
  • Twa oades op tsaar Aleksander I, 1801
  • Skiednis fan de Russyske steat. 12 dielen, 1818-1822.

Keppelings om utens

bewurkje seksje