Springe nei ynhâld

Greefskippen fan Ingelân

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 feb 2022 om 11.13 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Bewurkings fan "114.125.10.214" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Wutsje".)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De tradisjonele greefskippen fan Ingelân.
Bestjoerlike greefskippen yn 1974.
Bestjoerlike greefskippen sûnt 1998.
Seremoniële greefskippen sûnt 1998.

Ingelân is al sûnt iuwen ferdield yn greefskippen (counties). In oantal bestjoersherfoarmingen fanôf de 19e iuw hat derfoar soarge dat it wurd "greefskip" wylens ferskate betsjuttingen hat.

Histoaryske/tradisjonele greefskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It yn it generaal oanfurdige systeem fan 39 tradisjonele greefskippen ûntstie tusken de 12e en 16e iuw, hoewol't de ôfbeakening fan in protte gebieten al folle âlder is. Dy gebieten binne yn de rin fan de tiid ynboargere rekke yn it ierdrykskundich referinsjeramt. Der is wat striderij oer de rol fan de wet fan 1844, dy't de greefskippen ferienfâldigje woe, troch it grutte oantal eksklaves te ferminderjen.

Bestjoerlike greefskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keazen county councils (greefskipsrieden) waarden yn Ingelân ynsteld yn 1888. Sy namen in protte bestjoerlike taken fan de Quarter Sessions-rjochtbanken oer, en krigen yn de rin fan de tiid mear foech. Nije gebieten waarden hjirfoar fêstlein; sy waarden administrative counties (bestjoerlike greefskippen) neamd. Dêr hearde ûnder oaren it Greefskip Londen ta, dat parten fan it histoaryske Kent, Middlesex en Surrey ûmfette. In protte histoaryske greefskippen – dy't lykwols net formeel opheft waarden – waarden opdield yn twa (Suffolk, Sussex, Northamptonshire, Hampshire en Cambridgeshire) of trije (Yorkshire, Lincolnshire) bestjoerlike greefskippen. De ûnôfhinklike county boroughs foelen net ûnder in bestjoerlik greefskip.

Yn 1965 feroare de County of Londen yn it "bestjoersgebiet" Grut Londen en slokte dêrby it grutste part fan wat oerbleaun wie fan Middlesex op. Oare countys fusearren doe ek.

Yn 1974 waard it folsleine lokale bestjoer reorganisearre. De county boroughs ferdwûnen, en de term administrative county ferfoel formeel — al wurdt er yn de praktyk noch hieltyd brûkt om ûnderskied te meitsjen tusken de tradisjonele en seremoniële counties. In protte nije counties waarden foarme, en oaren ferdwûnen. Der kaam in nije kategory metropolitan counties foar de seis grutte stedlike kontreien bûten Londen: Grut Manchester, Merseyside, Súd-Yorkshire, Tyne en Wear, West Midlands en West-Yorkshire.

Yn 1990 waard it lokale bestjoer wer herfoarme. Sûnt binne der in soad lytse unitary authorities (unitêre autoriteiten); feitlik distrikten mei greefskipsstatus.

Anno 2005 binne der 81 bestjoerlike greefskippen. Dêrfan binne der 34 shire counties mei elts in county council en ferskate district councils (gemeenterieden), 40 unitêre autoriteiten en seis metropolitan counties. Oer bliuwt Berkshire, dêr't de county council opheft is en de distrikten unitêre autoriteiten wurden binne, mar sûnder greefskipsstatus. Ta einbeslút is der noch Greater London.

Seremoniële greefskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dit binne de gebieten dêr't in Lord-Lieutenant it foar it sizzen hat. Sy komme sa'n bytsje oerien mei de bestjoerlike greefskippen fan 1974, mei in pear ôfwikingen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]