Joop Doderer
Joop Doderer | ||
akteur | ||
Joop Doderer yn No no Nanette | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Johan Heinrich Doderer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 28 augustus 1921 | |
berteplak | Felsen | |
stoarn | 22 septimber 2005 | |
stjerplak | Roelofarendsfean | |
prizen | Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Johan Heinrich (Joop) Doderer (Felsen, 28 augustus 1921 - Roelofarendsfean, 22 septimber 2005) wie in Nederlânsk akteur dy't ferneamd waard as de swalker Swiebertje yn de telefyzjerige mei deselde namme dy't tweintich jier lang troch de NCRV útstjoerd waard.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doderer waard berne yn in remonstrantske hûshâlding as soan fan in skoalmaster. Hy gie nei de HBS yn Amsterdam, krige toaniellessen fan Johan Schmidtz en sakke dêrnei foar it talittingseksamen foar de Amsterdamske Toanielskoalle; hy wie doe 18 jier. De legindaryske Cor van der Lugt Melsert naam Doderer oan as foluntêr by it Nederlânsk Toaniel, dêr't er debutearre yn Warenar. Om troch de tiid te kommen wurke Doderer deis as molkrider, roan er mei kranten en wie er oan 't wurk by de PTT. Doderer syn earste wiere rol wie yn oktober 1941 yn de film Madame Bovary (apotekersassistint Justin). Tsien dagen foar de premiêre moast er yn 't plak fan Fons Rademakers, dy't kielûntstekking skipe hie, spylje. Yn 1942 wegere Doderer him te melden by de Kultuerkeamer. Hy dûkte ûnder yn Stompetoren, sadat it earst dien wie mei de toanielkarriêre.
Nei de oarloch spile Doderer in soad yn kluchten en die er mei oan radioprogramma's. Hy waard ûntdutsen troch Wim Sonneveld yn 1953. Doderer wie jierrenlang by Sonneveld syn kabaret en waard fan 1958 ôf yn it hiele lân bekend. Dêr krige er ek kunde oan syn frou Conny Stuart. Harren houlik soe mar in pear jier duorje. Syn twadde houlik hat Doderer in dochter (Sandra) oan oerhâlden. Mei 52 jier troude Doderer treddens, no mei in famke fan 21, Esther de Jong. Mei har krige er twa bern (David en Barbara)
Swiebertje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1955 oant 1975 wie Doderer op telefyzje te sjen as Swiebertje. De earste ôflevering wie op 20 april 1955, en de lêste op 25 april 1975 (Swiebertje ferfarde nei Kanada). Yn 2001 joegen de Nederlânske telefyzjesjoggers de NCRV-searje de Signaal-priis foar it bêste telefyzjeprogramma yn 50 jier. Fan 2002 ôf waard Swiebertje op fideo en dvd útbrocht. By it oan fan de earst dvd-box yn 2003 ûntbleate Doderer in boarstbyld fan Swiebertje yn Oudewater; it wie in geskink fan de NCRV en de Bridge Entertainment Group, dy't de dvd's útbrocht. Doderer en syn freon en menedzjer Henk Bos krigen doe beide in kopy fan it byld.
De rol fan Swiebertje drige Doderer oermânsk te wurden (it saneamde Swiebertje-effekt), mar Doderer die mei oan tsientallen radio- en telefyzjeprogramma's en teaterfoarstellingen sa as My Fair Lady (as Alfred Doolittle), en spile yn Nederlânske en Ingesktalige films. Benammen tusken 1975 en 1979 wie er warber yn it Feriene Keninkryk. Oan de ein fan syn karriêre spile er noch in tal earnstige rollen, ûnder oaren by It Súdlik Toaniel, ûnder de Flaamske regisseur Ivo Van Hove.
Doderer stoar oan hertfalen yn in ferpleechhûs yn Roelofarendsveen. Op 29 septimber 2005 waard er beïerdige op it Amsterdamske begraafplak Zorgvlied.
Joop Doderer wie sûnt 1982 Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Het wonderlijke leven van Willem Parel (1955) - De Grinzer
- De driestuiversopera (Telefyzjefilm, 1960) - Mackie Messer
- Op de Hollandse toer (1973) - Bussjauffeur
- Swiebertje Telefyzjerige - Swiebertje (103 ôfl., plus 4 TV-spullen, 1955-1975)
- Hadleigh Tv-rige - Ivan Grootman (Ofl., Hong Kong Rock, 1976)
- De wonderbaarlijke avonturen van professor Vreemdeling Tf-rige - Professor Vladimir Vreemdeling (1977)
- Uit elkaar (1979) - Sakeman
- The Human Factor (1979) - Cornelius Muller
- Dagboek van een herdershond Tf-rige - Notaris Persoon (Earste searje, ôfl. 3,4 en 8, 1978-1980)
- Laat de dokter maar schuiven (1980) - Pastoar
- De ware Jakob (Klucht, 1983) - Jakob
- Moord in extase (1984) - Resjersjeur Jurriaan de Cock
- Lief zijn voor elkaar (klucht, 1984) - Konsjerzje
- De Prooi (1985) - Wim Gerritsen
- De kip en het ei (1985) - Sjef Ab
- Drie is teveel (klucht, 1988) - Driekus/Butler Drie Uilebal
- Wilde harten (1989) - Ormas
- Een fijn span (klucht 1989) - Butler Engelbert/advokaat
- Tatort Tf-rige - Rol ûnbekend (Ofl., Medizinmänner, 1990)
- Laat je niet kisten (Tv-film, 1990) - Rol ûnbekend
- De Sylvia Millecam Show Tf-rige - Leo Bouwman (Ofl., Een dag om nooit te vergeten, 1995)
- Hoogste tijd (1995) - Pierre de Vries
- Joop en Gaston Tf-rige - Joop (1995-1996)
- 't Zal je gebeuren... Tf-rige - Simon (Ofl., Het zijn maar spullen, 1998)
- De keerzijde Tv-rige - Pake (Ofl., Nooit nee, 1998)
- Thuisfront (Tf-film, 1998) - Leo
- De kapsalon (Tf-film, 1999) - Menhear Oudhof
- Kruimeltje (1999) - Koster
- Viva Boer Gerrit (Tf-film, 2000) - Rol ûnbekend
- Dial 9 for Love (2001) - Hendrik
- Dok 12 Tf-rige - Pake Bombi (Ofl., Dood Duits meisje, 2001)
- De vriendschap (2001) - Professor Rijckevorsel
- Pietje Bell (2002) - Ald man #1
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Biografy fan de NCRV
- (ned) Biografy van de NOS
- (ned) Biografy fan it Nederlânsk Ynstitút foar Byld en Lûd
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Joop Doderer fan Wikimedia Commons. |