Hubert Humphrey
Hubert Humphrey (folút: Hubert Horatio Humphrey jr.; Wallace (Súd-Dakota), 27 maaie 1911 – Waverly (Minnesota), 13 jannewaris 1978), wie in Amerikaansk politikus fan mingd Amerikaansk-Noarsk etnysk komôf, dy't fan 1965 oant 1969 ûnder it presidintskip fan Lyndon B. Johnson as fise-presidint fan 'e Feriene Steaten tsjinne. Teffens siet er jierrenlang yn 'e Amerikaanske Senaat foar syn thússteat Minnesota, wied er yn 1968 de kandidaat fan 'e Demokratyske Partij by de presidintsferkiezings, dy't er lykwols ferlear oan syn Republikeinske rivaal Richard Nixon.
Hubert Humphrey | ||
politikus | ||
echte namme | Hubert Horatio Humphrey jr. | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 27 maaie 1911 | |
berteplak | Wallace (Súd-Dakota) | |
stjerdatum | 13 jannewaris 1978 | |
stjerplak | Waverly (Minnesota) | |
etnisiteit | Ingelsk Noarsk | |
partij | Demokratyske Partij | |
prizen | Pres. Frijheidsmedalje 1980 | |
Fise-presidint fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 1965 – 1969 | |
foargonger | Lyndon B. Johnson | |
opfolger | Spiro Agnew | |
Amerikaansk senator foar Minnesota (2) | ||
amtsperioade | 1971 – 1978 | |
foargonger | Eugene McCarthy | |
opfolger | Muriel Humphrey | |
Amerikaansk senator foar Minnesota (1) | ||
amtsperioade | 1949 – 1964 | |
foargonger | Joseph H. Ball | |
opfolger | Walter Mondale | |
Boargemaster fan Minneapolis | ||
amtsperioade | 1945 – 1948 | |
foargonger | Marvin L. Kline | |
opfolger | Eric G. Hoyer |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeHumphrey waard yn 1911 berne yn Wallace, yn 'e steat Súd-Dakota, as de soan fan Hubert Horatio Humphrey sr., in apteker, winkelman en lokaal politikus, en Ragnild Kristine Sannes, in dochter fan Noarske ymmigranten. Hy brocht it grutste part fan syn jonkheid troch yn Doland (Súd-Dakota), dêr't syn heit gemeenteriedslid en letter boargemaster wie. Fanwegen de finansjele swierrichheden dêr't syn âldelju yn 'e Krisisjierren ûnder te lijen krigen, moast er de Universiteit fan Minnesota al nei ien jier ferlitte. Sadwaande behelle er doe syn aptekersdiploma oan it Capitol College of Pharmacy te Denver (wêrby't er in stúdzje dêr't twa jier foar stie yn seis moanne ôfrûne), en holp doe fan 1931 oant 1937 syn heit yn 'e apteek. Yn 1934 krige er gedoente mei Muriel Buck, in boekhâldster, mei wa't er yn 1936 troude. Hja krigen fjouwer bern: Hubert Horatio Humphrey III, Nancy, Robert en Douglas.
Iere politike karriêre
bewurkje seksjeMei't er as apteker syn aai net rjocht kwyt koe, kearde er, doe't it slimste fan 'e Grutte Depresje foarby wie, werom nei de universiteit. Fan 1937 oant 1940 studearre er earst oan 'e Universiteit fan Minnesota, yn Minneapolis en Sint-Paul, dêr't er in bachelorstitel yn politikology behelle, en doe oan 'e Steatsuniversiteit fan Louisiana, te Baton Rouge, dêr't er ek noch in masterstitel fertsjinne en teffens wurksum wie as dosint. Under de Twadde Wrâldoarloch kearde Humphrey werom nei Minnesota, dêr't er yn ferskate funksjes as amtner wurke, en dêrnjonken perfester yn 'e politike wittenskippen wie oan it Macalester College. Yn 1943 besocht er om 'e nocht boargemaster fan Minneapolis te wurden. It jiers dêrop wied er ien fan 'e oprjochters fan 'e Minnesota Democratic-Farmer-Labor Party (DFL), in fúzje fan 'e Demokratyske Partij yn Minnesota en de Minnesota Farmer-Labor Party. Yn 1945, doe't er by de boargemastersferkiezings fan Minneapolis de kandidaat fan 'e DFL wie, wûn er it fan syn Republikeinske tsjinstanner mei 61% fan 'e stimmen. Humphrey tsjinne fan 1945 oant 1948 as boargemaster fan Minneapolis.
