Springe nei ynhâld

Aleksej Savrasov

Ut Wikipedy
Alexei Kondratyevich Savrasov, 1870er jierren

Alexei Kondratyevich Savrasov (Алексе́й Кондра́тьевич Савра́сов) (24 maaie 1830 - 8 oktober, 1897) wie in Russysk lânskipsskilder en skepper fan de lyryske lânskipsstyl.

Savrasov waard berne yn in keapmansfamylje. Hy tekene al mei jonge jierren en waard yn 1838 studint by professer Rabus oan de Skoalle foar Skilderkeunst, Byldhoukeunst en Arsjitektuer yn Moskou, dêr't er yn 1850 ôfstudearre. Hy spesjaliserre him fuortendaliks yn it lânskipsskilderjen.

De roeken binne werom skildere troch Savrasov by it Ipatjev-kleaster yn Kostroma.

Yn 1852 reizge er nei de Oekraïne. Yn 1854 set er him ta wenjen yn de omkriten fan Sint Petersburch, útnûge troch Gruthartoginne Maria Nikolayevna, foarsitter fan de Keizerlike Akademy fan de Keunsten. Yn 1857 waard Savrasov learaar oan de Moskouske Skoalle foar Skilderkeunst, Byldhoukeunst en Arsjitektuer. Syn bêste learlingen, Isaak Levitan en Konstantin Korovin bewûnderen him en binne altyd tankber bleaun.

Yn 1857 boaske er oan Sophia Karlovna Hertz, suster fan keunsthistoarikus K. Hertz. Yn harren hûs ûntfongen sy keunstners en keunstsamlers lykas Pavel Tretjakov. Savrasov waard in goede freon fan Vasili Perov. Perov holp him mei it skilderjen fan de figueren yn it skilderij De Wolga by Joerjevets; Savrasov skildere de lânskippen yn Perov syn Fûgelfanger en Jagers bivak.

Yn de 60er jierren gie er nei Ingelân om de Ynternasjonale Tentoanstelling (1862) te sjen, en nei Switserlân. Yn ien fan syn brieven skriuwt er der is gjin akademy yn de wrâld dy't jin sa foarút helpe kin as dizze wrâldtentoanstelling. De skilders dy't him it meast beynfloede hawwe binne de Britske John Constable en de Switserske skilder Alexandre Calame.

De Roeken binne werom (1871) wurdt troch in protte kritisy beskôge as it hichtepunt fan Savrasov’s artistike karriêre. Yn in hiel ienfâldich, sljochtwei tafriel fan it werom kommen fan de roeken lit Savrasov, yngeand en mei gefoel, de oergong fan winter nei maitiid sjen. It wie in nijsoartige wize fan lyrysk lânskipskilderjen, troch lettere kritisy as stimmich lânskip oantsjutten. It skilderij makke him ferneamd.

Yn 1870 waard er lid fan De Swalkers, hy briek mei de troch it regear stipe akademyske keunstopfettings.

Savrasov rekke yn 1871, nei de dea fan syn dochter, yn in krisis, alteast as keunstner. De tsjinslach yn syn persoanlik libben, en faaks ek ûntefredenens mei sy artistike karriêre, brochten him oan de drank. Al it besykjen fan syn sibben en freonen koene dêr gjin feroaring yn bringe.

De lêste jierren libbe Savrasov as in earmoedlijer, wie er sûnder eigen dak boppe de holle. Allinne de konsjerzje fan de Moskouske skoalle foar keunsten en Pavel Tretjakov, stifter fan de Tretjakovgalery wienen op syn begraffenis yn 1897.

Kar út it wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Savrasov's grêf op begraafplak Vagankovo (Moskou)


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]