Blokkade fan Berlyn
De Blokkade fan Berlyn wie in blokkade tusken 24 juny 1948 en 12 maaie 1949 fan wei-, spoar- en binnenfeartferbinings tusken de westlike besettingssônes fan Dútslân en West-Berlyn troch de Sowjet-Uny. De blokkade wie in reaksje fan de Sowjet-Uny op it ynfieren fan de D-Mark yn de westlike besettingssônes fan de stêd Berlyn. Yn andert op de blokkade iepenen de westlike alliearden de Berlynske loftbrêge wêr't de stêd syn foarried mei krige.
Oanrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich wie Dútslân ferparte yn fjouwer besettingssônes. Ek wie de stêd Berlyn dy't yn de Sowjet-besettingssône lei, yn fjouwer parten ferdield. De stêd waard bestjoerd troch de Alliearde Kontrôleried. Yn dy Kontrôleried wiene der gauris spannings benammen tusken de Sowjet-Uny en de westlike bûnsgenoaten. Op 20 maart 1948 wie de Sowjet-Uny al út de Kontrôleried stapt. Ek op de gearkomste fan 16 juny 1948 kamen de Sowjets net, wêrnei de Kontrôleried ophold te wurkjen.
De westlike besettingsmachten hawwe ferskate kearen besocht en ûnderhannelje mei de Sowjet-Uny oer in falutaherfoarming yn Dútslân, mar dat smiet neat op. Op 20 juny 1948 besleaten hja dan ek de D-Mark yn de westlike besettingssônes (it lettere West-Dútslân) yn te fieren. Neffens Stalin wie dit tsjin de makke ôfspraken fan Jalta, wêr doe ôfsprutsen wie dat de alliearden mei-inoar besluten nimme soene oer de takomst fan Dútslân. Besprekkings tusken de westlike bûnsgenoaten mei de Sowjet-Uny op 22 juny smieten ek neat op, wêrnei op 23 juny de Sowjet-Uny mei in eigen munt foar de Sowjet-besettingssône en hiel Berlyn ynfierde. De westlike machten ferklearren dat dy eastmark yn de westlike sônes fan Berlyn net jildich wiene. De Sowjet-Uny andere dêrop mei de blokkade fan West-Berlyn. De folgjende dei, op 24 juny, waard de D-Mark ek yn West-Berlyn ynfierd.
De blokkade
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e nacht fan 23 op 24 juny skeakele de Sowjet-Uny it elektrysk út, dat fan de Sowjet-besttingssône út oanfierd waard. Moarns betiid waarden de tagongswegen nei West-Berlyn sletten, sûnder dat der ek mar in inkele ôfspraak makke wie mei de westlike machten. Ek oer it elektrysk wiene gjin fêste ôfspraken makke tusken de westlike machten en de Sowjet-Uny. Oer loftbrêgen oer de besettingssône fan oaren wiene lykwols wol ôfspraken makke. Dêrom hinderen de Sowjets de westlike alliearden dan ek net. De westlike machten moasten no dus 2,2 miljoen West-Berliners en 8000 alliearde militêren en harren famylje foarsjen fan foarried troch de loft.
It betrouwen oan wjerskanten waard tusken it eastlike en it westlike blok dêrtroch ek hieltyd minder. Op 26 juny setten de Amerikanen útein mei in loftbrêge nei West-Berlyn, wêrnei't de Britten folgen op 28 juny. De Amerikanen brûkten it fleanfjild Tempelhof, de Britten it fleanfjild Gatow en de Frânsken it fleanfjild Tegel. Dat fleanfjild moast reemakke wurde foar lânings ûnder de blokkade. De Frânsken beheinden de befoarrieding ta harren eigen manlju, want hja hiene harren fleantugen nedich yn de striid yn Yndo-Sina.
Ein fan de blokkade
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De loftbrêge hat omtrint in jier duorre en it waard de Sowjet-Uny no wol dúdlik dat de blokkade neat opsmiten hie oangeande de ôfspraken oer de takomst fan Dútslân. Op 12 maaie 1949 waard de blokkade dan ek einige. De Senaat fan West-Berlyn besleat doe as gefolch dat der in foarried foar 180 dagen oan primêre libbensmiddels en brânje wêze moast, de saneamde Senaatsreserve. Yn 1951 waard it monumint fan de Berlynske loftbrêge ûntbleate.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Berlin Airlift fan Wikimedia Commons. |