Springe nei ynhâld

Mombasa

Ut Wikipedy
Mombasa
Emblemen
         
Bestjoer
Lân Kenia
County Mombasa County
Gemeente Mombasa
Sifers
Ynwennertal 1.300.000 (2014)
Oerflak 294,7 km² (ynkl. wetter)
229,7 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 5.224 / km²
Stêdekloft 2.000.000 (2014)
Hichte 50 m
Oar
Stifting ±900
Tiidsône UTC +3
Simmertiid gjint
Koördinaten 4°03′00″S 39°40′00″E
Offisjele webside
www.mombasa.go.ke
Kaart
Mombasa (Kenia)
Mombasa
Lizzing yn Kenia.

Mombasa is in stêd yn Kenia, dy't yn it súdeasten fan it lân oan 'e kust fan 'e Yndyske Oseaan leit en it haadplak is fan it omlizzende Mombasa County. De stêd hie neffens in offisjele skatting út 2014 in befolking fan 1,3 miljoen minsken, en dêrmei is it yn grutte nei de haadstêd Nairobi de twadde stêd fan Kenia. Mombasa is in wichtich havenplak, dat fan âlds in krúspunt fan 'e hannelsrûtes tusken East-Afrika, it Midden-Easten en it Yndiaaske subkontinint wie. Hjoed de dei fungearret de stêd noch altyd as in regionaal sintrum foar sawol hannel as kultuer. Teffens hat it in tige bloeiende toeristyske sektor.

Mombasa ûntstie op it eilân Mombasa, dat flak foar de Eastafrikaanske kust yn 'e Yndyske Oseaan leit, mar hat him sûnt útwreide oer it oanswettende fêstelân. It eilân wurdt fan it fêstelân skaat troch twa kreken: Tudor Creek en Kilindini Harbour. Yn it noarden wurdt it mei it fêstelân ferbûn troch de Nyali-brêge en yn it westen troch de Makupa-daam, dêr't de it spoar fan 'e Kenya-Oeganda Railway oerhinne rint. Oan 'e súdkant fan it eilân wurdt in feartsjinst mei it fêstelân ûnderholden. Troch de loft is Mombasa te berikken fia it Moi International Airport, dat yn 'e noardwestlike foarstêd Chaani leit, op it fêstelân. As havenstêd betsjinnet Mombasa net inkeld Kenia, mar hearre ek Oeganda, Súd-Sûdaan en dielen fan Etioopje ta it efterlân.

De Tudor Creek, dy't it eilân Mombasa skiedt fan it Keniaanske fêstelân.

Wanneart de stifting fan Mombasa krekt plakfûn hat, is dizenich, mar nei alle gedachten moat it omtrint it jier 900 west hawwe. Dy stifting wurdt yn 'e regel assosjearre mei twa hearskers: Mwana Mkisi () en Sheshe Mvita (). Neffens mûnlinge oerlevering en Midsiuwske kommentaren soe Sheshe Mvita de dynasty fan Mwana Mkisi ferdreaun hawwe en dêrnei syn eigen stêd op it eilân Mombasa stifte hawwe. De rop fan Sheshe Mvita giet noch altyd as in moslim fan grutte leardheid, en sadwaande is hy op direktere wize as syn foargongster ferbûn mei de kultuer fan it hjoeddeiske Mombasa.

De measte iere ynformaasje oer Mombasa komt fan Portegeeske kronykskriuwers dy't harren ferhalen optekenen yn 'e sechstjinde iuw. Om't sokke Jeropeeske kristenen bûtensteanders wiene yn 'e Afrikaanske islamityske kultuer dy't se beskreaune, moatte harren ferslaggen kritysk besjoen wurde. Yn 1331 waard Mombasa fierders besocht troch de ferneamde Arabyske wittenskipper en reizger Ibn Battûta, doe't dy de Swahilykust besocht. Hy bleau lykwols mar ien nacht yn Mombasa oer en skreau inkeld dat de ynwenners sjafiïtyske moslims wiene, "in religieus folk, betrouber en oprjocht. Harren moskeeën binne makke fan hout en kundich boud." Yn elts gefal moat Mombasa al yn 'e tolfde iuw in woltierich hannelssintrum west hawwe, dêr't benammen speserijen, goud en ivoar ferhannele waarden, mei't de Arabyske geograaf Al-Idrisi it as sadanich neamde yn 1151.

