Springe nei ynhâld

Fitamine B6

Ut Wikipedy
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

Fitamine B6 is de term dy’t brûkt wurdt om in groep fan natuerlike pyridinederivaten en har fosfaatesters oan te tsjutten dy’t yn it lichem yninoar omset wurde kinne. Fitamine B6 fungearret as ko-faktor yn mear as 140 biogemyske reaksjes. De measte fan dy reaksjes slane op de aminosoer-stofwiksel en oare stikstofhâldende ferbinings, mar ek yn de selenerzjyhúshâlding en de lipidestofwiksel en by de produksje en aktiviteiten fan beskate hormoanen hat fitamine B6 in rol. Fitamine B6 is in wetteroplosber fitamine.

Fitamine B6 komt yn trije ferskillende foarmen foar, dy’t fan elkoar ferskille troch de groep op de 4-posysje:

Hoewol’t ek fan PMP in funksje as kofaktor bekend is, is de metaboal meast aktive foarm it pyridoksal-5-fosfaat (PLP), dat yn de lever foarme wurdt út pyridoksal.

4-pyridoksinesoer (PA) is it ôfbrekprodukt fan fitamine B6 dat mei de urine útskieden wurdt. Dizze foarm wurdt meast net ta de fitamine B6-groep rekkene.

Hoewol’t dizze fitamine yn trije foarmen bestiet, wurdt de term pyridoksine geregeld brûkt om de hiele fitamine B6-groep oan te tsjutten. De aktivearre foarmen fan pyridoksal en pyridoksamine (de fosfaatesters) binne aktive ko-ensymfoarmen en kinne yn elkoar omset wurde, in proses wêrby’t fitamine B2 en fitamine B3 as kofaktors nedich binne. Dizze ynterkonferzje spilet in wichtige rol by de biologyske funksjes fan dizze fitamine.

De minsken en oare primaten binne ôfhinklik fan de oanfier fan fitamine B6 út eksterne boarnen. Fosforilearre foarmen fan fitamine B6 wurde defosforilearre yn it maach- en termknaal foardat se opnommen wurde. Alle trije foarmen fan fitamine B6 (pyridoksine, pyridoksal en pyridoksamine) wurde yn de tinne term maklik opnommen. Oerstallich pyridoksine wurdt mei de urine útskieden.

Fitamine B6 is ûntdutsen by in ûndersyk nei de oarsaak fan pellagra. Ferskillende groepen ûndersikers wiene oan de ein fan de tweintiger jierren fan de foarige iuw op syk nei de faktor dy’t pellagra foarkomme kin. Joseph Goldberger hie yn 1926 by rotten ûntdutsen dat tafoeging fan in lytse hoemannichte bakkersgist oan it iten in pellagra-eftige hûdsykte (dermititis acrodynia) tefoaren komme koe. De Hongaarske mikrobiolooch en biogemikus Paul György beskreau yn 1934 as earste fitamine B6 as de “rat pellagra previnsjefaktor” yn bakkersgist.[1]. Hy neamde de faktor "rat acrodynia factor" of adermine. Yn 1938 slaggen fiif ferskillende groepen wittenskippers, wêrûnder György, deryn om fitamine B6-kristallen te isolearjen út de faktor dy’t pellagra tefoaren komme kin fan Goldberger.[2]

Yn 1939 wist in oare groep ûndersikers (Stanton A. Harris en Karl Folkers) de struktuer fan pyridoksine op te helderjen en waard de stof foar it earst syntetisearre. Paul György stelt dan de namme pyridoksine út, fanwege de strukturele besibbens oan pyridine.[2] Yn 1945 toande Esmond Emerson Snell oan dat der twa oare foarmen fan fitamine B6 besteane, nammentlik pyridoksal en pyridoksamine. Alle trije foarmen fan fitamine B6 binne prekursors fan in aktivearre foarm, pyridoksal-5-fosfaat (PLP). Yn 1957 waard troch Snyderman foar it earst fêststeld hoefolle fan dizze fitamine de minske deis brek is.

