Springe nei ynhâld

Estudios Churubusco

Ut Wikipedy
Estudios Churubusco
Yngong fan it studiokompleks.
Yngong fan it studiokompleks.
algemien
nasjonaliteit Meksikaansk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Meksiko-Stêd
oprjochte 1945
eigner oerheid fan Meksiko
offisjele webside
www. estudioschurubusco.com
kaart
Estudios Churubusco (Meksiko-Stêd)
Estudios Churubusco
Lokaasje yn Meksiko-Stêd.

De Estudios Churubusco binne in studiokompleks en filmstudiobedriuw yn Meksiko-Stêd. It is it âldste en grutste studiokompleks fan Meksiko, dat ferneamd is nei de wyk Churubusco, dêr't it sitewearre is. Behalven fasiliteiten beskikber te stellen foar it meitsjen fan films, produsearret Estudios Churubusco ek eigen films.

De Estudios Churubusco waarden boud nei in oerienkomst fan 'e Amerikaanske filmstudio RKO Radio Pictures mei Emilio Azcárraga Vidaurreta, de oprjochter fan wat letter de mediareus Televisa wurde soe. It kompleks waard iepene yn 1945. Fiif jier letter, yn 1950, fusearre it mei de Estudios y Laboratorios Azteca en hiet neitiid in skoft Estudios Churubusco Azteca. Yn 1958 waard it kompleks oankocht troch de Meksikaanske oerheid, dy't sûnt de eigner is. De Estudios Churubusco binne ien fan 'e beide studiokompleksen anneks filmstudio's út it Gouden Tiidrek fan 'e Meksikaanske Sinema dy't noch altyd besteane (de oare is Televisa San Angel). Sûnt 2000 hat 95% fan 'e films dy't yn Meksiko produsearre binne, gebrûk makke fan 'e fasiliteiten fan 'e Estudios Churubusco. Dêrnjonken witte ek hieltyd mear ynternasjonale produksjes de wei nei it kompleks te finen.

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Estudios Churubusco opnommen binne:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.