Easterein
| |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2017) | 964 | ||||
Webstee | Webstee Easterein |
Easterein is in Frysk doarp dat midden yn 'e Greidhoeke leit en diel útmakket fan 'e gemeente Súdwest-Fryslân. Foarôfgeande oan 'e gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hearde it ta Littenseradiel, en foar de weryndieling fan 1984 lei it yn Hinnaarderadiel. It sintrum fan it doarp hat de status fan beskerme doarpsgesicht. Easterein wurdt ek wol it filmdoarp neamd, om't it yn ferskate films as dekôr tsjinne hat. Opfallend yn 'e buorren wiene eartiids de wipbrêgen dy't no ferfongen binne troch fêste stiennen brêgen. Oan de westkant fan it doarp is yn de jierren '90 noch in nijbouwyk komd. Op 1 jannewaris 2017 hie Easterein 964 ynwenners. De plaknamme 'Easterein' is yn 1991 offisjeel yn it Frysk fêststeld.
Bouwurken
bewurkje seksjeIt meast opfallend yn it doarp is de Martinytsjerke. De tsjerke is foar it meastepart midsiuwsk (13e iuw) en hat de âldste (1400) sakristy fan Fryslân. Fierder falt de seldsume kreake út 1554 mei ryk houtfykwurk út de tiid fan de rennêssânse op. Yn de tsjerke sit ek noch in hearebank út de 17e iuw.
It eardere (gereformearde) tsjerkegebou yn it doarp, wurdt as wenning mei keunstromte brûkt. Tsjerke is iepen op oanfraach, en eltse freed fan 13:30 oant 17:00 (mrt-okt)
Súdlik fan it doarp stiet de Rispenserpoldermûne, in oarspronklik ut 1821 datearjende grûnsiler.
Mienskip
bewurkje seksjeEasterein hat in nij multyfunksjoneel sintrum. Hast alle ferienings út it doarp sitte dêryn, lykas pjutteboartersplak De Poaskepôle en keatsferiening. Sa kinne sport, kultuer, soarch en wolwêzen alle kanten op. Mei útsûndering alle tsjerkelike aktiviteiten, dizze fine plak yn de romte fan de monumintale Martinytsjerke. It gebou is net geskikt foar gelegenheden fan persoanlike aard (feestkes, begraffenissen ensfh.). Yn 2000 binne de earste plannen betocht. Yn 2005 binne de finansjele saken regele. It gebou is betelle mei subsydzje en bydragen fan ferienings, en Tsjerke hat 150.000 euro stoart. Ek de bewenners fan Easterein ha meiholpen.
Der is fierders in basisskoalle, dêr't ek de bern fan Hidaard hinne geane. Sporthal De Greidhoeke is sûnt 1977 de sportlokaasje foar de ferienings út it doarp en fan 'e eardere gemeente Littenseradiel. Nije ynwenners krije fan Doarpsbelang it ynformaasjeboekje 'Hâld Faasje'. Yn 1995 ferskynde in boekje oer Easterein.
Op de fjirde woansdei fan july wurdt yn Easterein de troch it KNKB organisearre Jong-Feintepartij ferkeatst.
Ferienings
bewurkje seksje- De Tsjerne - jeugdhonk
- Wilhelmina - muzykferiening
- Keatsferiening Easterein
- Oranje en It Heitelân - oranjeferiening
- Fuort mar los - toaniel
- Kaart en biljertklup manlju
- T.D.K.K.O.'e.K. (troch de knibbels kin op e keu)- biljertklup froulju
- De Spearders - darten
- KF Easterein - keatsen
- ODI - gymnastyk
- Fuotbalferiening SDS
- COVOS - Follybalferiening
Berne
bewurkje seksje- Herman Ridderbos (1909-2007), predikant, teolooch en heechlearaar
- Oepke Noordmans (1871-1956), dûmny en Nederlânsk teolooch
- Marten L. de Boer (1940-2002), learaar, dûmny, skriuwer
- Andries Joustra (1919-1944), fersetsstrider omkaam yn Kamp Vught
Befolking
bewurkje seksjeStrjitten
bewurkje seksje't Heechhiem, 't Kleaster, A Joustrastrjitte, De Ljits, De Singel, De Streek, Dobbelân, Eeskwert, Fabrykswei, Foarbuorren, Grieneleane, Hofsleane, It Risplân, Koaifinne, Meilahuzen, Populiereleane, Sibadawei, Sjaardaleane, Skilplein, Skippersbuorren, Skoallestrjitte, Skrok, Smidslân, Stittenserleane, Tsjerkebuorren, Van Eijsingaleane, Vrijburg, Wynserdyk.
Sjoch ek
bewurkje seksjeGalery
bewurkje seksje-
Toer Martinitsjerke
-
Ynterieur Martinitsjerke
-
Doksaal Martinitsjerke
-
Doksaal Martinitsjerke
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |