The Observer (Ingelsk foar "De Waarnimmer") is in Britske sneinskrante, dy't oprjochte waard yn 1791. Dizze publikaasje, dy't yn 2021 syn 230-jierrich bestean fierde, is de âldste sneinskrante fan 'e wrâld. The Observer is in polityk linkse krante, dy't yn 'e measte maatskiplike kwestjes in sosjalistyske of alteast progressive opiny op 't aljemint bringt. Yn 1993 waard The Observer oankocht troch de Guardian Media Group, dy't ek de troch-de-wykse krante The Guardian en it wykblêd The Guardian Weekly útjout.

The Observer
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
taal Ingelsk
sjenre sneinskrante
frekwinsje wyks
bestean 1791 – no
oprjochter W.S. Bourne
plak haadred. Londen (Ingelân)
útjouwer Guardian Media Group
oplaach 136.656 (2021)
ISSN 0029-7712
(ynternasj. edysje: 9976-1971)
offisjele webside
www.theguardian.com/observer

The Observer waard yn 1791 oprjochte troch W.S. Bourne as wrâlds earste sneinskrante. De earste edysje kaam út op 4 desimber fan dat jier. Bourne miende dat er in gat yn 'e merk fûn hie en dat syn krante him ta in ryk man meitsje soe. Ynstee siet er al rillegau oan kop en earen ta yn 'e skulden. Om út 'e reade sifers te kommen, besocht er The Observer te ferkeapjen oan it Britske regear. Dat slagge net, mar it regear woe de krante wol mei subsydzjes oerein hâlde, yn ruil foar ynfloed oer de ynhâld. Sa waard The Observer in konservatyf kanaal foar oerheidspropaganda tsjin radikalen lykas Thomas Paine, Francis Burdett en Joseph Priestley.

Njoggentjinde iuw

bewurkje seksje

Yn 1814 ferkocht Bourne The Observer oan William Innell Clement, dy't ek ferskate oare kranten en tydskriften útjoech. Ek dêrnei gie de subsidiëarring troch de oerheid troch. Yn 1819 bestie de oplaach út likernôch 23.000 eksimplaren, wêrfan't lykwols 10.000 weijûn waarden oan abbekaten, dokters en oare notabelen, yn 'e hope dat se in abonnemint nimme soene. Om dyselde snuorje hinne begûn The Observer in ûnôfhinkliker opstelling yn te nimmen. Sa utere de krante krityk op 'e rol fan 'e Britske oerheid yn it Bloedbad fan Peterloo (1819) yn Manchester, en waard yn 1820 in rjochterlike útspraak yn 'e wyn slein om gjin bysûnderheden te printsjen oer it proses tsjin 'e gearspanners fan Cato Street, dy't neffens de oanklacht fan doel west hiene om leden fan it Britske kabinet te fermoardzjen.

The Observer bleau eigendom fan Clement oant syn ferstjerren yn 1852. Yn dy tiid stipe de krante parlemintêre herfoarmings, mar kante er him oan tsjin algemien kiesrjocht foar manlju. Nei't Lewis Doxat, dy't fan 1807 ôf haadredakteur west hie, yn 1857 mei pinsjoen gie, ferkochten de erven Clement The Observer oan Joseph Snowe, dy't behalven útjouwer sels ek haadredakteur waard. Under syn bewâld naam de krante in liberaal stânpunt yn. Dat utere him û.o. troch stipe foar it Noarden yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) om't de Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika wegeren de slavernij ôf te skaffen, en, fan 1866 ôf, oantrúnjen op algemien kiesrjocht foar manlju. Dy posysjes wiene op dat stuit net botte populêr ûnder de hegere maatskiplike klassen dêr't de measte lêzers ta hearden, en se laten dan ek ta in ynkrimping fan 'e oplaach.

Yn 1870 waard The Observer oankocht troch de rike sakeman Julius Beer, dy't Edward Dicey oanstelde as haadredakteur. It krewearjen fan dy lêste soarge derfoar dat de oplaach wer oanwoeks. Beer syn soan Frederick krige yn 1880, by it ferstjerren fan syn heit, it eignerskip fan 'e krante yn 'e hannen, mar hy hie der net folle belangstelling foar en liet it spul oan Dicey oer, dy't haadredakteur bleau oant 1889. Hy waard ferfongen troch Henry Duff Traill, dy't nei twa jier, yn 1891, it fjild romje moast foar Frederick syn eigen frou, Rachel Beer, in telch út 'e famylje Sassoon. Hoewol't de oplaach wer ynkromp ûnder har haadredakteurskip, bleau se oant 1903 oan en kombinearre se it fan 1893 ôf mei it haadredakteurskip fan The Sunday Times, nei't dy troch har man oankocht wie.

