Springe nei ynhâld

Brindisi

Ut Wikipedy
Brindisi
Bestjoer
Lân flagge fan Itaalje Itaalje
provinsje Brindisi
regio Apûlje
Sifers
Ynwennertal 81 940 (30.06.2024)
Oerflak 332,98 km²
Hichte 13 m
Oar
Postkoade 72100-72020
Koördinaten 40° 38' N 17° 56' E
Offisjele webside
www.comune.brindisi.it
Kaart
Brindisi (Itaalje)
Brindisi

Brindisi is in Italjaanske gemeente en havenstêd yn Apûlje. It is de haadstêd fan 'e provinsje Brindisi.

Oanbuorjende gemeenten binne Carovigno, Cellino San Marco, Latiano, Mesagne, San Donaci, San Pietro Vernotico en San Vito dei Normanni

Yn it havengebiet fan Brindisi, oan 'e saneamde Punta Le Terrare, waard in wichtige delsetting út de brûnstiid ûntdutsen. Dy hie neffens de fynsten fan fragminten fan Myseenske kruken út de 15e iuw f.Kr. al iere kontakten mei Grikelân. Troch syn natuerlike, al yn 'e tiid fan Herodotus neamde haven, waard Brindisi al hiel betiid in wichtich omslachplak. De stêd waard bestjoerd troch eigen foarsten, oant de Romeinen yn 266 f.Kr. de stêd oermasteren. It nije Romeinske bewâld neamde de stêd Brundisium.

Pylder oan 'e ein fan 'e Via Appia yn Brindisi.

Al gau ûntwikkelen de Romeinen de haven. Yn 'e oarloch tsjin Hannibal stie Brundisium oan 'e Romeinske kant. It gie goed mei Brindisi, fral ek troch de farferbining fan 'e stêd mei Grikelân. Rome's belangrykste strjitte, de Via Appia, waard dêrom yn 'e 2e iuw f.Kr. langer makke oant de haven fan Brindisi ta. De Via Appia einige by de haven. Mei de tiid bloeide Brundisiom út ta ien fan 'e grutste stêden fan Súd-Itaalje. Ferneamd wiene de wol en de hunning, dy't dêr produsearre waard. Sûnt de tiid fan Justinianus (6e iuw) hearde de stêd by it Byzantynske Ryk.

Brindisi bleau ek yn 'e midsiuwen in belangrike havenstêd. Yn it jier 675 oermastere de Langobardyske hartoch Romuald fan Benevent de stêd. Yn 836 foel Brindisi yn 'e hannen fan 'e moslims en dat bleau sa oant keizer Loadewyk II yn 868 de stêd wer op 'e Sarasenen ferovere. De stêd wie wer Byzantynsk oant de Wytsings ûnder oanfiering fan Robert Guiskard yn 1071 de stêd ynnaam. Under de Staufyske keizers makke Brindisi yn 'e 12e iuw en 13e iuw noch in bloeitiid mei. De haven wie doe in wichtige ferbining foar de krústochten nei Palestina. Keizer Freark II gie yn Brindisi oan board foar syn krústocht en soarge der foar dat de stêd yn 1238 nije ferdigeningsmuorren krige.

Karel I fan Anjou sammele yn 1284 yn Brindisi in sterke float en Karel II ferbettere yn 1301 de haven. Sûnt de pest fan 1348, de plonderingen fan 'e Hongaarske kening Loadewyk I yn itselde jier en dy fan Loadewyk fan Anjou yn 1383 ferfoelen de haven en de stêd. In ierdskodding ferneatige yn 1456 de hiele stêd.

Ferdinand I joech yn 1775 opdracht om de haven en de stêd wer op te bouwen en de binnenhaven waard op 'e nij tagonklik foar de kommersjele en militêre skipfeart. Sûnt 1860 waard Brindisi ûnderdiel fan Itaalje. De foltôging fan it Adria-spoar fan Ancona nei Otranto en de iepening fan it Suezkanaal brochten in nije ekonomyske bloei fan 'e havenstêd.

Fanwegen de belangrike en relatyf gaadlike lizzing fan 'e haven tichte by de Strjitte fan Otranto waard sûnt 1913 útein set mei de oanlis fan in nije marinehaven en in lyts marine-arsenaal. Der waarden by it begjin fan 'e haven fersterkings boud, it bekken waard útdjippe en der waard in wetterfleanfjild oanlein. Yn 'e Earste Wrâldkriich waard sa'n bytsje de hiele haven fan Brindisi militêr brûkt. Ek hjoed-de-dei is de stêd noch in marinehaven.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Monumint foar de Italjaanske seeman.
  • Argeologysk Museum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De side is foar in part in oersetting fan 'e Dútsksktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Brindisi (ferzje 4 oktober 2024).