Yn 1948 waard syn útstel ta beëiniging fan eltse foarm fan rasseskieding opnommen yn it ferkiezingsprogramma fan 'e lanlike Demokratyske Partij, en datselde jiers waard er keazen ta lid fan 'e Amerikaanske Senaat. Dêr fertsjintwurdige er Minnesota fan 1949 oant 1964, wêrby't er fan 1961 oant 1964 de lieder wie fan 'e Demokratyske senaatsfraksje. As senator brocht er it yn 1961 troch presidint John F. Kennedy oernommen inisjatyf oan om it Fredeskorps op te rjochtsjen, in organisaasje dy't jonge Amerikanen holp en oantrune om nei harren stúdzje en foarôfgeande oan harren karriêre in pear jier as frijwilligers yn ûntwikkelingslannen te wurkjen. Teffens hied er in grut oandiel oan it skriuwen fan 'e Boargerrjochtewet fan 1964, wêryn't de gelikense behanneling fan blanken en swarten fêstlein en rasseskieding ferbean waard. Oan 'e oare kant die Humphrey ek it – net oannommen – útstel om it lidmaatskip fan 'e Kommunistyske Partij ta in misdriuw te meitsjen.
Fise-presidintskip
bewurkje seksjeNei de moard op John F. Kennedy, yn 1963, folge dy syn fise-presidint, de Teksaan Lyndon B. Johnson, him op as presidint. Johnson makke de termyn fan Kennedy fol sûnder eigen fise-presidint, mar foar de ferkiezings fan 1964 moast om in running mate omsjen, en mei't er de stipe fan 'e noardlike Demokraten brek wie, frege er Humphrey dêrfoar, ek al leine de beide mannen inoar oars net. Humphrey, dy't twaris (yn 1952 en yn 1960) om 'e nocht besocht hie om 'e Demokratyske presidintskandidaat te wurden, griep dy kâns mei beide hannen oan as in opstapke nei it presidintskip. Johnson en hy wûnen de ferkiezings fan 1964 mei oermacht, en fan 1965 oant 1969 wie Humphrey de 38ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten.
Benammen troch de slepende Amerikaanske dielname oan 'e Fjetnamoarloch keldere de populariteit fan it regear-Johnson yn 'e twadde helte fan 'e sechstiger jierren. Dat gie sa bot dat Johnson by de ferkiezings fan 1968 de foar Amerikaanske begripen skokkende beslissing naam om him as sittende presidint dy't noch in termyn regearje mocht, werom te lûken út 'e foarferkiezings. Normaal sprutsen soe Humphrey, as de sittende fise-presidint, yn sa'n sitewaasje in útsûnderlik goed útgongspunt hawwe om 'e Demokratyske foarferkiezings en de dêropfolgjende eigentlike presidintsferkiezings te winnen, mar troch it trelit tusken foarstanners fan 'e oarloch en anty-oarlochsaktivisten wie de Demokratyske Partij tsjin dy tiid sa tesplintere rekke, dat der fjouwer ûnderskate kampen bestiene wêrfan't net ien de kandidaat fan 'e oaren stypje woe. Humphrey hie der klauwen oan om 'e Demokratyske nominaasje yn 'e wacht te slepen (as Robert Kennedy, syn wichtichste rivaal, net yn juny 1968 fermoarde wie, hied er dat nei alle gedachten net oprêden), en by de presidintsferkiezings moast er it ôflizze tsjin 'e Republikein Richard Nixon.
Lettere jierren en dea
bewurkje seksjeNeitiid kearde Humphrey werom nei Minnesota, dêr't er les joech oan 'e Universiteit fan Minnesota en Macalester College, en foarsitter wie fan 'e rie fan bestjoer fan adviseurs fan 'e Encyclopædia Brittanica Educational Corporation. Yn 1971 kearde er werom yn 'e Senaat, dêr't er syn sit behold oant syn dea yn 1978, en de posysje fan tydlik fise-foarsitter beklaaide (1976-1978). Op 13 jannewaris 1978 kaam Hubert Humphrey thús, te Waverly, yn Minnesota, yn 'e âlderdom fan 66 jier te ferstjerren oan blaaskanker. Syn frou Muriel Buck Humphrey folge him op as ynterim-senator foar Minnesota, oant der in tuskentiidske ferkiezing organisearre wurde koe. Dêrby stelde hja har net ferkiesber. Yn 1981 wertroude se mei in Max Brown, mar nei har ferstjerren, yn 1998, mei 86 jier, waard se njonken har earste man begroeven.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en External links, op dizze side.
|