Springe nei ynhâld

Oergongsritueel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Inisjaasjerite)

In Oergongsritueel of inisjaasjerite is in seremoanje dy't de oergong fan in minske fan 'e iene nei de oare status oanjout of fiert. Sokke rituëlen hawwe sawol maatskiplike as religieuze betsjutting, en binne hjoed oan 'e dei benammen noch tige algemien by natoerfolken. Yn 'e meast foarkommende foarm binne it rituëlen dy’t it folwoeksen wurden fan jonges en/of famkes en harren opnimming as folwoeksenen yn 'e maatskippij fan de groep, clan, stamme of it folk oanjouwe. Faak omfettet sa'n ritueel in pynlike behanneling dy't harren selsbehearsking op 'e proef stelt, lykas besnijenis, lichems- of gesichtstatoeëarring of it fyljen fan 'e tosken. Subtilere proeven besteane ek, lykas op eigen manneboet jins earste jacht ta in goed ein bringe moatte of jins earste menstruaasje yn folsleine ôfsûndering trochbringe moatte.

Neiere beskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Inisjaasjeriten komme ek foar by oergongen tusken oare stadia fan it libben, lykas by berte, houliksfollûking, ferstjerren, of de oergong fan kriger ta stamâldste. Soms wurde se ek tapast by besikings, lykas sykte, ûnfruchtberens of natoerrampen. By guon folken binne der fierders noch oergongsrituëlen by it lid wurden fan in geheim genoatskip, lykas de Ogboni by de Jorûba fan súdwestlik Nigearia en súdlik Benyn, de Mohawk Warrior Society by de Mohauk fan súdeastlik Kanada en de noardeastlike Feriene Steaten, en de Mau-Mau by de Kikûjû fan westlik Kenia, dy’t sa’n grutte rol spile hat yn ‘e Keniaanske ûnôfhinklikensstriid. Boppedat komme inisjaasjeriten frijwol altyd foar oan it begjin fan in wurkpaad as sjamaan. Yn 'e Westerske kultuer besteane se, sûnder de godstsjinstige konnotaasjes, noch fuort yn foarm fan 'e ûntgrienings fan bygelyks studinteferienings.

In goed foarbyld fan in oergongsritueel komt foar by de Masai fan súdlik Kenia en noardlik Tanzania. Masai-jonges geane yn har libben nammentlik troch in oantal stadia, dy’t bûn binne oan âlderdom: jonge, jong kriger, âlder kriger, jong stamâldste, bestjoerend stamâldste. De earste fan 'e oergongen tusken dy stadia, dus fan jonge nei jong kriger, wurdt oanjûn troch in besnijenisrite. Sa’n rituële besnijenis komt trouwens by in protte Afrikaanske folken foar. Sa is it by de Dogon, fan súdlik Maly, de earste stap nei de status fan folwoeksen man, dy’t jonges ûndergeane as se tsien oant tolve jier âld binne. By de Dogon bart soks by in groepsseremoanje dy’t mar ienris yn 'e trije jier plakfynt.

In oar goed foarbyld fan oergongsrituëlen foarmje de praktiken sa't dy yn it prekristlike Fidzjy, yn 'e Stille Súdsee, útfierd waarden. By dy inisjaasjeriten waarden de jonges besnijd en de famkes tatoeëarre. Dat lêste ritueel waard de veiqia neamd en besloech de pynlike en oanhâldende tatoeëarring oer in langere perioade fan tiid fan 'e skamlippen en de skamstreek mei in blauswarte kleurstof en gebrûkmeitsjend fan in skerpe stikel en hammerke. It waard útfierd tusken de âlder fan sân jier en de puberteit, en as it klear wie, waard in famke as folwoeksen beskôge. Men leaude dat de beskermdemoanen fan 'e geastewrâld eltse geast fan in ferstoarne oerfalle soenen en ynspektearje oft hy of sy wol besnien of tattoeëarre wie. As der wat net ynoarder wie, koe men in straf ferwachtsje dy’t útinoar rûn fan in flink wan bruien oant it ta pulp slein en opfretten wurden troch de goaden. Besoarge famyljeleden en freonen besochten yn it gefal fan in ûnferwachtse dea dêrom faak de geasten te mislieden troch in jonge nei syn dea noch te besnijen of troch in famke neptatoeaazjes op 'e hûd te tekenjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bertholet, A. en Campenhausen, H. Freiherr von, Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, De Haach, 1970.
  • Bowker, J., Een Wereld van Religies, Kampen, 1999.
  • Collins, R., ûnder redaksje fan, Indianen - De Oorspronkelijke Bewoners van Noord-Amerika, Amsterdam, 1995.
  • Eliade, M. en Coulião, I.P., Wereldreligies in Kaart Gebracht, Utert, 1992.
  • Else, D., et al., West Africa, Hawthorn, 1999.
  • Fitzpatrick, M., Tanzania, Zanzibar & Pemba, Hawthorn, 1999.
  • Fletcher, M.; Finlay, H. en Crowther, G., Kenya, Hawthorn, 2000.
  • Jones, R. en Pinheiro, L., Fiji, Hawthorn, 1997.
  • —, Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • Wouters, H., Volken en Stammen - Noord-Amerika, Amsterdam, 1974.