1 augustus
datum
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 1 augustus | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 |
<< | Augustus | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | |||
5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 |
12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 |
19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 |
26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | |
2024 |
1 augustus is de 213e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 214e). Der folgje noch 152 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
bewurkje seksje- 1403 - It Brabânske lien Breda komt troch it houlik fan Jehanna fan Polanen mei Ingelbrecht I fan Nassau yn it besit fan it Hûs Nassau. Ek grutte lânerijen yn oare parten fan Brabân en yn Hollân komme oan 'e Nassaus. Dit is it begjin fan 'e bân fan it Dútske Hûs Nassau mei de Nederlannen.
- 1674 - In tornado teheisteret de stêd Utert; it skip fan 'e Domtsjerke stoart yn, mei as gefloch dat de toer folslein los fan it koar komt te stean. Ek de Piterstsjerke rekket slim skansearre.
- 1714 - Mei it ferstjerren fan keninginne Anne einiget yn Grut-Brittanje it regear fan it Hûs Stuart.
- 1793 - De earste lingte fan 'e meter wurdt yn Frankryk wetlik fêstlein.
- 1874 - Under de Ekspedysje nei de Black Hills, dy't útfierd wurdt troch it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, wurdt yn 'e Black Hills, op lân dat hillich is foar de Lakota-Yndianen, goud fûn. Dit hat de Goudkoarts fan de Black Hills ta gefolch.
- 1976 - Sluting fan 'e Olympyske Simmerspullen yn Montreal.
- 2007 - De 150e edysje fan 'e PC wurdt holden yn Frjentsjer.
Berne
bewurkje seksje- 126 - keizer Publius Helvius Pertinaks fan it Romeinske Ryk († 193)
- 1410 - greve Jan IV fan Nassau-Dillenburg († 1475)
- 1495 - Jan van Scorel, Nederlânsk keunstskilder († 1562)
- 1809 - William Barret Travis, Amerikaansk militêr († 1836)
- 1819 - Herman Melville, Amerikaansk skriuwer († 1891)
- 1893 - Yme van der Meer, Aldste persoan fan Fryslân († 2001)
- 1913 - Cees Egas, Frysk politikus († 2001)
- 1914 - Ru Clevering, Nederlânsk politikus († 2013)
- 1930 - Karoly Grosz, premier fan Hongarije († 1996)
- 1931 - Cor van der Gijp, Nederlânsk fuotballer († 2022)
- 1934 - Gerrit Krol, Nederlânsk skriuwer en dichter († 2013)
- 1936 - Yves Saint Laurent, Frânsk moade-ûntwerper († 2008)
- 1948 - David Gemmell, Ingelsk skriuwer († 2006)
- 1962 - Gertjan Verbeek, Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrener
- 1963 - Coolio, Amerikaansk rapper († 2022)
- 1976 - Gerard Boersma, Frysk keunstskilder
- 1991 - Veronica Rodriguez, Fenezolaansk pornoaktrise
Ferstoarn
bewurkje seksje- 1137 - kening Loadewyk VI fan Frankryk (* 1081)
- 1190 - greve Floaris III fan Hollân (* 1139)
- 1592 - Hessel fan Aysma, Frysk jurist en steatsman (* 1527/1528)
- 1903 - Calamity Jane, Amerikaansk froulik pionier (* 1852)
- 1987 - Wytze Brandsma, Frysk letterkundige (* 1903)
- 2016 - Harrie Langman, Nederlânsk ekonoom en politikus (* 1931)
- 2018 - Hannie van Leeuwen, Nederlânsk politika (* 1926)
- 2020 - Wilford Brimley, Amerikaansk akteur (* 1934)
25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 1 augustus | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|