Herman Witte
Appearance
Herman Bernard Jan Witte (Harns, 18 augustus 1909 - Eindhoven, 30 maaie 1973) wie KVP-minister fan Folkshûsfesting yn de jierren fyftich. Hy wie foar syn misterskip wettersteatkundich yngenieur en direkteur fan gemeentewurken en boargemaster fan Bergen op Zoom. Yn syn amtsperioade as minister makke de bousektor in flinke groei troch. Hy naam fierder de tarieding fan de Wet op de romtlike oardering en in grutte wersjenning fan de Wenningwet ta hân. Witte waard yn 1959 wer boargemaster (yn Eindhoven) en ûnderbruts dit koarte tiid doe't hy minister waard yn it kabinet-Zijlstra. Hy hie yn de steatskommisje Cals/Donner in weardefolle ynbring as wize bestjoerder mei ûnderfining. Witte ferstoar yn 1973 nei twa harsenoperaasjes.
Kategoryen:
- Frysk yngenieur
- Frysk politikus
- Frysk konservatyf
- Nederlânsk yngenieur
- Nederlânsk politikus
- KVP-politikus
- Nederlânsk boargemaster
- Twadde Keamerlid
- Nederlânsk minister fan Ferkear en Wettersteat
- Nederlânsk konservatyf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Harns
- Persoan berne yn 1909
- Persoan stoarn yn 1973