Amerikaanske marter
Amerikaanske marter | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Martes americana | ||||||||||||
Turton, 1806 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Amerikaanske marter (wittenskiplike namme: Martes americana) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), it skaai fan 'e marters (Martes) en it lyknammige ûnderskaai fan 'e marters (Martes), dêr't ek de beamotter (Martes martes) en de stienmurd (Martes foina) ta hearre, dy't yn Fryslân foarkomme. De Amerikaanske marter is lânseigen yn it grutste diel fan Kanada en Alaska en yn beheinde dielen fan 'e legere achtenfjirtich Feriene Steaten. Dit bist dielt in part fan syn ferspriedingsgebiet mei in oare martersoarte, de fiskmarter (Pekania pennanti), mar is dêrfan te ûnderskieden trochdat er lytser fan stal en ljochter fan kleur is.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Amerikaanske marter is lânseigen yn it grutste part fan Kanada, mar hy ûntbrekt yn 'e Arktyske Arsjipel, it noarden en easten fan 'e Noardwestlike Territoaria, it oergrutte part fan Nûnavût, noardeastlik Manitoba, noardwestlik en eastlik Nûnavik, de noardpunt fan Labrador, hiel Prins Edwardeilân, hiel Nij-Skotlân útsein it easten fan Cape Bretoneilân, it suden fan Nij-Breunswyk, Kebek en Ontario, de Grutte Flakten fan Manitoba, Saskatchewan en Alberta, en súdlik en súdwestlik Britsk-Kolumbia. Op it eilân Nijfûnlân is syn fersprieding fersnipele.
Bûten Kanada komt de Amerikaanske marter foar yn hast hiel Alaska, útsein it meastepart fan 'e Noarderbedelte, it Sewardskiereilân, de Yukon-Kuskokwimdelta, it Alaskaskiereilân, de Aleoeten en de Kodiakarsjipel. Op 'e measte eilannen fan 'e Alexanderarsjipel yn Súdeast-Alaska is de Amerikaanske marter troch de minske yntrodusearre. Yn 'e legere achtenfjirtich Feriene Steaten is it ferspriedingsgebiet fan 'e Amerikaanske marter beheind ta noardlik Maine, it Adirondackberchtme yn noardeastlik New York, de noardlike helte fan Opper-Michigan, it noardeasten fan Minnesota en de Rocky Mountains fan Montana.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Amerikaanske marter hat trochinoar in kop-romplingte fan 32–45 sm, mei in sturtlingte fan 13–23 sm en in gewicht fan 0,5-1,4 kg. Syn liif is lang en rank, mei koarte lidden en in plomsturt. De earen binne grut en rûn op in rûchwei trijehoekige kop mei in skerpe foarútstykjende snút. De lange, sidesêfte pels kin bleek gielich, kastanjebrún of hast swart wêze en alle kleurnuânses dêrtuskenyn. Op 'e kop is it hier yn 'e regel ljochter as op it liif, wylst it op 'e poaten en de sturt ornaris wat dûnkerder is. Amerikaanske marters hawwe in tige karakteristike bef op 'e kiel en it boarst dy't krêmkleurich oant feloranje fan kleur is. Der bestiet by dit bist in oansjenlike seksuële dimorfy, mei't mantsjes oant 15% grutter en oant 65% swierder wêze kinne as wyfkes. Fan oansjen is der lykwols gjin ferskil tusken mantsjes en wyfkes. De Amerikaanske marter dielt syn ferspriedingsgebiet mei in oare martersoarte, de fiskmarter (Pekania pennanti), mar is dêrfan te ûnderskieden trochdat er lytser en ljochter fan kleur is.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amerikaanske marters libje oer it algemien yn wâldbiotopen. Dêrby jouwe se de foarkar oan folwoeksen nullewâlden en mingde wâlden. Yn 'e Rocky Mountains komme se foar oant de beamgrins, mar net dêrboppe.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Amerikaanske marter is in territoriaal bist, mar de grutte fan syn territoarium rint sterk útinoar en hinget ôf fan geslacht, terreinsgesteldheid, de tichtens fan 'e begroeiïng, de oanwêzigens fan proaidieren en ferskate oare faktoaren. Lichemsgrutte hat lykwols gjin ynfloed op 'e grutte fan it territoarium. By in wittenskiplik ûndersyk út 1987 waard fêststeld dat mantsjes yn Maine in territoarium hiene fan trochinoar 0,1 km² (oftewol 10 ha) en yn Minnesota fan 15,7 km², wylst wyfkes yn Maine in territoarium ûnderholden fan yn trochsneed 0,1 km² en yn Wiskonsin fan 7,7 km². Amerikaanske marters sette har territoarium ôf troch geurflaggen te pleatsen, dy't oanbrocht wurde mei de anaalklieren sawol as troch te urinearjen. Territoaria fan folwoeksen mantsjes oerlaapje inoar net, mar tusken it territoarium fan in folwoeksen mantsje en dat fan in healwoeksen mantsje, tusken dat fan in mantsje en dat fan in wyfke en tusken dat fan wyfkes ûnderling kin oerlaping foarkomme.
