Sealtsjerke
In sealtsjerke is in rjochthoekich tsjerkegebou dat ienbeukich oftewol ienskippich is. Faak waard in rûne nis, de apsis neamd, oanbrocht, dêr't it alter stie. Yn de romanogotyk wie de alterromte meastal rjocht wylst dy yn de gotyk mearhoekich wie.
In foarbyld fan in sealtsjerke is de Terptsjerke yn Akkrum.
De protestantske earetsjinst, dy't yn de rin fan de 16e iuw opkaam, hie ferlet fan sealtsjerken omdat dêrby de preek sintraal stie en dus de sichtberheid fan de dûmny fan grut belang wie. In soad iere protestantske tsjerken, lykas dy yn IJzendijke, binne as sealtsjerke útfierd. Ek nei de Frânske tiid, doe't der in soad wettersteatstsjerken foar de herfoarmen boud waarden, waarden dy as sealtsjerke boud. Sokke tsjerkjes komme út de earste helte fan de 19e iuw. In foarbyld is it Van Goghtsjerkje yn Nuenen.
De measte moderne tsjerken, protestantske èn roomske, binne faak as sealtsjerke boud.
Sjoch ek
bewurkje seksje- Basilikaal, in middenbeuk mei boppe de sydbeuken útriizjende finsters
- Basilyk
- Pseudobasilyk, legere sydbeuken as it finsterleaze middenskip
- Halletsjerke, in gebou mei trije (hast) like hege beuken