Letter die bliken dat fitamine B6 yn 1932 al isolearre wie en beskreaun troch de Japanner Ohdake, dy’t dwaande wie mei de isolaasje fan oryzanine (fitamine B1) út rysslypsel. Hy fûn fitamine B6 as in byprodukt, beskreau de formule, mar wie him der net fan bewust dat er in fitamine ûntdutsen hie en wat it belang dêrfan wie.[2]

Yn de natuer binne der twa ferskillende manieren bekend dêr’t fitamine B6 op de novo syntetisearre wurde kin.[3]

Njonken de direkte synteze fan nij PNP of PLP binne dizze foarmen fan fitamine B6 ek yn elkoar om te setten troch it saneamde "Salvaazje"-reaksjepaad. Dizze omsettings komme ta stân troch de aksje fan ofwol kinazes ofwol oksidazes. De measte dieren, wêrûnder de minske, beskikke allinnich oer it “Salvaazje"-reaksjepaad.

In wichtige stap yn it ôfbrekken fan fitamine B6 is de defosforilearring fan PLP/PMP/PNP, want dy stap makket bot de beskikberens fan aktive fitamine B6 kofaktors út. Hoewol’t ek net-spesifike ôfbraak fan fitamine B6 bestiet troch alkalyske fosfataze en soere fosfataze binne der by ferskillende organismen foarmen fan fosfatazes beskreaun dy’t spesifyk de fosforilearre foarmen fan fitamine B6 as substraat hawwe. Ien fan de bêst beskreaune foarmen is it ensym pyridoksal fosfataze (PLPP) by de minske. It komt yn ferskate weefsels foar, mar benammen yn de harsens, lever en testes. Dit ensym is foar syn wurking ôfhinklik fan magnesium.

Funksjes yn it lichem

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de earste tiid nei de ûntdekking fan fitamine B6 waard oan fitamine B6 benammen in rol as groeifaktor taparte. Troch fierder wittenskiplik ûndersyk is ûnderwilens dúdlik wurden dat dat mar in tige rûge beskriuwing is fan de o sa útienrinnende rol dy’t fitamine B6 spilet yn ferskate krúsjale libbensfunksjes.

De ko-ensymfoarm fan fitamine B6 (pyridoksal-5-fosfaat) is essinsjeel foar de wurking fan mear as 140 fitamine B6-ôfhinklike ensimen. Dizze ensimen katalisearje ferskate biogemyske reaksjes yn de lea, wêrtroch de fysiologyske funksjes fan fitamine B6 ek slim útienrinne:

  • Aminosoerstofwiksel: Ién fan de wichtichte funksjes fan fitamine B6 is de funksje as ko-ensym by alle aminearjende en transaminearjende reaksjes. Dit binne reaksjes wêrby’t aminogroepen oerdroegen wurde. Sa hat fitamine B6 in wichtige rol by it omsetten fan aminosoeren en neurotransmitters en biogene aminen.
  • Foarming fan fitamine B3: Fitamine B6 hat in wichtige rol by it omsetten fan tryptofaan yn nikotinesoer (fitamine B3). In lege fitamine B6-status sil dy omsetting remje. Om dy reden spilet B6 ek in rol yn de golesterolstofwiksel.
  • Synteze fan hiemferbinings: Fitamine B6 is belutsen by it oanmeitsjen fan 5-aminolefulinesoer út it aminosoer glysine, de earste stap yn de porfyrinebiosynteze dy’t nedich is om hiemferbinings te foarmjen. Op dy wize is fitamine B6 belutsen by it oanmeitsjen fan hemoglobine, mar it is ek nedich by it ynkorporearjen fan izer yn it hemoglobinemolekúl, wêrtroch’t fitamine B6 it fermogen fan reade bloedsellen fergruttet om soerstof te binen en wer ôf te jaan. Hiemferbinings binne ek it aktive sintrum fan myoglobine, wat de rol fan fitamine B6 by de wurking fan hert- en skeletspieren ferklearret. Ek yn sytogroomferbinings yn de mitogondrye is hiem it sintrale molekúl, wat in ferklearring is foar it effekt fan fitamine B6-defisjinsje op de enerzjystofwiksel.

