Smellingerlân (Nederlânsk en offisjeel: Smallingerland) is in gemeente yn it easten fan Fryslân. Op 1 jannewaris 2024 hie dizze gemeente 56.626 ynwenners (boarne:CBS). Smellingerlân hat in oerflak fan 126,17 km², wêrfan 7,93 km² wetter.

Smellingerlân

De nije Drachtsterfeart yn Drachten.
flagge wapen

Wapen fan Smellingerlân
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemaster Jan Rijpstra (VVD)
sifers en geografy
haadplak Drachten
grutste plak Drachten
ynwennertal 56.626(1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 472,3 / km²
oerflak 126,17 km²
● wêrfan lân 118,24 km²
● wêrfan wetter 7,93 km²
tal doarpen 14
ferkearsieren A7, A31, N381
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij Smellingerlân
oar
netnûmer 0512, 0566
postkoade 8497, 9201–9223
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.smallingerland.nl

Het gebiet fan Smellingerlân hat sûnt de lêste iistiid altyd bewenne west, sa hat bliken dien út fynsten fan de Peinder dokter Johannes Siebinga. De namme "Smellingerlân" komt fan it plak Smelle Ie, dêr't al foar 1326 in kleaster wie, dat lang it wichtichste plak yn de omkriten waard. Yn 1392 waard al sprutsen fan "Smellingheradele in de Leppa", mei Smelle Ie as sit fan de grytman.

Archeologysk ûndersyk hat oan it ljocht brocht dat der in migraasje fan westlik Smellingerlân nei eastliker dielen west hat. Itselde ferskynsel hat plak fûn yn Opsterlân en Tytsjerksteradiel. Yn de Kraanlannen en de Flearbosk binne spoaren fan (fersprate) bewenning fûn en ek de ôfgroeven terpkes Klûsewier en Komwier tsjûgje fan mear bewenning foar de 15e iuw. Ynklinking fan fean, sâltwinning út leechfean en tichtslykjen fan de Middelsee sille de oarsaak west hawwe fan it hieltyd wieter wurden fan it westlik part fan Smellingerlân. Yn de perioade 1150-1250 binne der dan ek tsjerken op de eastliker, hegere, grûnen stifte.

Yn de midsiuwen hearde Smellingerlân, de meast súdlike grytenij fan Eastergoa, ta it bisdom Utert. Yn de striid tusken Skieringers en Fetkeapers wie Smellingerlân by de lêsten oansluten en hat it in soad te lijen hân fan plonderingen. De reformaasje sette hjir fral troch nei it ynnimmen fan Grins yn 1594.

Yn de 17e iuw wie it haadplak Aldegea. Yn dy iuw, yn 1641, waard ek de Drachtster kompanjonsfeart groeven, as in feanfeart. De ferfeanting wie gjin súkses, mar waard wol trochset en troch de feart krige dat gebiet in stimulâns, dêr't de flekke Drachten út fuort kaam, it hjoeddeiske haadplak.

De gritenij Smellingerlân waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de Gemeentewet fan Thorbecke. By de gemeentlike weryndieling fan 1984 stie Smellingerlân it súdlike diel fan De Alde Feanen ôf oan 'e nije gemeente Boarnsterhim.

It haadplak is de flekke Drachten, en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldegea, Boarnburgum, Drachtster Kompenije, De Feanhoop, Goaiïngahuzen, De Houtigehage, Koartehimmen, Nyegea, De Pein, De Rottefalle, Smelle Ie, De Tike en De Wylgen.

Op 'e grins fan Tytsjerksteradiel en Smellingerlân leit in mar fan 300 bunder. De mar wurdt De Leijen neamd.

Smellingerlân is in foar it meastepart Frysktalige gemeente. It is foar 60% fan de ynwenners de memmetaal. Foar it Nederlânsk jild dit foar 34%, it Stellingwerfsk 2% en it Stedsk 2%. De oare 2% fan de ynwenners hat in útlânske taal as memmetaal.[1]

De gemeenteried fan Smellingerlân bestiet út 31 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018:

partij ferkiezings 2018[2] ferkiezings 2022[3]
% sitten % sitten
ELP 19,3 7 12,5 4
KristenUny 13,2 4 13,6 4
CDA 12,9 4 14,2 5
PvdA 11,4 4 11,9 4
Smell. Belang 9,1 3 9,0 3
VVD 7,8 2 8,2 3
SP 7,0 2 9,5 3
D66 6,6 2 6,9 2
GrienLinks 6,5 2 7,1 2
FNP 3,6 1 5,2 1
oare partijen 0,0 0 1,8 0
ûnjildich & blanko 0,5 - 0,5 -
opkomst/totaal sitten 61,2% 31 53,8% 31

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. * Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 274. ISBN 9789001779047
  2. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022, s. 27.
  3. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022, s. 27.
  • P. van Schaik, J. J. Spahr van der Hoek (red), Geschiedenis van Smallingerland. De Tille, Ljouwert. 1976
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Smallingerland fan Wikimedia Commons.
             Provinsje Fryslân
 
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
  ·   ·  
  Smellingerlân  
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaBoarnburgumDrachtenDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen:
BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren
  ·   ·