De histoaryske binnenstêd fan Mombasa.

Yn 'e fyftjinde iuw hearde Mombasa ta it ryk fan Kilwa Kisiwany. Foarsafier bekend wie de Portegeeske seefarder Vasco da Gama yn 1498 de earste Jeropeaan dy't Mombasa oandie. It waard him dúdlik makke dat er dêr net wolkom wie. Twa jier letter, yn 1500, waard de stêd plondere en beset troch de Portegezen, dy't yn 1502 lykwols ferdreaun waarden, wêrnei't Mombasa in selsstannich sultanaat waard. Yn 1528 waard de stêd lykwols werovere troch de Portegezen. It bleau doe mear as in heale iuw yn Portegeeske hannen, oant de Osmaanske Turken yn 1585 de Mombasaanske befolking opstokelen ta in rebûlje. Underwilens namen Simba-kannibalen de stêden Sena en Tete oan 'e Sambezy yn, en yn 1587 bemasteren se Kilwa, dêr't se 3.000 minsken de dea ynjagen. Se berikten ek Mombasa, dêr't se de islamityske ynwenners ôfslachten, mar by Malindi waarden se ferslein troch de Segedjû, wêrnei't se weromgiene nei hûs.

Neitiid besochten de Portegezen harren koloniale ryk yn East-Afrika fannijs op te bouwen, en yn 1589 namen se Mombasa op 'e nij yn. Yn 1593 boude se de fêsting Fort Jesus om 'e stêd mei te behearskjen. Nei in mislearre opstân yn 1635 ferstevigen de Portegezen harren gryp op 'e stêd, mei as gefolch dat de Eastafrikaanske moslims de sultan fan Omaan om help fregen tsjin 'e útlânske oerhearskers. Yn 1698 waarden de Portegezen mei de ynname fan Fort Jesus út Mombasa ferdreaun. Neitiid kaam Mombasa by it Omaanske Ryk te hearren, wêrby't it regearre waard út it bestjoerssintrum yn Sansibar wei. Yn 1728 kearden de Portegezen noch in lêste kear werom, mar se waarden oardel jier letter al ferslein en moasten Mombasa yn 1729 foargoed opjaan.

Mombasa kaam doe wer ûnder bestjoer fan Omaanske gûverneurs, oant it yn 1746 in beskate foarm fan ûnôfhinklikens berikte as in min ofte mear selsstannich sultanaat, wêrfan't de hearskers fazallen wiene fan 'e sultan fan Omaan. De Omany sels beskôgen de sultans fan Mombasa gewoan as gûverneurs en ûntstrieden dat der wat oan 'e status fan 'e stêd feroare wie. Nettsjinsteande dat waard Mombasa de folgjende tachtich jier regearre troch:

It spoar nei Oeganda fuortby Mombasa, yn 1899.

Fan 1824 oant 1826 wie Mombasa koarte tiid in Britsk protektoraat, foar't yn 1826 de Omany de stêd wer ûnder tafersjoch fan in gûverneur stelden. Op 24 juny 1837 waad Mombasa formeel anneksearre troch sultan Saïd bin Sûltan fan Omaan. Nei't it Omaanske Ryk yn 1856 útinoarfallen wie yn it Sultanaat Omaan en it Sultanaat Sansibar, kaam Mombasa by Sansibar te hearren. Yn 1886 stiften de Britten op it oanswettende fêstelân de koloanje Britsk East-Afrika (it letter Kenia), wêrnei't Mombasa dêr op 25 maaie 1887 by kaam te hearren, hoewol't de sultan fan Sansibar syn oanspraken op 'e stêd pas yn 1898 formeel opjoech. Under Britsk bestjoer wie Mombasa yn 't earstoan de haadstêd fan Britsk East-Afrika, oant dy yn 1906 ferpleatst waard nei it sintraler leine Nairobi. Yn 1963 kaam der in ein oan 'e Britske bemuoienis mei it gebiet en kaam Mombasa by it ûnôfhinklike Kenia te hearren.

Yn 1999 waard de Republikeinske Ried fan Mombasa (MRC) oprjochte. Dat is in separatistyske organisaasje dy't Mombasa en omkriten losmeitsje wol fan Kenia. De MRC ûntstie út in fiedingsboaiem fan politike en ekonomyske diskriminaasje tsjin 'e bewenners fan it Keniaanske kustgebiet troch de politike elite yn Nairobi. De groep wol hawwe dat de beslissings fan 1887 en 1963 om Mombasa by Kenia te foegjen en de ôfstân fan it gebiet troch de sultan fan Sansibar út 1898 net rjochtsjildich binne om't dêrby folslein foarby gien is oan it selsbeskikkingsrjocht fan 'e bewenners fan 'e oangeande krite. Boppedat hâldt de MRC út dat it Keniaanske regear yn gebreke bleaun is oangeande de tasizzings dy't dien binne om 'e rjochten fan 'e befolking fan Mombasa en omkriten te beskermjen.

It strân fan Nyali, fuort benoarden Mombasa.

Op 28 novimber 2002 besochten moslim-ekstremisten fan Al-Qaida (om 'e nocht) om mei in loftdoelraket in Israelysk ferkearsfleantúch del te sjitten dat doe krekt opstige wie fan Moi International Airport. Tweintich minuten letter fûn der in selsmoardoanslach plak mei in bomauto by it Israelyske Paradise Hotel oan it strân fan Mombasa, wêrby't trije Israeliërs en tsien Kenianen de dea fûnen.

De ekonomy fan Mombasa stipet op twa pylders: hannel en toerisme. De stêd is fan âlds in wichtich sintrum oan 'e Swahilykust foar de hannel oer de Yndyske Oseaan, en hjoed de dei is it boppedat de iennichste trochfierhaven fan belang foar de rest fan Kenia, mar ek foar Oeganda, Súd-Sûdaan en dielen fan Etioopje. De haven fan Mombasa is Kilindini Harbour, fan it Swahily-wurd kilindini, dat "djip" betsjut. De haven wurdt sa neamd om't er fan natuere tige djip is, wat it sels foar de grutste seeskippen mooglik makket om der oan te lizzen.

In strjitbyld yn Mombasa.

Tegearre mei Nairobi en ferskate nasjonale parken is Mombasa ien fan 'e wichtichste toeristyske bestimmings fan Kenia. De stêd Mombasa sels is net sasear yn trek, hoewol't in protte lju de histoaryske binnenstêd mei Fort Jesus besykje. Mar de strannen fan Nyali, Bamburi en Shanzu, benoarden de eigentlike stêd, binne in grutte trekpleister, krektlyk as de strannen Shelly Beach, Tiwi en Diani Beach, oan 'e súdkant fan 'e stêd. By dy strannen lâns binne in grut tal lúkse hotels fêstige. De kustline direkt benoarden Mombasa stiet bekend om syn etmiellange entertainmentyndustry, mei dêrûnder bioskopen, bowlingbanen, sportfasiliteiten, restaurants, bars, nachtklubs en diskoteken.

Neffens in offisjele skatting út 2014 hie Mombasa doe in befolking fan 1,3 miljoen minsken. De befolkingstichtens bedroech 5.224 minsken de km². It meastepart fan 'e ynwenners bestiet út etnyske Swahily en Midjikenda, mei lytsere groepen Kamba en Taita. Fierders binne der migrantemienskippen fan Lûo, Lûhya en Kikûjû út sintraal en westlik Kenia, mei dêrop ta guon etnyske Arabieren, Somaliërs en in Afro-Yndyske mienskip. De fiertaal yn Mombasa is it Swahily, mar de measte lju sprekke dêrnjonken ek Ingelsk. Fierwei it grutste part fan 'e befolking bestiet út moslims, hoewol't der ek mienskippen fan kristenen, hindoes en oanhingers fan Afrikaanske natoerreligyen yn 'e stêd tahâlde.

De binnenstêd fan Mombasa.

Berne yn Mombasa

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mombasa leit yn 'e tropen en hat sadwaande in tropysk klimaat, sûnder folle ûnderskie tusken de jiertiden. Om't it op it súdlik healrûn leit, falt de 'winter' (ynsafier't men dêrfan sprekke kin) tusken juny en septimber. Yn maart, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32,6 °C, en yn july, de kâldste moanne, is dat 27,7 °C. Mombasa kriget jiers trochinoar 1.059 mm delslach, dy't foar it meastepart yn april en maaie falt, ûnder de súdwestlike moesson. Yn oktober en novimber falt der ek noch wat ûnder de folle lichtere noardwestlike moesson, mar de rest fan it jier is it net botte reinich yn Mombasa, en yn jannewaris en febrewaris is it sels koarkdrûch.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.