Springe nei ynhâld

Genoveva fan Parys

Ut Wikipedy
Genoveva fan Parys
   hillige
Sint-Genoveva (Charles Sprague Pearce, 1851–1914).
Sint-Genoveva
(Charles Sprague Pearce, 1851–1914).
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 422
berteplak Nanterre
stjerdatum 502
stjerplak Parys
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 3 jannewaris
patroan fan Parys, Jelsum

Genoveva (Frânsk: Geneviève; berne yn ± 422 yn Nanterre (tsjintwurdich in westlike banlieu fan Parys) - ferstoarn yn ± 502 yn Parys) is in hillige fan de Roomsk-Katolike Tsjerke.

Yn Fryslân waard de Jelsumer tsjerke wijd oan de hillige.

Genoveva wie fan ienfâldige komôf en wurke al jong mei as skieppehoedster. De hillige Germanus fan Auxerre († 448) moete it famke, doe't er tegearre mei de biskop fan Troyes op trochreis nei Ingelân wie en foarsei har âlders dat hja jongfaam bleau en troch har devoasje in soad minsken ta it leauwe bringe soe. Op jonge leeftyd lei hja de gelofte ôf jongfaam te bliuwen. Thús libbe hja tige asketysk en hja wijde in soad fan har tiid oan gebed en meditaasje.

Genoveva as beskermhillige fan Parys

Nei de dea fan har heit en mem ferhûze hja nei Parys om dêr te wurkjen ûnder earmen en siken. Neffens de oerlevering soe hja sûnt har fyftjinde oant har dea mar twaris yn 'e wike iten en dronken ha. It dokumint Vita Genovefae virginis Parisiensis fan in ûnbekend skriuwer wurdt om it jier 520 hinne datearre, likernôch 18 jier nei har dea. Njonken de beskriuwing fan har asketysk libben fan gebed en it trou neikommen fan de fêsten, wurdt hja troch de skriuwer priizge foar har geastlike deugden.

Doe't de troepen fan Attila de Hun yn it jier 451 Parys naderen, foarsei Genoveva dat de stêd sparre wurde soe. Hja fjurre de froulju oan om te bidden foar de stêd en op 't lêst bûge Attila ôf yn de rjochting fan Orléans, dêr't er op de fjilden fan Châlons ferslein waard. In twadde kear dat hja de stêd in grutte ramp besparre wie doe't de Franken besochten de stêd út te hongerjen. Genoveva wist op in mirakuleuze wize oan iten te kommen, sadat dy taktyk mislearre.

Op oantrún fan Genoveva waard yn 460 oer it grêf fan de hillige Dionysius in tsjerke boud. Kening Dagobert I († 639) stifte dêr letter de abdij Saint-Denis. Hja soe ek bydroegen hawwe oan de bekearing fan kening Klovis I († 511) yn.

De skryn fan Genoveva yn de Saint-Étienne-du-Mont

Genoveva ferstoar yn it jier 502 en waard yn de Aposteltsjerke yn Parys begroeven, dêr't letter in kleaster by boud waard, werfan't de tsjerke oan de hillige Genoveva wijd waard. Yn it lêste fearn fan de 18e iuw soe de tsjerke troch in gruttere tsjerke ferfongen wurde, mar de nijbou soe troch it útbrekken fan de Frânske Revolúsje nea in tsjerke wurde en stiet hjoed-de-dei bekend as it Panthéon. De resten fan it eardere kleaster binne yn it Lycée Henri IV njonken it Panthéon te sjen.

Yn de tiid fan de Frânske Revolúsje yn 1793 waarden de reliken fan de hillige publikelik ferbaarnd. In letter makke skryn foar Genoveva is te sjen yn de parochytsjerke Saint-Étienne-du-Mont oan de Place Sainte-Geneviève yn Parys.

Hja is de beskermhillige fan Parys, fan wynboeren, huoddemakkers en fan hoeders. Genoveva wurdt oanroppen tsjin pine yn 't each, ekseem, de pest, drûchte, kriich en hûdsyktes. De dei dat de hillige Genoveva yn de liturgy fan de katolike tsjerke betocht wurdt is 3 jannewaris.

Der is in leginde dat Genoveva ris mei in tsjinstfaam nachts nei tsjerke woe om te bidden. Underweis waaide troch it wurk fan de duvel de kears út dy't de tsjinstfaam yn har hân droech en it paad byljochtsje moast. Nei't Genoveva de útdôve kears yn har hân naam, begûn de kears troch in ingel wer te baarnen. Dêrom wurdt Genoveva faak mei in kears, in duvel of in ingel útbylde. Ek in tsjelk of de kaai fan Parys foarmje attributen fan de hillige.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Genoveva von Paris