1956
jier
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1951 | 1952 | 1953 | 1954 | 1955 | 1956 | 1957 | 1958 | 1959 | 1960 | 1961 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1956 MCMLVI |
Ab urbe condita | 2709 |
Armeenske kalinder | 1405 ԹՎ ՌՆԵ |
Etiopyske kalinder | 1948 – 1949 |
Hebriuwske kalinder | 5716 – 5717 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2011 – 2012 |
- Shaka Samvat | 1878 – 1879 |
- Kali Yuga | 5057 – 5058 |
Iraanske kalinder | 1334 – 1335 |
Islamityske kalinder | 1376 – 1376 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4652 – 4653 壬未 – 癸申 |
1956 is in skrikkeljier dat begjint mei in snein. (Gregoriaanske kalinder foar 1956.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1950-er jierren.
Foarfallen
bewurkje seksje- 1 jannewaris - Sûdaan wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk en Egypte.
- 5 jannewaris - Earste NTS-sjoernaal op 'e Nederlânske tillefyzje.
- 26 jannewaris-5 febrewaris - De Olympyske Winterspullen wurde holden yn Cortina d'Ampezzo, yn Itaalje.
- 14 febrewaris - By de Alfde Alvestêdetocht komme Jan J. van der Hoorn, Aad de Koning, Jeen Nauta, Anton Verhoeven en Maus Wijnhout as earsten oer de einstreek yn in tiid fan 8 oeren en 46 minuten. Om't dielde oerwinnings troch de Feriening De Fryske Alve Stêden nei 1940 ferbean wiene, wurde hja lykwols net as winners erkend. Offisjeel is der by dizze Alvestêdetocht gjin winner.
- 10 maart - Aartsbiskop Makarios III, de lieder fan it anty-koloniale ferset yn 'e Britske koloanje Syprus, wurdt troch de Britten ferballe nei in oare Britske koloanje, de Seysjellen.
- 20 maart - Tuneezje wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 2 april - Begjin fan 'e Amerikaanske soapsearje As the World Turns.
- 7 april - Marokko wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 14 april - De earste demonstraasje fan 'e fideorecorder troch Ampex, in Amerikaanske produsint.
- 19 april - Yn Monako wurdt it houlik sletten fan prins Reinier III en de Amerikaanske aktrise Grace Kelly.
- 15 juny - Yn Dokkum wurdt Sikehûs De Sionsberch iepene.
- 28 juny - Yn 'e Poalske stêd Poznań brekt in opstân út ûnder arbeiders. Dy wurdt noch deselde jûns delslein troch it Poalske leger, wêrby't 50 oant 80 arbeiders deade wurde.
- 30 juny - By de fleanramp boppe de Grand Canyon komme in Douglas DC-7 fan United Airlines en in Lockheed L-1049 Super Constellation fan TWA boppe de Grand Canyon, yn 'e Amerikaanske steat Arizona, mei-inoar yn botsing. Alle 128 ynsittenden fan beide fleantugen litte dêrby it libben.
- 26 july - De Egyptyske presidint Gamal Abdel Nasser kundiget de nasjonalisearring fan it Suëzkanaal oan. Dit liedt ta de saneamde Suëzkrisis, om't it Feriene Keninkryk en Frankryk dizze gong fan saken net akseptearje.
- 24 augustus - Yn Nederlân wurdt de Greet Hofmans-affêre ôfsletten.
- 23 oktober - Yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest rint in grutte demonstraasje út op in folksopstân tsjin 'e Sovjet-oerhearsking: it begjin fan 'e Hongaarske Opstân fan 1956.
- 24 oktober - De earder yn ûngenede fallen Imre Nagy wurdt troch de Hongaarske opstannelingen wer ta premier makke.
- 29 oktober - De Suëzkrisis liedt ta de Suëzoarloch: Israelyske troepen falle Egypte binnen.
- 31 oktober - Yn it ramt fan 'e Suëzoarloch falle it Feriene Keninkryk en Frankryk Egypte oan.
- 1 novimber - It Reade Leger falt it opstannige Hongarije binnen.
- 4 novimber - Sovjet-troepen slane nei 13 dagen mei grou geweld de Hongaarske Opstân del. Tûzenen Hongaren flechtsje nei it Westen. Premier Imre Nagy moat ôftrede. János Kádár foarmet in nij regear, dat trou is oan 'e Sovjet-Uny.
- 6 novimber - Yn it ramt fan 'e Suëzoarloch lânje Britske en Frânske troepen yn Egypte en feroverje de havenstêd Port Saïd.
- 22 novimber-8 desimber - De Olympyske Simmerspullen wurde holden yn Melbourne, yn Austraalje.
- 23 novimber - Yn in resolúsje dêr't sawol de Feriene Steaten as de Sovjet-Uny foar stimme, easket de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes dat Israel, it Feriene Keninkryk en Frankryk fuortendaliks en sûnder betingsten de Suëzoarloch beëinigje en al harren troepen út Egypte weromlûke.
