Springe nei ynhâld

Blier

Ut Wikipedy
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
In blier feroarsake troch wriuwing.

In blier is in lyts reservoirke yn 'e boppeste lagen fan 'e hûd dat folsit mei lichemsfocht. Dêrby giet it om in ferwûning dy't faak feroarsake wurdt troch oanhâldende wriuwing op in plak dêr't de hûd dêr net oer kin, en dêrom komme blierren faak foar op 'e fuotten as men langer rint of reedriidt as dat men ornaris docht, bgl. om't men dielnimt oan in kuier- of in reedriidtocht. Fierders kinne blierren fan dat type ek maklik ûntstean oan 'e hannen as men wurk docht dat men net wend is, lykas it skoffeljen fan 'e tún. As men oanhâldt mei sok wurk of as men trochgiet mei it rinnen of ferriden fan gruttere ôfstannen, dan sille de hannen of fuotten dêroan wend reitsje en sil der in laach yl ûntstean op 'e dielen dêr't de wriuwing plakfynt.

In blier kin lykwols ek ûntstean trochdat men jin earne oan brând hat (brânblierren); as befriezingsferskynsel; trochdat men jin knypt hat; troch bleatstelling oan gemyske stoffen; of as ûnderdiel fan in ynfeksje. De measte blierren sitte fol mei lymfefocht of bloedplasma, dat beide kleurleaze floeistoffen binne. As men in lyts diel fan 'e hûd earne tusken knypt hat (lykas in autodoar), dan ûntstiet der faak in bloedblier, dy't folsit mei bloed, en dêrom in pearzige kleur hat. As der sprake is fan in ynfeksje, kin in blier ek folsitte mei dracht (pus).

Lytse blierkes binne pynlik, benammen brânblierren, mar sille mei in stikmannich dagen út harsels genêze. By grutte blierren troch slimme brânwûnen of by blierfoarming troch bleatstelling oan gemyske stoffen, of as in blier ynfektearre rekket, is it de baas om medyske bystân te sykjen troch in húsdokter te rieplachtsjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.