Femme fatale
In femme fatale (útspr.: [fɛm faˈtal], likernôch: "fem fa-tal", Frânsk foar "fatale frou" oftewol "deadlike frou"), soms ek in manljusslynster neamd, is in weromkearend froulik stereotype en narratologysk ynstrumint yn 'e fiksje en keunst fan 'e Westerske wrâld en oare kultueren. It giet om in mysterieuze, tsjeppe en ferliedlike frou, dy't manlju mei har seksuele oantrekkingskrêft bestrûpt en harren nei de ûndergong liedt. Dat docht sa'n personaazje almeast mei opsetsin, hoewol't it soms ek foarkomt dat it bart sûnder dat de frou it wol of der war foar docht.
Yn 'e ierste ferzjes, út folksferhalen, wie de femme fatale in almeast boasaardige ferliedster mei boppenatuerlike krêften. Ek tsjintwurdich noch wurdt de femme fatale faak foarsteld as boasaardich, of alteast moreel ambigu, en altyd wurdt hja assosjearre mei in gefoel fan riedseleftigens en ûnnoflikens. Yn in protte ferhalen besiket de femme fatale har ferburgen doel te fertsjustermoanjen troch ien of mear manlju ôf te lieden mei har skientme, sjarme of sensualiteit. Gauris is har hâlding foar seksualiteit oer frivoal of yntrigearjend. Yn guon gefallen brûkt se leagens en/of sjantaazje ynstee fan sjarme. Ek komt soms it gebrûk fan helpmiddels foar om in (lichaamlik sterkere) man oermânsk te wurden, lykas in bedwelmingsmiddel. (Dat kin sjoen wurde as in moderne analogy fan 'e magyske krêften dêr't se yn âldere ferhalen soms oer beskikte.) Wat ek gauris foarkomt, is dat de femme fatale it foarkomme lit as is se in slachtoffer dat fêst sit yn in sitewaasje dêr't se harsels net út befrije kin.
Foarbylden fan 'e femme fatale út 'e Bibel binne Eva (dy't Adam der yn 'e Hôf fan Eden ta brocht om fan 'e ferbeane apel te iten), Delila (dy't de Israelityske foaroanman Simson útlevere oan 'e Filistinen), keninginne Jezébel (de frou fan kening Achab fan Israel) en prinsesse Salomé (dy't har omke Heroades Antipas deryn rinne liet om Jehannes de Doper de deastraf te jaan). In foarbyld út 'e iere Westerske literatuer is Morgan Le Fay út 'e Arthurleginden. In moderne ferzje fan 'e femme fatale is it stripfiguer Catwoman, de langjierrige rivale fan 'e superheld Batman. Foarbylden út 'e sinema binne de personaazjes spile troch Glenn Close yn Dangrous Liaisons, Sharon Stone yn Basic Instinct, Sarah Michelle Gellar yn Cruel Intentions, Rebecca Romijn yn Femme Fatale en Rosamund Pike yn Gone Girl.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |