Lyts Midhuzen is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Lyts Midhuzen leit noardeastlik fan Dokkum, súdlik fan Jouswier en noardwestlik fan Ie, tusken Grut Midhuzen en Eastrum. De kearn fan de bebouwing leit om de T-splitsing fan Winia's Reed en de Grienewei.

Dy twa wegen ferbine him mei de buorskip Grut Midhuzen. Mei-inoar wurde de twa ek wol oantsjut as Midhuzen, as ien mienskip. De twa wurde lykwols meastal as aparte buorskippen sjoen. Lyts Midhuzen falt ûnder Ie. Ek de bebouwing justjes fierderop oan de Grienewei rjochting Eastrum wurdt ek wol by Lyts Midhuzen rekkene, om't dy ek ûnder Ie falt.

De buorskip Lyts Midhuzen is wierskynlik wat letter ûntstean as Grut Midhuzen. Doe't dy yn 1491 neamd waard, waard der nammentlik fan Mydhusum sprutsen. Dy plaknamme soe derop wize kinne dat it in buorren wie dy't yn it midden (mid) lei, wierskynlik tusken Jouswier en Ie.  

Yn 1664 wie der wol sprake fan Cl. Medhuysen en ek fan Grut Medhuysen, wêrút blykt dat der doe wol sprake wie fan de buorskip. Yn 1718 waard de buorskip neamd as Kleyn Medhuysen en 1768 as Kl.  Medhuisen. Yn 1899 sprekt men fan it mienskiplike plak Medhuizen, dat wol ûnderferdield waard yn Lyts en Grut Medhuizen.  

It taheakjen 'lyts' en 'grut' oan de plaknammen wiist derop dat de iene lytser en de oare grutter wie. Lyts Midhuzen is anno 2019 noch altyd wat lytser as Grut Midhuzen. Lyts Midhuzen lei oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 yn de eardere gemeente East-Dongeradiel. Dêrnei foel it oant 2019 ûnder de gemeente Dongeradiel, wêrnei't dy opgie yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

  Noardeast-Fryslân  
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
  ·   ·