Kollumer Aldsyl
Kollumer Aldsyl is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Kollumerâldsyl leit oan de N358, de Wâlddyk benoarden Kollum en oan in ôfsniene meander fan it Dokkumer Grutdjip, it Ald Dokkumerdjip, eastlik fan de oansluting fan de Nije Swemmer op it Grutdjip.
De namme komt ek foar as Kollumeroudzijl (nei de oanlis fan de Lauwersmarwei), Collumerzyl, Collumerzijl en Collumzyl.
Ein 2013 krige Kollumerâldsyl plaknammebuorden.[1] Oant 1 jannewaris 2019 hearde de buorskip by de gemeente Kollumerlân, dy't doe opgien is yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|