- 2 desimber - Fidel Castro keart út Meksikaanske ballingskip werom nei Kuba en begjint dêr in guerriljastriid tsjin it bewâld fan diktator Fulgencio Batista.
- 3 desimber - It Feriene Keninkryk en Frankryk jouwe belies ûnder swiere druk fan û.m. de Feriene Steaten, en beslute ta de weromlûking fan harren troepen út Egypte.
- 21 desimber - Nei 381 dagen liedt de Busboycot fan Montgomery einlings ta de desegregaasje fan it iepenbier ferfier yn 'e Amerikaanske stêd Montgomery (Alabama).
- 22 desimber - De lêste Britske en Frânske troepen ferlitte Egypte, wêrmei't in ein komt oan 'e belutsenens fan dy beide lannen by de Suëzoarloch.
Berne
bewurkje seksje- jannewaris
- 13 - Jan Schulting, Fryske fuotballer en fuotbaltrener
- 24 - Adri de Boer, Fryske trûbadoer
- 28 - Cornelis van der Wal, Fryske skriuwer
- febrewaris
- 17 - Jarich Hoekstra, Fryske skriuwer en oersetter
- 29 - Geartsje Douma, Fryske skriuwster
- maart
- 7 - Nico Dros, Nederlânske skriuwer
- 12 - Steve Harris, Ingelske bassist
- 13 - Dana Delany, Amerikaanske aktrise
- 26 - Gene Bervoets, Flaamske akteur
- april
- 26 - Bert Swart, Nederlânsk politikus († 2017)
- maaie
- 16 - Ernst Langhout, Fryske muzikant († 2024)
- 17 - Bob Saget, Amerikaanske komyk, akteur en presintator († 2022)
- juny
- 14 - Popke van der Zee, Fryske learaar, toanielakteur en oersetter († 2020)
- 14 - King Diamond, Deensk sjonger
- 29 - Ale S. van Zandbergen, Frysk skriuwer
- july
- 5 - Beart Oosterhaven, Frysk dichter, oersetter en publisist
- 6 - Joop Atsma, Frysk politikus en bestjoerder
- 31 - Theo Douma, Frysk hûsdokter, sjonger en lietsjeskriuwer († 2011)
- augustus
- 13 - Atte Jongstra, Frysk skriuwer, ssayist en resinsint
- septimber
- 6 - Nop de Graaf, Mei-grûnlizzer Kameleondoarp Terherne († 2022)
- 10 - Debby Petter, Nederlânsk kabaretiêre, aktrise en nijslêzeresse
- 30 - Frank Löwik, Twintsk histoarikus en skriuwer († 2009)
- oktober
- 12 - Trần Đại Quang Fjetnameesk president († 2018)
- 19 oktober - Marijke Jongbloed, Frysk dokumintêremakster († 2016)
- 21 - Carrie Fisher, Amerikaansk aktrise († 2016)
- 31 - Roberto Malone, Italjaansk pornoakteur
- novimber
- 3 - Gijs de Lange, Nederlansk akteur († 2022)
- 5 - Bert Wagendorp, Nederlânsk skriuwer en sjoernalist
- 12 - Jannes van der Wal, Frysk dammer († 1996)
- 14 - Peter R. de Vries, Nederlânske misdieferslachjouwer († 2021)
- 20 - Bo Derek, Amerikaansk aktrise
- desimber
- 12 - Johan van der Velde, Nederlânsk hurdfytser
- 15 - Piet Paulusma, Frysk waarman († 2022)
- 16 - Auke Herrema, Frysk yllustrator en cartoonist
- 23 - Dave Murray, Ingelsk gitarist
- datum ûnbekend
- Eerde Schippers, Frysk arsjitekt
- april - Jack Campbell, Amerikaansk skriuwer
Ferstoarn
bewurkje seksje- jannewaris
- 5 - Hartman Sannes, Frysk skiedkundige en publisist (* 1890)
- febrewaris
- 5 - Oepke Noordmans, Frysk predikant en teolooch (* 1871)
- maart
- 26 - François Jaffrennou, Bretonsk dichter en aktivist (* 1879)
- 28 - Hein van der Vliet, Frysk amateur-archeolooch (* 1890)
- juny
- 18 - Tjipke Postma, Frysk skipper en folksdichter (* 1866)
- augustus
- 27 - Roelof Hommema, Frysk roeier (* 1904)
- septimber
- 26 - Jouke Annes Bakker, Frysk politikus (* 1873)
- datum ûnbekend
- Louis Coues Page, Amerikaansk útjouwer (* 1869)
Films
bewurkje seksje
Jierren: | 1951 | 1952 | 1953 | 1954 | 1955 | 1956 | 1957 | 1958 | 1959 | 1960 | 1961 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|