Arjen Sevenster
Arjen Sevenster (Stiens, 19 febrewaris 1881 – Sint-Anne, 25 july 1973) wie in Fryske lânbouwer en lânherfoarmer.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Arjen Sevenster waard berne yn de lânbouhúshâlding fan Sybe Hettinga (1840-1886) en Petronella Maria Hommema (1845-1916). Hy groeide op yn Sint-Anne. Hy kaam der geregeld by Johannes Kuiken oer de flier en kaam dêr yn oanrekking mei ideeën oer ûnder oare lânherfoarming en drankbestriding. Hy boaske yn 1904 mei Dieuwke Hoitsma (1879-1961), út dat houlik waarden fiif bern berne.
Sevenster wie mei-oprjochter fan de "Friesch-Groningsche Coöperatieve Beetwortelsuikerfabriek" yn Grins (1913) en mei-oprjochter en bestjoerslid fan de "Eerste Nederlandsche Coöperatieve Kunstmest-Fabriek" yn Súdhorn (1916). [1] Hy wie in fûleinich geoïst, in oanhinger fan ideeën fan de Amerikaanske ekonoom Henry George. [2]
Hy wie tsjin in partikulier monopoalje fan grûnbesit, dat er ûnrjochtfeardich en yneffisjint fûn. Op syn pleats De Maatschap yn Wier brocht er fan 1920 ôf syn idealen yn de praktyk. Hy krige as bedriuwslieder itselde lean as dat fan de arbeiders. Boppedat hiene se ynspraak, dielden hja yn de winst (net yn ferlies) en soarge Sevenster ûnder oaren foar trochbeteljen fan lean by sykte. [3] Hy die de maatskip yn 1938 oer oan syn soan en publisearre yn 1947 in brosjuere oer de ideeën efter it bedriuw.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard lid fan de Grondpartij (List Stoffel), in lanlike politike partij dy 't stribbe nei nasjonalisaasje fan partikulier grûnbesit. [4] Hy wie foarsitter fan de Fryske ôfdieling en advisearjend lid fan it lanlik bestjoer (1924-1926). Hy wie kandidaat foar de partij by de Twadde Keamerferkiezings 1922 en listlûker by de Twadde Keamerferkiezings 1925. De partij hie net folle sukses en waard yn 1926 opheft. Yn datselde jier waard de "Bond tot Hervorming van den Grondeigendom" oprjochte, ûnder foarsitterskip fan Daniël de Clercq. Hy en Kuiken sleaten har by it bûn oan. Yn de perioade 1926 -1931 wie er bestjoerslid fan it bûn.
Op inisjatyf fan de eardere SP - lieder Harm Kolthek waard yn 1931 yn Grins de geoïstyske partij Recht en Vrijheid oprjochte. Hy wie kandidaat foar de partij by de Twadde Keamerferkiezings fan 1933. Hy waard yn 1934 foarsitter fan de nij oprjochte Fryske ôfdieling. Hy wie dêrneist fisesekretaris fan it lanlik bestjoer (1937-1941) en hie lieding oer de Henry Georgeskoalle (1938-1941), it opliedingsynstitút fan Recht en Vrijheid yn Sint-Anne. Yn 1941 waard de partij op lêst fan de Dútske besetter ûntbûn. [5]
Hy droech syn idealen út troch lêzingen, as redakteur fan Ons Erfdeel (it orgaan fan Recht en Vrijheid) en as skriuwer fan in tal brosjueres. Hy publisearre yn it Nederlânsk en it Frysk. Ein 1963 besocht Boer Koekoek Sint-Anne; hy wie earder dat jier keazen ta Twadde Keamerlid. Yn syn rede spruts Koekoek ûnder oare oer it mooglik ôfskaffen fan de grûnbelesting. Sevenster, doe 82 jier, wie fûl tsjin Koekoeks ferhaal. Hy wie krekt foar ferheging fan de grûnbelesting, dat soe fan gefolgen hawwe dat de grûnprizen sakken en lytse boeren de kâns krigen om grûn te keapjen. Koekoek makke him dêrnei út foar 'kommunist'.
Arjen Sevenster ferstoar yn de âldens fan 92 jier. De famylje omskreau him yn it deaberjocht as 'strider foar gerjochtichheid en frijheid'. [6] Op inisjatyf fan syn soan Siebe waard yn 1975 yn berteplak Stiens in monumint fan stiel oprjochte, makke troch Jerre Hakse. [7]
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Landbouw en maatschappij. Sint-Anne, 1922.
- De nood van onzen tijd en het middel tot verbetering. Sint-Anne, 1922.
- Grond en geld. Sint-Anne, 1925.
- De roovers van het vrije ruilverkeer. Sint-Anne, 1929.
- Een nieuw boek. Professor Bordewijk en de Georgisten. Grins, 1936.
- Het vraagstuk van den grond. HET sociale vraagstuk. Sint-Anne, 1947.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|