Yn iten is fitamine B6 meast bûn oan aaiwiten. Pyridoksine komt benammen yn planten foar, wylst pyridoksal en pyridoksamine benammen yn dierlik weefsel oantroffen wurdt. Tige rike dierlike boarnen fan fitamine B6 binne hin (4,2 mg de kilo) en lever (kowelever, bargelever) (1,1 mg de kilo). Goede boarnen binne fleis (skinke) en fisk (tonyn, forel, heilbot, hjerring, Salm), aaien. Dierlike boarnen fan fitamine B6 befetsje benammen it goed op te nimmen pyridoksaal-5-fosfaat en pyridoamine-5-fosfaat.

Goede plantaardige boarnen fan fitamine B6 binne hiele granen, púlfruchten, bananen, nuten (wâlnuten 7,3 mg de kilo), bôle, mais en grouweitenbôle. Grienten en fruit binne relatyf earm oan fitamine B6, hoewol’t guon produkten út dizze kategory dochs noch synjefikante hoemannichten fitamine B6 hawwe, lykas beane en blomkoal, en rezinen.

Ferliezen by it opslaan, it tameitsjen en sieden kinne fariearje en kinne oprinne oant mear as 50%,[9] ôfhinklik fan de foarm wêryn’t it fitamine oanwêzich is yn iten. Yn plantaardige boarnen fynt it minste ferlies plak, sjoen dat planten foar it meastepart pyridoksine befetsje, dat folle stabiler is as it pyridoksal of pyrodoksamine dat yn dierlike boarnen oantroffen wurdt.

In wichtich part (5 oant 80%) fan de fitamine B6 yn fruchten en grienten is glysosylearre. Yn dizze foarm kin fitamine B6 net omset wurde troch pyridoksinekinaze-ensimen, wat betsjut dat glysosylearre fitamine B6 op in oare wize brûkber makke wurde moat foar it lichem. β-glukoazidaze-ensimen kinne it sûkerpart ferwiderje, wêrtroch it fitamine brûkber makke wurdt foar "Salvaazje"-reaksjepaad ensimen.

Der is fierder in grutte fariëteit oan noch oare fitamine B6 ôflaten, dy’t der op tsjut dat fitamine B6 in wichtige rol spilet yn ferskate oare noch ûnbekende prosessen.

It Amerikaanske National Institute of Health (NIH) hantearret in oanbefelling ("Recommended Dietary Allowance (RDS)") foar fitamine B6 fan 1,3 mg deis foar folwoeksenen. De trochsneed ynname yn de Feriene Steaten is (wie yn 1986) 1,9 mg deis.

Yn Austraalje is de oanbefelling 1,6 mg fitamine B6 deis.

Yn it Feriene Keninkryk is de oanbefelling in ôflate fan de aaiwytynname: 15 mikrogram de gram aaiwyt, wat by in trochsneed aaiwytynname sawat delkomt op 1,2 oant 1,4 mg fitamine B6 deis.[10]

Symptomen fan in tekoart

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Langduorjende earnstige tekoarten kinne liede ta bloedearmoede, gjin sin oan iten, diarree, senuwoandwanings en in fermindere wjerstân. By krekt berne poppen kin in tekoart liede ta stupen. Ek binne der genetyske ôfwikings yn fitamine B6 beskreaun wêrby’t it fitamine B6 net aktyf is. De klinyske ferskynsels hjirby binne stupen of groanyske foarm fan bloedearmoede en systationury. De bern reagearje faak wol op terapy mei fitamine B6. Ek binne der hûdôfwikings beskreaun.

