Springe nei ynhâld

Audysje

Ut Wikipedy

In audysje (fan it Frânske audition) is in proefoptreden yn 'e foarm fan in soarte fan talittingseksamen of sollisitaasje yn 'e film-, tillefyzje-, toaniel-, muzyk- en dûnswrâld. Immen dy't audysje docht, neamt men in auditant. Learlingen dy't studearje wolle oan in balletskoalle, toanieloplieding of konservatoarium moatte earst ek audysje dwaan om sjen te litten dat se goed genôch binne om talitten te wurden. Ek rollen yn films, op 'e tillefyzje, yn it teäter en yn fideoklips wurde ferjûn op basis fan jins prestaasje op in audysje of yn ferskate omgongen fan audysjes efterinoar, wêrby't hieltyd in stikmannich gadingmakkers ôffalle. Yn 'e regel fine sokke audysjes plak yn besletten fermidden, hoewol't sûnt likernôch 2000 in beskate trend ûntstien is om der in kamera by rôlje te litten.

Ornaris bestiet in audysje út in oplein diel, dat foar sjongers in beskate aria út in opera omfiemje kin en foar akteurs in bekende sêne út bgl. in toanielstik fan Shakespeare. Dêroanta wurdt yn guon gefallen ek in frij diel taheakke, wêrby't men in eigenkeazen liet sjonge of in monolooch fan eigen kar opfiere mei. Dêrnjonken besteane der ek groepsaudysjes, benammen as it om dûnsútfierings giet. In audysje kin in selektyf karakter hawwe (men is slagge of net), of in ferlykjend karakter (men heart by de tsien bêste kandidaten). In spesifike audysje foar in film- of tillefyzjerol hjit in screentest. Ek in talintejacht is in soarte fan audysje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.