Cul de Paris
De cul de Paris (Frânsk foar "kont fan Parys"), ek wol eufemistysk queue de Paris ("sturt fan Parys") neamd, wie in moadeferskynsel wêrby't it efterwurk fan froulju aksintuëarre waard troch in oansjenlike hoemannichte ekstra stof of sels in kjessentsje ûnder de jûpe te pleatsen. Dêrtroch liek it as begûn it efterst heger en stiek it fierder út nei efteren. Yn Nederlân waard dizze moadetrend yn 1858 omskreaun as in "valsche stuit", in falske stút dus, mar dy beneaming kaam nea algemien yn gebrûk. De cul de Paris wie in ferskynsel dat yn 'e achttjinde en de njoggentjinde iuw fjouwer kear yn 'e moade kaam en wer út 'e graasje rekke.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste kear dat de cul de Paris opkaam, wie om 1700 hinne, doe't de frouljusmantel of manteau sterk oer de efterkant fan 'e jûpe hinne teard waard. Earder wie de mul by froulju al ferskate kearen mei kessentsjes of holle struktueren fan hout of reid ûnder de klean aksintuëarre, mar hieltyd troch de heupen, dus de sydkanten, breder te meitsjen. Diskear waarden de stuten, dus de efterkant, keunstmjittich ophege. Wêrom't dit ferskynsel de namme cul de Paris krige, is ûnwis, mar mooglik hie it te krijen mei it feit dat de Frânske haadstêd Parys it kulturele mulpunt fan Jeropa wie, dêr't de measte moadetrends har oarsprong fûnen.
Fan 1772 ôf kaam de cul de Paris jitris yn 'e moade yn it ramt fan 'e oergong fan 'e hoeprok nei in jûpe mei in 'normale' soarte fan rok. By de saneamde robe à la Polonaise ("Poalske mantel") waarden de stuten op 'e nij aksintuëarre mei oan 'e mulbân befêstige kjessentsjes fan gomme linnen of stisele gaas en dêroerhinne tearde stof. Letter waard de cul de Paris ek ûnderdiel fan 'e saneamde robe à l'Anglaise ("Ingelske mantel"). Om 1780 hinne ferdwûn it ferskynsel wer.
Yn 'e njoggentjinde iuw waard de efterkant fan 'e jûpe fannijs aksintuëarre yn twa ûnderskate perioaden, fan 1872 oant 1876 en fan 1882 oant 1886. Yn it kekene Fiktoriaanske Tiidrek waard it wurd cul ("kont") fulgêr fûn en dêrom net brûkt. Ynstee waard doe it wurd tournure ynfierd. Yn 'e moadeskiednis sprekt men sadwaande fan 'e earste tournure en de twadde tournure. De njoggentjinde-iuwske cul de Paris wie ien fan 'e withoefolle ynnovaasjes fan Charles Frederick Worth, dy't wol "de earste couturier" neamd wurdt. Ynstee fan 'e kjessentjes fan hynstehier, dy't earder brûkt wiene, brocht hy in foarm fan flechtwurk ûnder de jûpe oan om 'e stuten op te heegjen en fierder efterút stekke te litten. Diskear holp de cul de Paris ek om 'e dochs al mei in kesjet ynsnuorre mul noch smeller lykje te litten.
Alle kearen dat it yn 'e moade kaam waard dizze ûnpraktyske moade trouwens inkeld troch dames út 'e hegerein droegen.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
tsjin 1700
-
omtrint 1775
-
earste tournure
-
earste tournure
-
twadde tournure
-
twadde tournure
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|