9 augustus
datum
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 augustus | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 |
<< | Augustus | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | |||
5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 |
12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 |
19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 |
26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | |
2024 |
9 augustus is de 221e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 222e). Der folgje noch 144 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
bewurkje seksje- 378 - Yn 'e Slach by Adrianopel lijt it Romeinske leger in swiere nederlaach tsjin 'e Westgoaten, dy't sjoen wurdt as it begjin fan 'e delgong fan it Westromeinske Ryk.
- 1138 - In swiere ierdbeving treft de Syryske stêd Aleppo, mei likernôch 230.000 deaden ta gefolch.
- 1483 - De Sikstynske Kapel yn it Fatikaan wurdt offisjeel ynwijd.
- 1559 - Willem fan Oranje wurdt steedhâlder fan Hollân en Seelân.
- 1842 - Troch it sluten fan it Webster-Ashburton Ferdrach wurdt it ferrin fan 'e grins fêstlein tusken de Feriene Steaten en de Britske koloanjes dy't letter Kanada foarmje sille.
- 1910 - De Noarske ûntdekkingsreizger Roald Amundsen set mei syn skip de Fram ôf út Kristiania, mei as bestimming Antarktika.
- 1942 - De Britsk-Yndyske aktivist Mahatma Gandhi wurdt arrestearre..
- 1945 - Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wurdt de twadde Amerikaanske atoombom op 'e Japanske stêd Nagasaki smiten. Der falle 39.000 oant 80.000 deaden.
- 1969 - Yn 'e Amerikaanske stêd Los Angeles fine de Tate-moarden plak, wêrby't 6 minsken ombrocht wurde. Yn har wente oan Cielo Drive yn 'e wyk Hollywood wurdt de acht en in heale moanne swiere aktrise Sharon Tate, de frou fan regisseur Roman Polanski, mei trije fan har freonen en in tafallige omstanner fermoarde troch trije leden fan 'e Manson Family, de sekte fan Charles Manson. Har ûnberne poppe wurdt neitiid as it sechsde slachtoffer telt.
- 1986 - De Ingelske band Queen jout syn lêste konsert mei Freddie Mercury, yn Boedapest.
- 1992 - Sluting fan 'e Olympyske Simmerspullen yn Barseloana.
Berne
bewurkje seksje- 1603 - Johannes Coccejus, Dútsk-Nederlânsk teolooch en filosoof († 1669)
- 1722 - Augustus Willem fan Prusen, Prusysk prins († 1758)
- 1885 - Clément van Maasdijk, Nederlânsk fleander en loftfeartpionier († 1910)
- 1910 - Nuttert Timmerman, Frysk bestjoerder yn 'e draafsport († 1981)
- 1913 - John Fernhout, Nederlânsk filmer en fotograaf († 1987)
- 1919 - Joop den Uyl, premier fan Nederlân († 1987)
- 1920 - Tormod Skagestad, Noarsk skriuwer en dichter († 1997)
- 1920 - Eddy de Jongh, Nederlânsk fotograaf († 2002)
- 1923 - Gerrit Kouwenaar, Nederlânsk dichter en skriuwer († 2014)
- 1937 - Renato Longo, Italjaansk hurdfytser († 2023)
- 1941 - Anne Huitema, Frysk byldzjend keunstner
- 1946 - Rinus Gerritsen, Nederlânsk bassist
- 1953 - Kay Stenshjemmet, Noarsk reedrider
- 1963 - Whitney Houston, Amerikaanske sjongster († 2012)
- 1970 - Stacy Valentine, Amerikaansk pornoaktrise
- 1976 - Rhona Mitra, Ingelsk aktrise
- 1980 - Gijs Naber, Nederlânsk akteur
Ferstoarn
bewurkje seksje- 1625 - Marcus Lycklama à Nijeholt, Frysk politikus, abbekaat en rjochtsgelearde (* 1573)
- 1763 - Jan Althuysen, Frysk skriuwer (* 1715)
- 1817 - hartoch Leopold III Freark Frâns fan Anhalt-Dessau (* 1740)
- 1854 - Oerwinnende Bear (Conquering Bear), opperhaad fan 'e Lakota (* 1800)
- 1877 - Sybrand van Beyma, Frysk politikus en jurist (* 1812)
- 1903 - Onno Klopp, Eastfrysk skiedkundige (* 1822)
- 1969 - Sharon Tate, Amerikaansk aktrise (* 1943)
- 1975 - Dmitri Sjostakovitsj, Russysk komponist en pianist (* 1906)
- 1995 - Ann Flower, Aldste persoan fan Nederlân (* 1885)
- 2000 - Edzo Hendrik Waterbolk, Frysk skiedkundige (* 1915)
- 2001 - Abe Bonnema, Frysk arsjitekt (* 1926)
- 2009 - Tony Feitsma, Frysk taalkundige en publisiste (* 1928)
- 2022 - Raymond Briggs, Ingelske berneboekeskriuwer (* 1934)
- 2022 - Nicholas Evans, Ingelsk skriuwer (* 1950)
2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 augustus | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|