Springe nei ynhâld

Algemien direkteur

Ut Wikipedy

In algemien direkteur of presidint-direkteur is de einferantwurdlik binnen it bestjoer fan in bedriuw. Dizze titel wurdt ornaris inkeld brûkt yn grutte ûndernimmings dêr't mear as ien direkteur is. As it bestjoer mar út ien persoan bestiet, sprekt men yn 'e regel simpelwei fan in direkteur. Likernôch in synonym foar algemien direkteur is bestjoersfoarsitter. Tsjintwurdich heart men ek faak de Ingelske term CEO (útspraak: ['si:ʔi:ʔoʊ], likernôch: "sii-ii-oo"), in ôfkoarting foar chief executive officer, dat letterlik "útfierend haadofsier" betsjut.

De persize rol fan in algemien direkteur hinget ôf fan 'e bedriuwsfoarm. Der is in model dêr't it bewâld oer in ûndernimming inkeld by fierd wurdt troch in direksje mei oan it haad de algemien direkteur. Mar it komt ek in soad foar dat de direksje it útfierend of deistich bestjoer docht njonken in ried fan bestjoer, dy't ornaris ien kear yn 'e moanne of noch minder faak gearkomt om tafersjoch op 'e direksje te hâlden en strategyske beliedsbesluten te nimmen. Yn it earste model hat de algemien direkteur mear macht, mar beide kearen is hy of sy dejinge dy't binnen it bestjoer fan it bedriuw ferantwurdlik is foar de algehiele gong fan saken. Dat hâldt ek yn dat de algemien direkteur faak syn funksje dellizze moat as de resultaten fan it bedriuw ôffalle.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.