Blauwe sniehin
blauwe sniehin | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Dendragapus obscurus | ||||||||||||
Say, 1822 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De blauwe sniehin (wittenskiplike namme: Dendragapus obscurus) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e beamsniehinnen (Dendragapus). Dizze fûgel komt foar yn 'e Rocky Mountains fan Noard-Amearika en libbet foar it meastepart yn wâlden. De blauwe sniehin is nau besibbe oan 'e skiere sniehin (Dendragapus fuliginosus), sasear sels dat de beide fûgels foarhinne beskôge waarde as ûndersoarten fan deselde soarte. De IUCN klassifisearret de blauwe sniehin as net bedrige.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blauwe sniehin komt foar yn 'e Rocky Mountains fan Noard-Amearika. Yn Kanada libbet er yn it suden fan 'e Yukon, it súdwesten fan 'e Noardwestlike Territoaria, de hiele eastlike helte fan 'e provinsje Britsk-Kolumbia en de westlike grinskrite fan it oanbuorjende Alberta. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten komt dizze fûgel benammen foar yn it noardwesten, yn it noardeasten fan Washington, it noarden en de midden fan Idaho, it westen en suden fan Montana, it noardeasten fan Oregon en it noardwesten fan Wyoming. Fierder súdlik hat de blauwe sniehin in fragmintaryske fersprieding yn 'e Amerikaanske steaten Nevada, Utah, Colorado, it noarden fan Nij-Meksiko en ek it easten en súdwesten fan Wyoming.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blauwe sniehin hat trochinoar in kop-sturtplingte fan 39–53 sm, mei in gewicht fan likernôch 1 kg. De hoanne hat op kop, hals, nekke, rêch en boarst in dûnkergriis oant brunich fearrekleed. De sturt is wat dûnkerder, suver swart, mar de sturtfearren hawwe grize úteinen. De bealch en poaten binne wat ljochter, mei wite spikkels. De soartenamme ferwiist nei it feit dat de fearren by in beskate ljochtfal wat út 'e blauwens skine. De sturt is lang en wat fjouwerkantich as er opset wurdt. Boppe de eagen hawwe de hoannen in soarte fan 'wynbrau' yn 'e foarm fan in healrûne kaam, dy't dûnkergiel oant read wêze kin. Ek beskikke se oer keale kielpûden oan wjerssiden fan 'e kiel, dêr't de hûd in opfallende goudgiele kleur hat. De keale plakken wurde omjûn troch in ring fan wite fearren. De hinnen binne oer it hiele lichem bêzje, moarmere mei swarte streken en plakken, wat in treflike skutkleur opsmyt.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blauwe sniehinnen libje yn bercheftige gebieten oant in hichte fan 3.600 m boppe seenivo. Harren favorite biotoop is de râne fan nullewâld of mingd wâld.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blauwe sniehin is yn syn hiele ferspriedingsgebiet in stânfûgel. Lykwols bringt er de winter net troch yn syn simmerske habitat, mar djipper yn it wâld, dêr't it ûnder it beskûl fan 'e beammen waarmer is. Dy ôfstân leit er foar it meastepart rinnende ôf, mei út in troch in koart eintsje fleanen. Nuver genôch bewege blauwe sniehinnen har nei har oerwinteringsoarden berchop ynstee fan berchôf.
Yn 'e peartiid fêstiget de hoanne in territoarium, dêr't er pronket mei opsteande waaiersturt, oppompte giele kielpûden en omheechholden kop, wylst er klapwjukket en djiptoanige toetsjende lûden fuortbringt, dy't fier drage. Mei dat baltsgedrach lokket er hinnen nei him ta. Nei de pearing ferlit de hin it territoarium fan 'e hoanne wer, dy't fierders neat mei de fuortplanting út te stean hat.
Yn in nêst ûnder in strûk, besteande út in ûndjip dobke yn 'e grûn dat mei dinnenullen en gers beklaaid is, leit de hin 5–10 aaien, dy't krêmkleurich binne mei brune spikkels. De piken binne nêstflechters en sykje nei it útkommen fan 'e aaien al rillegau sels har kostje byinoar, ûnder tafersjoch fan 'e hin. De earste wiken frette se ynsekten, oant har spiisfertarring safierhinne ûntwikkele is dat se oerstappe kinne op (foar it meastepart) plantaardich fretten.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Simmerdeis frette blauwe sniehinnen de blêden fan earnefearren (Pteridium) en wylgen (Salix) en de beien fan skynbeiplanten (Gaultheria), mahoanjeplanten (Mahonia), toarnbeiplanten (Rubus) en blebberbeiplanten (Vaccinium). Ek meitsje se ynsekten en oare lytse wringeleazen lytsman, yn 't bysûnder eamels, toarren, imerkes en sprinkhoannen. By 't winter libje blauwe sniehinnen suver útslutend op in dieet fan 'e nullen fan sulverspjirren (Abies) en douglasspjirren (Pseudotsuga).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blauwe sniehin hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 4 (stân fan saken yn 2021) erkende ûndersoarten fan 'e blauwe sniehin (Dendragapus obscurus):
- D. o. obscurus (Wyoming oant Nij-Meksiko)
- D. o. oreinus (eastlik Nevada, westlik Utah en midden fan Idaho)
- D. o. pallidus (súdeastlik Britsk-Kolumbia, noardeastlik Oregon en westlik Wyoming)
- D. o. richardsonii (de súdlike Yukon en it súdwestlike part fan 'e Noardwestlike Territoaria, noardlik, sintraal en súdwestlik Britsk-Kolumbia, noardeastlik Washington, noardlik Idaho, westlik Montana en noardwestlik Wyoming)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|