Springe nei ynhâld

Greppel

Ut Wikipedy
Groep jonges by it graven fan in greppel.
(Foto út kolleksje Tropenmuseum, ±1920).

In greppel is in lange fuorge yn greidlân of by wize fan ôffreding tusken perselen grûn.

Greppels wurde brûkt om oerstallich wetter ôf te fieren nei in sleat, sadat de ûndergrûn minder wiet wurdt. Planten dy't oars ferrotsje en beskimmele reitsje soene, kinne troch dy ôfwettering (of drainaazje) better groeie. Greppels binne fral yn klaaigrûn fan belang, mei't klaai min wetter trochlit.