De konsintraasje fan fitamine B6 yn bloed wjerspegelet de konsintraasje yn de lever en de ynname. Konsintraasjes fan minder as 35 nmol/L kinne tsjutte op defisjinsje. Fitamine B6-defisjinsjes kinne sjoen wurde by: swierwêzen, groanyske nierynsuffisjinsje en alkoholisme. Omdat fitamine B6 yn in soad fiedingsmiddels foarkomt, komt in tekoart oan fitamine B6 hjoeddedei yn Nederlân amper mear foar. Defisjinsjes fan fitamine B6 kinne troch de folgjende meganismen ûntstean:

  • Fermindere ynname troch iensidich dieet (komselden)
  • Ferhege ferlet (swierwêzen)
  • Remming fan alkalyske fosfataze mediearre opname yn de lever (alkoholisme)
  • Fermindere aktivaasje fan fitamine B6 (groanysk nierfalen)

It brûken fan it genêsmiddel isoniazide, in genêsmiddel tsjin tuberkuloaze, of langduorjend brûken fan orale kontraseptiva kin liede ta fitamine B6-defisjinsje.

It belang fan fitamine B6 foar de sûnens wurdt wjerspegele yn de grutte hoemannichte ûndersyk dy’t dien wurdt nei fitamine B6 yn relaasje ta previnsje en terapy fan ferskate oandwanings.

By diabetisy binne de gehaltes oan fitamine B6 yn it bloed ferlege. Fitamine B6 is in kofaktor yn in tal omsettingsrûtes fan tryptofaan. Fersteuring fan dizze reaksjepaden liedt ta ferhege nivo’s fan kynurenine en ôfbraakprodukten dêrfan, hokker de ynsulinesekreesje remje en de tolerânsje foar glukoaze ferminderje. Suppleesje mei fitamine B6 liket it byld te ferbetterjen by ferskate mei glukoazetolerânsje gearhingjende problemen.

Symptomen fan in oerskot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Langduorjend deistich brûken fan in fiedingssupplemint mei in hege dosearring fitamine B6 wurdt yn ferbân brocht mei oandwanings oan de senuwen yn de earms en skonken. Meastal giet it om dosearrings fan 500 mg deis of mear, mar by guon persoanen kinne ek by dosearrings fan 300 oant 500 mg deis symptomen foarkomme.[11]

In oerskot oan fitamine B6 kin liede ta swiere en progressive sensoaryske neuropaty, wat him uterje kin yn fermindere of (tydlik) ûntbrekkende propriosepsje en ataksje (ferlies fan kontrôle oer lichemsbewegings).[12]

Neuropaty troch fitamine B6 ûntwikkelet him mar stadichoan, sels by hege dosearrings, ynname langer as tolve moanne duorjend of noch langer is nedich om neurologyske klachten te ûntwikkeljen by in dosearring fan 2000 mg deis of minder.[13] De symptomen binne doasisôfhinklik en binne omkearber. Yn de measte (mar net alle) gefallen ferdwine de klachten wer as de fitamine B6-suppleesje stoppe wurdt.[12][3][10]

Dêrnjonken binne der oanwizings dat hege dosearrings fitamine B6 (mear as 150 mg deis) liede kinne ta hûdyrritaasje nei bleatstellen oan UV-ljocht,[2][12] en ûnrêstige sliep en wylde dreamen.[10] Ek gastroyntestinale steurings lykas mislikens en refluks wurde meld.[12]

De toksisiteit fan fitamine B6 liket allinnich op te treden by fiedingssuppleminten mei fitamine B6 yn de foarm fan pyridoksine-HCI. De metaboal aktive foarm fan fitamine B6, pyridoksal-5-fosfaat, wurdt net mei toksisiteit yn ferbân brocht.[14] Sels by ynjeksje yn bot hege nivo’s, liedt dizze foarm fan fitamine B6 net ta toksisiteit.[14] De Jeropeeske fiedsel- en ware-autoriteit EFSA hantearret lykwols foar alle foarmen fan fitamine B6 itselde feilichheidsprofyl en itselde maksimum.[14]

