- 45 f.Kr. - De Juliaanske kalinder wurdt ynfierd.
- 1801 - De earste planetoïde, Ceres wurdt ûntdutsen.
- 1901 - De 5 Britske koloanjes op it Australyske fêstelân wurde mei Tasmaanje gearfoege ta it Mienebêst Austraalje, dat selsbestjoer kriget binnen it Britske Ryk.
- 1973 - Denemark, Ierlân en it Feriene Keninkryk wurde lid fan de Europeeske Mienskip.
- 1981 - Grikelân wurdt lid fan de Europeeske Mienskip.
- 1984 - Yn Fryslân wurdt in yngeande gemeentlike weryndieling útfierd. Hjirby wurde de gemeenten Baarderadiel, Barradiel, Doanjewerstâl, Dokkum, Drylts, East-Dongeradiel, Frjentsjer, (âld) Frjentsjerteradiel, Gaasterlân, Haskerlân, Hylpen, Himmelumer Aldefurd, Hinnaarderadiel, Idaerderadiel, Raerderhim, Sleat, Starum, Utingeradiel, Warkum, West-Dongeradiel en (âld) Wymbritseradiel opheft. Dêr komme de nije gemeenten Boarnsterhim, Dongeradiel, (nij) Frjentsjerteradiel, Gaasterlân-Sleat, Littenseradiel, Nijefurd, Skarsterlân en (nij) Wymbritseradiel foar yn 't plak. Ek de besteande gemeenten It Bilt, Dantumadiel, Ferwerderadiel, Harns, It Hearrenfean, Lemsterlân, Ljouwert, Ljouwerteradiel, Smellingerlân, Snits, Tytsjerksteradiel en Wûnseradiel ûndergeane grinskorreksjes. Allinnich Achtkarspelen, It Amelân, Boalsert, Eaststellingwerf, Flylân, Kollumerlân, Menameradiel, Opsterlân, Skiermûntseach, Skylge en Weststellingwerf bliuwe folslein ûnoanroerd troch de weryndieling.
- 1986 - Spanje en Portugal wurde lid fan de Europeeske Mienskip.
- 1986 - Flevolân wurdt de 12e provinsje fan Nederlân.
- 1986 - Arûba skiedt him ôf fan de Nederlânske Antillen en giet fierder as in autonoom lân yn it Keninkryk der Nederlannen.
- 1995 - De Wrâldhannelsorganisaasje wurdt stifte.
- 1995 - Eastenryk, Finlân en Sweden wurde lid fan de Europeeske Uny.
- 1997 - De offisjele namme fan de provinsje Fryslân wurdt troch de Provinsjale Steaten fan Fryslân feroare fan Friesland nei Fryslân.
- 2001 - By in brân yn in kafee yn Foalendam ferstjerre fjirtsjin minsken.
- 2002 - Yn Belgje, Dútslân, Eastenryk, Finlân, Frankryk, Grikelân, Ierlân, Itaalje, Lúksemboarch, Nederlân, Portegal en Spanje wurdt de Euro as wettich betelmiddel ynfierd.
- 2007 - Bulgarije en Roemeenje komme by de Jeropeeske Uny.
- 2007 - Sloveenje nimt de Euro as wettich betelmiddel.
- 2008 - Malta en Syprus nimme de euro as wettich betelmiddel.
- 2009 - Slowakije nimt de euro as wettich betelmiddel.
- 2009 - Yn de Jeropeeske Uny wurdt it metryk stelsel ynfierd.
- 2009 - Yn Dantumadiel wurde alle strjittenammen Frysktalich.
- 2011 - Yn 'e Súdwesthoeke fan Fryslân fynt in yngeande gemeentlike weryndieling plak. De gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits, Wymbritseradiel en Wûnseradiel wurde dêrby feriene ta de nije gemeente Súdwest-Fryslân.
- 2011 - Estlân komt by de Eurosône.
- 2011 - Bonêre, Saba en Sint Eustaasjes nimme de Amerikaanske dollar as wettich betelmiddel.
- 2014 - By in gemeentlike weryndieling yn Fryslân wurde de gemeenten Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân gearfoege ta de nije gemeente De Fryske Marren. Tagelyk wurdt ek de gemeente Boarnsterhim opheft; it grûngebiet dêrfan wurdt ferdield ûnder Ljouwert, Súdwest-Fryslân, It Hearrenfean en De Fryske Marren.
- 2014 - Letlân nimt de euro as wettich betelmiddel.
- 2015 - Litouwen nimt de euro as wettich betelmiddel.
- 1431 - paus Aleksander VI († 1503)
- 1774 - André Marie Constant Duméril, Frânsk biolooch en anatoom († 1860)
- 1834 - Gerrit Vlaskamp, Frysk túnarsjitekt († 1906)
- 1863 - Pierre de Coubertin, Frânsk sportbestjoerder, stifter fan de moderne Olympyske spullen († 1937)
- 1878 - Edwin Franko Goldman, Amerikaansk komponist, dirigint en kornettist († 1956)
- 1879 - E.M. Forster, Ingelsk romanskriuwer († 1970)
- 1881 - Carry van Bruggen, Nederlânsk skriuwster († 1932)
- 1919 - J.D. Salinger, Amerikaansk skriuwer († 2010)
- 1942 - Klaas Dankert, Frysk politikus († 2024)
- 1946 - Rick Hurst, Amerikaansk akteur
- 1947 - Klaas Hendrikse, Nederlânsk predikant († 2018)
- 1951 - Hossein Hamadani, Iraansk generaal († 2015)
- 1956 - Christine Lagarde, Frânsk politika
- 1965 - Elizabeth Haydon, Amerikaansk skriuwster
- 1966 - Nikolaj Gûljajev, Russysk reedrider
- 1969 - Christi Paul, Amerikaansk ferslachjouster, nijslêzeresse en sjongster
- 1971 - Alina Cho, Amerikaansk ferslachjouster en nijslêzeresse
- 1980 - Ariana, Amerikaansk pornoaktrise
- 1988 - Nelufar Hedayat, Ingelsk sjoernaliste en dokumintêremakster
- 1992 - Anna-Jet Leyenaar, Frysk fierljepster
- 1894 - Heinrich Hertz, Dútsk natuerkundige (* 1857)
- 1968 - Eeltsje Boates Folkertsma, Frysk skriuwer en bibeloersetter (* 1893)
- 1972 - Bé Nijenhuis, Frysk skriuwer en sjoernalist (* 1914)
- 1991 - Charles B. Timmer, Nederlânsk skriuwer en dichter (* 1907)
- 1998 - Åke Seyffarth, Sweedsk reedrider (* 1919)
- 2010 - Jaap de Vries, Frysk yllustrator en skriuwer (* 1961)
- 2014 - Herman Pieter de Boer, Nederlânsk skriuwer, lietsjeskriuwer en sjoernalist (* 1928)
- 2014 - Josep Seguer, Spaansk fuotballer (* 1923)
- 2016 - Annie de Reuver, Nederlânsk sjongster (* 1917)
- 2016 - Sytse ten Hoeve, Frysk tsjerkekenner, skied- en geakundige en museumdirekteur (* 1945)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|