Tweintichste en ienentweintichste iuw

bewurkje seksje

Doe't Frederick Beer yn 1903 ferstoar, waard The Observer oerdien oan krantemagnaat Alfred Harmsworth, 1e boarchgreve Northcliffe. Dyselde stelde yn 1908 James Louis Garvin oan as haadredakteur. Under Garvin waard The Observer ta in kanaal foar de útoefening fan politike ynfloed makke, mei as gefolch dat de oplaach binnen in jier oanwûn fan 5.000 ta 40.000 eksimplaren. Dat súkses maskearre lykwols oanboazjende deilisskip tusken Garvin en Northcliffe, dy't yn 1911 kulminearre yn 'e ferkeap fan 'e krante troch Northcliffe oan William Waldorf Astor. Dyselde makke yn 1915 syn soan Waldorf Astor, 2e boarchgreve Astor ta eigner. De Astors lieten Garvin syn gong gean en ûnder syn liederskip berikte The Observer yn 'e earste helte fan it Ynterbellum in oplaach fan 200.000 eksimplaren. Under de Grutte Depresje koe dat net fierder útwreide wurde, mar Garvin krewearre derfoar om it yn elts gefal net ynkrimpe te litten.

Yn polityk opsjoch stipe The Observer ûnder it haadredakteurskip fan Garvin de Konservative Partij, wat him lang om let yn konflikt brocht mei de trêde generaasje fan 'e famylje Astor, yn 'e persoan fan David Astor, dy't der liberale politike opfettings op nei hold. De rûzje dy't sadwaande ûntstie, droech by oan it opstappen fan Garvin yn 1942. Dêrnei naam The Observer de foar in Britske krante tige ûngebrûklike stap om himsels ûnpartijich te ferklearjen. It eignerskip gie yn 1948, by de dea fan boarchgreve Astor, oer op syn soannen, fan wa't David doe haadredakteur waard. Hy behold dy funksje 27 jier en liet yn dy tiid grutte nammen foar syn krante skriuwe, ûnder wa George Orwell en C.A. Lejeune. By de Suëzkrisis fan 1956 wie The Observer de earste Britske krante dy't de Britske ynminging yn Egypte feroardiele, in prinsipiële stap dy't in protte abonnees koste.

Yn 1977 ferkocht de famylje Astor The Observer, tsjin dy tiid in needlijende publikaasje, oan 'e Amerikaanske oaljemaatskippij Atlantic Richfield (no ARCO), dy't him yn 1981 trochferkocht oan Lonrho. Yn juny 1993 waard de krante oankocht troch de de Guardian Media Group, de útjouwer fan The Guardian, ien fan 'e wichtichste Britske deiblêden. Ek konkurrint The Independent hie belangstelling, mar fiske efter it net.

Yn 1990 waard Farzad Bazoft, in korrespondint foar The Observer, yn Irak troch it rezjym fan Saddam Hoessein terjochtsteld as in spion (wat er neffens de krante net wie). Yn 2003 stipe The Observer de Amerikaanske ynfal yn Irak as "de iennichste kâns" op "in duorjende frede".

Yn 2007 wûn The Observer by de Britske Parseprizen de priis yn 'e kategory nasjonale krante fan it jier. Yn 2010 waard de lay-out fan The Observer hielendal yn in nij jaske stutsen.

Hjoeddeistige sitewaasje

bewurkje seksje

The Observer wurdt útjûn troch de Guardian Media Group, dy't ek de troch-de-wykse krante The Guardian en it wykblêd The Guardian Weekly útjout. Oars as yn it ferline hat The Observer no in progressive, polityk linkse opstelling, wêrby't de opiny fan 'e krante yn 'e measte sosjale kwestjes lykop giet mei dy fan 'e Britske Labourpartij. De krante hie yn 2021 in oplaach fan krapoan 137.000 eksimplaren. Behalven de Britske edysje wurdt The Observer ek yn in ynternasjonale edysje publisearre. Dêrnjonken wurdt ynhâld út 'e krante opnommen yn The Guardian Weekly, dy't ek om utens ferspraat wurdt.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.