Amerikaanske marters kinne simmerdeis wol 60% fan 'e tiid yn 't spier wêze, wylst se by 't winter faak mar 16% fan 'e tiid wat útfine. Se hawwe mar beheinde ûnderhûdske fetfoarrieden, en binne dêrom kwetsber foar waarmteferlies. Dat is dan ek de reden dat se winterdeis faak in grut diel fan 'e dei yn in ûnechte wintersliep trochbringe, wêrby't de lichemstemperatuer ferlege wurdt, wat in protte enerzjy útsparret. Ek in tsjûk sniedek, dat as isolaasjemateriaal foar syn hoale fungearret, helpt de Amerikaanske marter om waarmteferlies te beheinen. Amerikaanske marters binne gjin wiere dei- of nachtdieren, en se kinne sadwaande sawol deis as nachts aktyf wêze, ôfhinklik fan 'e beskikberheid fan proaien en de temperatuer. De ôfstân dy't se yn ien etmiel ôflizze, bedraacht trochinoar 900 m, mar kin yn ekstreme gefallen oprinne oant 14 km. Djippe snie hawwe Amerikaanske marters gjin swierrichheden mei; se binne lichtfuottich genôch om net mear as 5 sm yn wei te sakjen.
Folwoeksen Amerikaanske marters libje ornaris in solitêr bestean, behalven yn 'e peartiid, dy't yn july of augustus falt en foar wyfkes sa'n 2 wiken duorret. Beide geslachten binne dêrby polygaam en de wyfkes kinne ferskate perioaden fan tyldrift trochmeitsje. Trochdat de Amerikaanske marter in ferlingde draachtiid ken, wurdt de ymplantaasje fan it embryo opkeard oant de ein fan 'e winter, wêrnei't de wiere draachtiid likernôch in moanne duorret. Yn dy tiid makket it wyfke in hoale om yn te befallen, faak yn holle beammen, of ûnder beamwoartels, beamstobben of rotsen.
Ein maart of yn april smyt it wyfke dan in nêst fan 1–5 jongen, dy't mei 42 dagen ôfwûn wurde. Mei 50 dagen komme de jongen foar it earst út 'e hoale foar 't ljocht. Se bliuwe by de mem oant de ein fan harren earste simmer en sette dan hjerstmis op eigen manneboet ôf. Amerikaanske marters binne nei in jier geslachtsryp, hoewol't se yn 'e praktyk faak pas oan 'e fuortplanting dielnimme as se 2 jier âld binne. De libbensferwachting fan in Amerikaanske marter yn it wyld is op syn heechst 141/2 jier (sa't yn ien dokumintearre gefal fêststeld waard), al helje se dat yn 'e measte gefallen net. Yn finzenskip waard it âldste eksimplaar 15 jier.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amerikaanske marters binne opportunistyske rôfdieren, dy't ferlet hawwe fan sa'n 80 kaloryen deis. Harren dieet bestiet foar in grut part út wrotmûzen, hoewol't se ek wol gruttere proaien pakke, oant de Amerikaanske hazze (Lepus americanus) oan ta. De gongberste proaiesoarten binne foar de Amerikaanske marter lykwols reade wrotmûzen (Myodes) en fjildmûzen (Microtus). De hartemûs (Peromyscus maniculatus) wurdt lykwols wer folle minder iten as dat men op basis fan 'e grutte fersprieding ferwachtsje soe. It tinken is dat yn kustgebieten wierskynlik ek fisken in wichtich plak ynnimme op it menu fan 'e Amerikaanske marter. Yn 'e simmer is syn dieet folle ferskater as by 't winter. Sa frette er simmerdeis ek fruchten en oare fegetaasje en ynsekten.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amerikaanske marters binne kwetsber foar predaasje troch rôffûgels, lykas de keningsearn (Aquila chrysaetos), de see-earn (Haliaeetus leucocephalus) en de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus), wat nei alle gedachten de reden is dat se iepen plakken mije en safolle mooglik ûnder de beskutting fan beammen bliuwe. Oare natuerlike fijannen fan 'e Amerikaanske marter binne de reade lynks (Lynx rufus), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de poema (Puma concolor), de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), de grizzlybear (Ursus arctos horribilis), de grize wolf (Canis lupus), de prêrjewolf (Canis latrans), de foks (Vulpes vulpes) en de fiskmarter (Pekania pennanti).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Amerikaanske marter hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Hoewol't de populaasje troch bejaging (foar de tichte en sidesêft oanfielende pels) en it kapjen fan bosken ôfnommen is, komt de Amerikaanske marter noch altyd folle mear foar as de fiskmarter. De Nijfûnlânske beamotter, de Nijfûnlânske ûndersoarte fan 'e Amerikaanske marter, wurdt lykwols beskôge as bedrige.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne seis (stân fan saken anno 2023) erkende ûndersoarten fan 'e Amerikaanske marter (Martes americana):
- Nijfûnlânske beamotter (M. a. atrata)
- M. a. abieticola
- M. a. abietinoides
- M. a. actuosa
- M. a. americana
- M. a. kenaiensis
In eardere ûndersoarte, de Pasifyske marter (Martes caurina, foarhinne Martes americana caurina), wurdt no op basis fan nij DNA-ûndersyk erkend as selsstannige soarte. Ferskate oare eardere ûndersoarten fan 'e Amerikaanske marter wurde no as ûndersoarten fan 'e Pasifyske marter beskôge.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|