Gerbrich de Jong
Gerbrich A. de Jong (1989) is in learares Frysk en puzelmakster.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Jong studearre Nederlânske en Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn de tiid fan har masterstúdzje wurke se as leraresse Frysk en Nederlânsk. Nei har stúdzje wurke se in tiid as ûnderwizeresse yn it fuortset en it heger ûnderwiis. [1] Fan oktober 2014 oant july 2015 wie se ûndersyksassistinte by it projekt Taalportaal oan de Fryske Akademy. Foar it Taalportaal skreau se oer de Fryske morfology. [2]
Sûnt 2016 wurket Gerbrich de Jong as lerare-oplieder Nederlânsk en Frysk oan NHL Stenden Hogeskoalle. Dêr dosearret hja 'Fryske Taalfeardigens I en II' en 'Frysk as Minderheidstaal'. [3]
Foar it kennisfermiddel 'Fitale Fakdidaktyk' ferdjippe se har yn de fakdidaktyk Frysk en meartalich ûnderwiis om rjocht te dwaan oan it Frysk as skoalfak.
Mei de auteurs Henk Wolf en Babs Gezelle Meerburg skreau se yn 2018 in folslein nije ferzje fan de ‘kennisbasis Frysk’ foar it hbû. Dêryn stiet wat in learaar Frysk heart te witten. [4]
Yn 2019 wie De Jong sjuerylid op de 'Lange Koartproazajûn', dy’t organsearre waard troch it Frysk literêr tydskrift Ensafh.[5]
MOOC
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2016 sette De Jong foar de Ryksuniversiteit Grins de Ingelske online kurus 'Frysk MOOC' (Massive Open Online Course) op dêr’t minsken út de hiele wrâld oan meidien hawwe. De online kursus Frysk wie basearre op de fariant 'Introduction to Dutch', dy't yn 2015 sa'n 70.000 ynskriuwings hie. Foar de Fryske kursus soene har úteinlik sa'n 6500 minsken ynskriuwe. De kursus fan trije wiken wie fan 26 septimber oant en mei 10 oktober 2016. Alle moandeis kaam in nij kursusdiel beskikber. Op in foarum koenen minsken ek fragen stelle, bygelyks oer hoe't wurden no krekt útsprutsen wurde moatte. Foar guon minsken wie it in aardige yntroduksje yn de Fryske taal, foar oaren wie it in opstapke om op in heger nivo Frysk te learen. Soks koe dan in ferfolch krije by de AFUK, by de NHL of de Universiteit fan Grins. De dielnimmers learden ek oer de Fryske kultuer en it Fryske lânskip.
Lyts Frysk puzelboek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ein 2021 ferskynde fan har hân it yn eigen behear útjûne Lyts Frysk puzelboek. De 55 puzels wiene benammen bedoeld foar minsken dy’t it Frysk goed yn’e macht hawwe. Utgongspunt wiene de puzels út de Nederlânske Tien-voor-Taal puzels fan Denksport. [6] Yn it boekje stiet in grut ferskaat oan puzels: wurdsikers, fotopuzels, rebussen, wurdlidriedsels, hynstesprongen, sprekwurdpuzels, kategorysikers en wurdsudoku’s (Wudoku’s). By in wudoku moatte isogrammen makke wurde, wurden fan njoggen ferskillende letters. (it wurd ‘isogramke’ blykte dêrby sels ek in isogram te wêzen) De oplossings fan de puzels steane efteryn it puzelboek. [7]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|