Springe nei ynhâld

Eastsemityske talen

Ut Wikipedy
Eastsemityske talen
algemien
lokaasje Irak, Syrje
tal talen 2
tal sprekkers 0 ( 1e milennium f.Kr.)
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatysk
    ● Semitysk
subgroepen Akkadysk
Eblaïtysk

De Eastsemityske talen binne ien fan teminsten seis taalgroepen dy't mei-inoar de Semityske talen foarmje. Dy hearre wer ta de grutte Afro-Aziatyske taalfamylje. De Eastsemityske taalkloft bestiet ynsafier bekend út mar twa, no deade, talen, te witten: it Akkadysk, dat lânseigen wie yn wat no noardlik Irak is, en it dêr nau mei besibbe Eblaïtysk, út wat no westlik Syrje is. Beide talen binne (skriftlik) oerlevere út it trêde milennium f.Kr. It Akkadysk oerlibbe as sprektaal teminsten oant healwei it earste milennium f.Kr. en as skriuwtaal oant yn 'e earste iuw (n.Kr.). De Eastsemityske talen waarden skreaun mei it spikerskrift en stiene ûnder sterke ynfloed fan it net-Semityske Sûmearysk.

Underferdieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Taalkundigen ornearje dat de ôfspjalting fan 'e Eastsemityske talen fan alle oare Semityske talen (dy't yn 'e regel op ien bulte smiten wurde as de Westsemityske talen), ta stân kaam doe't de sprekkers fan 'e Eastsemityske talen harren almar fierder nei it easten ta nei wenjen setten, sadat se it kontakt mei harren Westsemityske sibben yn 'e Levant ferlearen. Soks soe om 3000 f.Kr. hinne of yn 'e iuwen direkt dêrnei syn beslach krigen hawwe moatte, mei't Akkadyske eigennammen yn Sûmearysktalige teksten fan likernôch 2600 f.Kr. ôf oerlevere binne. De âldste yn it Akkadysk skreaune tekst, yn 'e foarm fan in ynskripsje yn spikerskrift op in klaaitablet, datearret fan likernôch 2500 f.Kr.

De likernôge histoaryske fersprieding fan 'e Semityske talen. De Eastsemityske talen binne werjûn yn grien.

De âldste tekst yn it Eblaïtysk, ek yn it spikerskrift, datearret fan likernôch 2400 f.Kr. It tinken is dat de sprekkers fan it Eblaïtysk út noardlik Mesopotaamje werom migrearre binne nei it westen en sa yn westlik Syrje bedarre binne. Nei de earste ferwoastging fan Ebla, omtrint 2300 f.Kr. hâlde de Eblaïtyske teksten fierhinne op, mei as útsûndering ien tekst dy't datearret fan omtrint 2000 f.Kr.

It Akkadysk wie de offisjele taal fan it Akkadyske Ryk, dat bestie fan 2334 f.Kr. oant 2154 f.Kr. Tsjin it begjin fan it twadde milennium f.Kr. hie it him yn hiel it Heine Easten ûntjûn ta de dominante lingua franca. Letter foel it útinoar yn 'e dialekten Assyrysk en Babyloanysk, dy't sprutsen waarden yn it Assyryske Ryk, resp. it Babyloanyske Ryk. Fan likernôch 1000 f.Kr. ôf rekke it mei it Akkadysk yn it neigean, en it tinken is dat it om 600 f.Kr. hinne útstoar as sprektaal. It bleau lykwols yn gebrûk as skriuwtaal, en teffens as liturgyske taal yn 'e earetsjinst. De lêst bekende Akkadyske tekst datearret út 79 of 80 nei Kristus.

It moderne begripen fan 'e fonology fan 'e Eastsemityske talen kin inkeld ôflaat wurde út sekuere bestudearring fan 'e oerlevere skreaune teksten yn dy talen en ferliking mei oare Semityske talen en de rekonstruëarre oertaal Proto-Semitysk. It meast opfallend is yn dat ferbân de beheining fan 'e klankynventaris fan efter yn 'e mûle útsprutsen konsonanten, te witten: de felêre, faryngale en glottale wriuwklanken. It Akkadysk behold dêrfan inkeld de [x] (ch fan "berch"), dy't yn 'e wittenskiplike literatuer transliterearre wurdt as ḫ, en foar in diel de [ħ] (in yn 'e kiel útsprutsen stimleaze h), dy't transliterearre wurdt as ḥ.

Felêre, faryngale en glottale wriuwklanken dy't yn 'e oare Semityske talen prominint oanwêzich binne, wiene yn it Akkadysk weiwurden. It giet dêrby om [h] (h fan "hea"; transliterearre as h), [ɣ] (g fan "bûge"; transliterearre as ġ), [ʕ] (in yn 'e kiel útsprutsen stimhawwende h; transliterearre as ‘) en [ʔ] (de glottisslach, de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje"; transliterearre as ’). Dêrfoar yn it plak oppenearre him yn it Akkadysk in e-fokaal op plakken dêr't dy yn oare Semityske talen net foarkomt, lykas yn it Akkadyske bēl ("master") en ekallu ("paleis" of "timpel"), yn tsjinstelling ta it Proto-Semityske *ba‘al, resp. *haykal.

It liket der ek sterk op dat de rige ynterdintale wriuwklanken him yn 'e Eastsemityske talen ûntjoech ta siisklanken, lykas yn it Akkadyske šalšu ("trije"), yn tsjinstelling ta it Proto-Semityske *ṯalaṯ. De krekte fonologyske opbou fan 'e Eastsemityske talen is lykwols net folslein bekend, en it soe kinne dat it skynber weiwurden fan guon skaaimerken it gefolch is fan it skriuwen fan 'e talen yn it spikerskrift. Dat wie nammentlik in skrift dat ûntwurpen wie foar it Sûmearysk, in net-Semityske, isolearre taal, mei in folslein oare fonology. It spikerskrift wie dêrom yn in protte opsichten ûngaadlik om it Akkadysk en it Eblaïtysk mei te skriuwen.

Behalven op it mêd fan fonology ûnderskaten de Eastsemityske talen har ek fan 'e Westsemityske talen troch de ûnderwerp-saaklik foarwerp-tiidwurdsfolchoarder yn 'e sinsbou. Oare Semityske talen hawwe datoangeande nammentlik in folchoarder dy't útgiet fan tiidwurd-ûnderwerp-saaklik foarwerp of fan ûnderwerp-tiidwurd-saaklik foarwerp. Taalkundigen ornearje dat de ôfwikende wurdfolchoarder yn 'e sinsbou fan 'e Eastsemityske talen fuortkomt út beynfloeding troch it Sûmearysk, dat ek in ûnderwerp-saaklik foarwerp-tiidwurdsfochtoarder hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.