Feilige maksima

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oerheidsynstellings dy’t in feilich maksimum fêststelle moasten foar fitamine B6 komme op basis fan ferskillende stúdzjes en ferskillende metodiken op slim útinoarrinnende feilige maksima:

It Amerikaanske National Institute of Health (NIH) hantearret in maksimum fan fitamine B6 fan 100 mg deis foar folwoeksen, ek by swierwêzen en it jaan fan it boarst.[12] Dit maksimum is basearre op it feit dat yn ferskillende stúdzjes wêryn’t foar in langer skoft (oant fiif jier) alle dagen yn trochsneed 200 mg fitamine B6 jûn waard, gjin neuropaty nei foaren kaam. Yn gefallen dêr’t fitamine B6 brûkt wurdt yn de kontekst fan in medyske behanneling ûnder begelieding fan in húsdokter, jild dit maksimum net.[12]

Yn Jeropa hat de Jeropeeske Autoriteit foar fiedselfeiligens (EFSA) yn 2000 de maksimaal feilige deidoasis by groanysk gebrûk ("tolerable upper intake level") fêststeld op 25 mg fitamine B6 deis, benammen basearre op in stúdzje (Dalton & Dalton[15]) wêryn’t neuropaty konstatearre waard by in dosearring fan 100 mg of minder.[13] De opset fan dy stúdzje (telefoanyske fraachpetearen mei stjoerende fragen) hat ûnder wittenskippers in kontroferze feroarsake oft de resultaten fan dizze stúdzje wol betrouber wiene. It Amerikaanske Institute of Medicine fûn de stúdzje net fan genôch kwaliteit om yn in risiko-evaluaasje op te nimmen.[11]

De Britske Expert Group on Vitamins and Minerals hat yn 2003 in feilich maksimum fêststeld fan 10 mg deis, op basis fan in stúdzje yn hûnen wêryn’t in Lowest-observed-adverse-effect level fan 50 mg de kilo lichemsgewicht fûn waard. Nei ekstrapolaasje fan de data, folge troch tapassing fan in tal feilichheidsfaktoaren komt dizze groep op in feilige ynname fan 10 mg deis.[10][11]

