Springe nei ynhâld

Wurdgroep

Ut Wikipedy

Neffens de syntaktyske analyze is in konstituïnt in wurd of wurdgroep dat him as in ienheid hâldt yn de sinsstruktuer. Dêrtroch kin in wurdgroep ta in konstituïntele groep rekkene wurde, en de wurden neffens wurdsoarte beneamd wurde.

Groepen

De ferskillende konsituïnten hawwe elk in eigen funksje as wurdgroep wêrtroch se bydrage oan de betsjutting fan in sin.

Haadwurdlike konstituïnten

De haadwurdlike konstituïnt is in konsituïnt mei in dúdlike referint. It ferwiist nei elk wurd of elke wurdgroep, dat in kongruïnte ferbining oangean kin mei in persoansfoarm. It haadwurd is it haad fan sa'n wurdgroep.

Tiidwurdlike konstituïnten

Prosessen, hannelingen of tiidsôfhinklike wurd(-en) yn in wurdgroep wurde ta de tiidwurdlike konstituïnten rekkene. It tiidwurd is it haad fan sa'n wurdgroep.

Ferhâldingswurdkonstituïnten

Ferhâldingswurdkonstituïnten binne konstituïnten of wurdgroepen dy't mei in ferhâldingswurd begjinne; dat ferhâldingswurd is it haad fan sa'n wurdgroep.

Eigenskiplike konstituïnten

Eigenskipswurden en eigenskipswurdgroepen neame wy eigenskiplike konstituïnten; oarsom kin in eigenskiplike konstituïnt dus sawol in inkeld eigenskipswurd wêze as in groep dêr't in eigenskipswurd it haad fan is. As tige belangrike basis foar de eigenskiplike konstituïnt wurdt ornaris in bywurd brûkt.