Springe nei ynhâld

Le Havre

Ut Wikipedy
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Le Havre
Bestjoer
Lân Frankryk
Departemint Seine-Maritime
Arrondisemint Le Havre
Sifers
Ynwennertal 177.259 (2009)
Oerflak 46,95 km²
Befolkingsticht. 3.775 / km²
Stêdekloft 296.773
Hichte 8 m (0-105 m)
Offisjele webside
lehavre.fr
Wapen Le Havre
Lizzing fan Le Havre

Le Havre (Normandysk: Lé Hâvre) is in Frânske stêd yn Normandje, yn it departemint Seine-Maritime. De stêd leit oan de mûning fan de Seine tichtby it Kanaal. Op de súdigge fan de Seine leit de stêd Honfleur dat troch de Pont de Normandie mei Le Havre ferbûn is. De stêd is, nei Rouen, de grutste stêd fan Normandje.

Le Havre waard stifte as marinehaven yn 1517; de namme betsjut 'de haven'. Le Havre is noch altyd in wichtige havenstêd -de twadde fan Frankryk - ek it begjinpunt fan de trans-Atlantyske oerstek út Frankryk wei. Dêrfandinne de bynamme "La Porte Océane".

By de Slach om Normandje waard de stêd foat it grutstepart fernield. De skilder Raoul Dufy waard yn Le Havre berne en in grutte smaling fan syn wurk is der te finen.

(boarne: INSEE-tellingen).

It part fan de stêd dat nei de Twadde Wrâldkriich opboud waard ûnder de lieding fan arsjitekt Auguste Perret, waard yn 2005 troch UNESCO ta Wrâlderfgoed ferklearre. It ferwoastge sintrum waard yn it tiidrek 1945-1964 fannijs boud op basis fan in stêdeboukundich plan ûnder oanfiering fan Auguste Perret dêr't in protte prefabrisearre eleminten by brûkt binne. De wrâlderfgoedynskriuwing beslacht in gebiet fan 133 ha mei in buffersône fan 114 hektare

Berne ynn Le Havre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]