It EFSA-maksimum fan 25 mg is gjin wetlik fêststelde eask, mar is in rjochtline. Yn Sweden is sûnt 2016 de ferkeap fan fiedingssuppleminten mei in dosearring fan mear as 25 mg fitamine B6 wer tastien, sjoen dat de rjochter oardiele dat der gjin wetlik maksimum is foar fitamine B6 en de EFSA referinsjewearden foar fitamines en mineralen net brûkt wurde kinne as wetlike maksima yn Sweden.[16]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. György P. Vitamin B2 and the Pellagra-like Dermatitis in Rats (1934) Nature 133:498-499. Yn in [http://www.nature.com/nature/journal/v144/n3646/abs/144512a0.html lettere publikaasje fan György oer itselde ûnderwerp wurdt ferkeard (ferkeard sidenûmer) oan dizze publikaasje referearre.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 Mooney S, Leuendorf J-E, Hendrickson C, Hellmann H., 2009-01-12,Vitamin B6: a long known compound of surprising complexity, Molecules, s. 329–51, issn 1420-3049 Dit is in open access artikel, beskikber ûnder de lisinsje Creative Commons Nammefermelding (CC BY; ferzje 3.0).
  3. 3,0 3,1 Hellmann H, Mooney S., 2010-01-20, Vitamin B6: a molecule for human health?,Molecules, 15, s. 442–59, issn = 1420-3049 Dit is in open access artikel, beskikber ûnder de lisinsje Creative Commons Nammefermelding (CC BY; versie 3.0).
  4. Williams AL, Cotter A, Sabina A, et al. The role for vitamin B-6 as treatment for depression: a systematic review. (2005) Fam Pract 22:532-537. fergees folsleine artikel.
  5. Almeida OP, Marsh K, Alfonso H, et al. B-vitamins reduce the long-term risk of depression after stroke: The VITATOPS-DEP trial. (2010) Ann Neurol 68:503-510. Yn dit Australysk ûndersyk namen 270 minsken yn trochsnee sân jier lang alle dagen in supplemint mei 200 msg foliumsoer, 25 mg fitamine B6 en 500 msg fitamine B12 of in plasebo.
  6. Sánchez-Villegas A, Doreste J, Schlatter J, et al. Association between folate, vitamin B(6) and vitamin B(12) intake and depression in the SUN cohort study. (2009) J Hum Nutr Diet 22:122-133. fergees folsleine artikel.
  7. Ford AH, Flicker L, McCaul K, et al. The B-VITAGE trial: a randomized trial of homocysteine lowering treatment of depression in later life. (2010) Trials 11:8. fergees folsleine artikel.
  8. Merete C, Falcon LM, Tucker KL. B6 is associated with depressive symptomatology yn Massachusetts earne oars (fergees). (2008) J Am Coll Nutr 27:421-427..
  9. McCormick, D. B. Vitamin B6 In: Present Knowledge in Nutrition (Bowman, B. A. and Russell, R. M., eds), 9th edition, fol. 2, s.270. Washington, D.C.: International Life Sciences Institute, 2006.
  10. 10,0 10,1 10,2 10,3 EVM. Vitamin B6, in Expert Group on Vitamins and Minerals, 2003, Safe upper levels for vitamins and minerals, Food Standards Agency, 2016-09-18, 360 s. https://cot.food.gov.uk/sites/default/files/vitmin2003.pdf https://web.archive.org/web/20141127144222/http://cot.food.gov.uk/sites/default/files/vitmin2003.pdf
  11. 11,0 11,1 11,2 Hathcock JN. Vitamin B6 (Pyridoxine), yn Hathcock JN, MacKay D, Wong A, Nguyen H, 2014, Vitamin and Mineral Safety, 3rd edition,Council for Responsible Nutrition (CRN), Washington, D.C., 2016-09-18, s. 190 http://www.crnusa.org/safety/CRN-SafetyBook-3rdEdition-2014-fullbook.pdf | access-date = 2016-09-18 | archiefurl = https://web.archive.org/web/20150301000000*/http://www.crnusa.org/safety/CRN-SafetyBook-3rdEdition-2014-fullbook.pdf
  12. 12,0 12,1 12,2 12,3 12,4 12,5 https://ods.od.nih.gov/factsheets/VitaminB6-HealthProfessional/ Vitamin B6 - Dietary Supplement Fact Sheet, National Institute of Health (NIH), Health Information,National Institute of Health (NIH) https://web.archive.org/web/20160622173956/https://ods.od.nih.gov/factsheets/VitaminB6-HealthProfessional/
  13. 13,0 13,1 Scientific Committee on Food - Opinion of the Scientific Committee on Food on the Tolerable Upper Intake Level of Vitamin B6. EFSA 2002
  14. 14,0 14,1 14,2 European Food Safety Authority (EFSA) - Scientific panel on food additives, flavourings, processing aids and materials in contact with food, 2008-07-21, Opinion on Pyridoxal 5’-phosphate as a source for vitamin B6 added for nutritional purposes in food supplements, The EFSA Journal, 760, s.1-13, issn = 1831–4732 Dit is in open access artikel.
  15. Dalton K, Dalton MJ., 1987, july, Characteristics of pyridoxine overdose neuropathy syndrome, Acta Neurol Scand, 76, 1, s. 8-11, issn = 0001-6314
  16. http://kurera.se/forvaltningsrattens-beslut-ar-en-seger-for-konsumenten ”Förvaltningsrättens beslut är en seger för konsumenten”, Hälsa, 2016-09-03, kurera.se https://web.archive.org/web/20160908063937/http://kurera.se/forvaltningsrattens-beslut-ar-en-seger-for-konsumenten/ De útspraak fan de rjochter (Sweedsktalich dokumint) is hjir yn te sjen.