Hossein Hamadani
Hossein Hamadani (Perzysk: حسىن همدانى; Hamadān, 1 jannewaris 1951 – Aleppo, 7 oktober 2015) wie in foaroansteand Iraansk generaal, dy't sûnt de Islamityske Revolúsje fan 1979 yn it Iraanske leger opklom ta in hege posysje yn 'e Revolúsjonêre Garde. Hamadani focht û.m. yn 'e Koerdyske Opstân en de Iraansk-Iraakske Oarloch. Yn 2015 sneuvele er ûnder de Syryske Boargeroarloch yn 'e striid tsjin 'e terroristen fan 'e saneamde Islamityske Steat.
Hossein Hamadani | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | حسىن همدانى ("Hossein Hamadani") | |
nasjonaliteit | Iraansk | |
berne | 1 jannewaris 1951 | |
berteplak | Hamadān (Iraan) | |
stoarn | 7 oktober 2015 | |
stjerplak | Aleppo (Syrje) | |
etnisiteit | Perzysk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1970 – 2015 | |
yn tsjinst fan | Keizerryk Iraan (1970-79) Islam. Rep. Iraan (1979-2015) | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Revolúsjonêre Garde (1979-2015) | |
heechste rang | generaal-majoar | |
konflikt(en) | Koerdyske Opstân Iraansk-Iraakske Oarloch Syryske Boargeroarloch | |
ûnderskiedings | Oarder fan Fath (2x) |
Libben en wurkpaad
bewurkje seksjeHamadani waard yn 1951 berne yn 'e westlike Iraanske stêd Hamadān. Sûnt 1970 tsjinne er yn it Iraanske leger. Hy ûnderskate him yn 1979 by it delslaan fan 'e Koerdyske Opstân dy't útbriek nei de Islamityske Revolúsje wêrby't de sjah ôfset wie. Neitiid klom er fierder op ûnder de Iraansk-Iraakske Oarloch fan 1980-1988, wêrby't er û.m. in nije, kommunistyske opstân yn Iraansk-Koerdistan de kop yndrukte.
Yn 2005 waard Hamadani beneamd ta pleatsferfangend kommandant fan 'e Revolúsjonêre Garde, it tige ynfloedrike elite-ûnderdiel fan it Iraanske leger. Yn 'e mande mei generaal Mohammed Ali Djafari wie Hamadani oan 'e earen ta behelle yn it smoaren fan it folksprotest yn Iraan nei de ferkiezings fan 2009. Fan 2009 oant 2014 stied er oan it haad fan it Rassûlollah Korps fan 'e Revolúsjonêre Garde, mei it befel oer de Iraanske haadstêd Teheran en omkriten. Sûnt 14 april 2011 wiene der ynternasjonale sanksjes tsjin him persoanlik fan krêft fanwegen syn rol yn 2009.
Hamadani wie de auteur fan in autobiografy wêrfan't de titel oerset wurde kin as Broer, It Is in Plicht. Yn 2015 waard er útstjoerd nei Syrje, dêr't er as adviseur tsjinje moast foar it mei Iraan befreone, mar troch ûnderskate groepen opstannelingen yn it nau brochte rezjym fan diktator Basjar al-Assad. Teffens stie Hamadani oan it haad fan it Quds Detasjemint fan 'e Revolúsjonêre Garde, dat yn 'e Syryske Boargeroarloch aktyf militêre operaasjes ûndernaam ta stipe fan it Syryske regearingsleger. Op 7 oktober 2015 kaam Hamadani om yn 'e Syryske stêd Aleppo, by in oanfal troch de terroristyske opstannelingebeweging Islamityske Steat.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Artikel oer de dea fan Hossein Hamadani yn 'e Daily Mail
- (dú) Artikel oer de dea fan Hossein Hamadani yn Der Spiegel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |