Springe nei ynhâld

James Moriarty

Ut Wikipedy
James Moriarty
personaazje út 'e Sherlock Holmes-searje
Professor Moriarty op in yllustraasje fan Sidney Paget by it koarte ferhaal The Final Problem.
Professor Moriarty op in yllustraasje fan Sidney Paget
by it koarte ferhaal The Final Problem.
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Britsk
berop/amt wiskundige
heechlearaar
krimineel
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Sherlock Holmes
dokter Watson
Mycroft Holmes
ynspekteur Lestrade
Irene Adler
geastlike heit sir Arthur Conan Doyle
ûntstean 1893

James Moriarty (útspr.: [ˈʤeːmz mɔɹiˈɑːɹti], likernôch "dzjeemz mor-ry-aar-ty"), almeast oantsjut as professor Moriarty, is in fiktyf personaazje út 'e Sherlock Homes-searje fan detektiveromans en -ferhalen fan 'e Britske skriuwer sir Arthur Conan Doyle. Hy waard yntrodusearre yn it koarte ferhaal The Final Problem, út 1893, en komt ek foar yn 'e roman The Valley of Fear. Moriarty is in wiskundige dy't him ûntjûn hat ta in krimineel masterbrein, en ien fan 'e gefaarlikste en fernimstichste tsjinstanners fan privee-detektive Sherlock Holmes, dy't om mei him ôf te weven hàst syn eigen libben derby ynsjit. Hoewol't Moriarty mar yn twa wurken fan Doyle foarkomt, is him yn lettere literêre wurken oer Holmes en adaptaasjes ta oare media faak in prominintere rol oanmetten as de aartsfijân fan 'e grutte detektive.

Funksje en ferskinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Professor Moriarty waard troch sir Arthur Conan Doyle yntrodusearre yn it koarte ferhaal The Final Problem, dat publisearre waard yn The Strand Magazine yn desimber 1893, mar dat spilet yn 1891. Hy spilet ek in rol yn 'e roman The Valley of Fear en wurdt neamd yn fiif oare ferhalen út 'e Sherlock Homes-searje: The Adventure of the Empty House, The Aventure of the Norwood Builder, The Adventure of the Missing Three-Quarter, The Adventure of the Illustrious Client en His Last Bow.

Yn 1893, seis jier nei de yntroduksje fan Sherlock Holmes yn 1887, krige Doyle syn nocht fan 'e geniale privee-detektive en besleat er him stjerre te litten. De yntroduksje fan Moriarty wie dúdlik bedoeld om 'e pine foar de Sherlock Holmes-fans wat te fersêftsjen, troch Holmes de dea fine te litten by it útskeakeljen fan in krimineel sa machtich en gefaarlik dat eltse fierdere taak dy't er hawwe koe dêrnjonken ferbleke soe. The Final Problem wie dus bedoeld, sa't de titel as seit, om "it alderlêste probleem" foar Holmes te wêzen, mei't er by de oplossing dêrfan omkomt.

De fans fan Sherlock Holmes wiene lykwols not amused oer it ôfmeitsjen fan harren held. Uteinlik waard Doyle, nei't er acht jier lang hoekholden hie, yn 1901 troch publike druk en finansjele swierrichheden twongen om Holmes werom te heljen en wer ta libben te bringen. Yn it ferhaal The Adventure of the Empty House, skreaun yn 1903 mar spyljend yn 1894, docht bliken dat Holmes syn eigen dea yn sêne set hat om syn fijannen te mislieden. Doyle keas der lykwols foar om Moriarty net op dyselde manear werom te bringen. De letter skreaune roman The Valley of Fear, wêryn't Moriarty wer opdûkt, spilet sadwaande foarôfgeande oan 'e foarfallen yn The Final Problem.

Moriarty is in Ierske efternamme, krekt as Moran, de namme fan Moriarty syn wichtichste trewant, Sebastian Moran. Harren geastlike heit sir Arthur Conan Doyle wie sels foar in part fan etnysk Iersk komôf.

Sir Arthur Conan Doyle basearre it personaazje fan Moriarty mooglik alteast foar in part op Adam Worth, in echt krimineel masterbrein út 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw, dy't troch in ynspekteur fan Scotland Yard yn 'e doetiidske Britske media omskreaun waard as "de Napoleon fan 'e misdie". Dat wie in oantsjutting dy't troch Doyle stellen waard om yn The Final Problem foar Moriarty te brûken. Mank Sherlock Holmes-kenners bestiet fierders in protte spekulaasje oer de fraach oft Doyle Moriarty ek net foar in part basearre op 'e Kanadeesk-Amerikaanske astronoom Simon Newcomb. Dyselde wie in multytalintearre sjeny mei as spesjaliteit wiskunde en in fertsjinne reputaasje foar wraaksucht en boasaardigens mei't er de karriêres fan rivalisearjende wittenskippers besocht te ferrinnewearjen.

Wat it uterlik fan Moriarty oanbelanget, it skynt dat de doe noch libjende jezuïtyske preesters dy't lesjoegen oan 'e kostskoalle Hodder Place, yn Stonyhurst, yn 'e beskriuwing fan 'e professor yn The Final Problem fuortendaliks pater Thomas Kay weromkoene. Kay wie de saneamde 'prefekt fan dissipline', dy't de liifstraffen taparte oan dôfhûdige learlingen yn 'e tiid dat (de nei't it skynt gauris dôfhûdige) Doyle dêr op skoalle siet.

Uterlik en persoanlikheid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Professor Moriarty wurdt yn it wurk fan sir Arthur Conan Doyle omskreaun as tige lang en meager, glêd skeard, mei in bleke hûdskleur en in asketysk uterlik. Syn foarholle stiket út as in wite koepel, syn eagen binne djiplizzend, en hy hat ôfhingjende skouders, feroarsake troch in soad stúdzje. Syn gesicht stekt út nei foarren en beweecht altyd fan side nei side "op in nuveraardige reptylske wize".

Ut 'e beskriuwing fan Doyle komt professor Moriarty nei foarren as in psychopaat, dy't ferantwurdlik is foar withoefolle skanddieden, mar dêr alhiel gjin sliep om ferliest. Hy is folslein ûnmeilydsum, al besteget er syn smoarge wurk ornaris út oan oaren. Syn gefaarlikste eigenskip is syn geniale yntellekt, wêrmei't er al syn tsjinstanners, op Sherlock Holmes nei, te fluch ôf is. Hy hat, nei eigen sizzen, niget oan 'e krêftmjitting mei Holmes en bewûndering foar hoe't Holmes it tsjin him yn 'e kant set, mar dat wjerhâldt him der net fan om allegeduerigen trewanten út te stjoeren om 'e privee-detektive út 'e ljochten te helpen. As Holmes alle oanslaggen op syn libben oerlibbet en de plannen fan 'e professor kear op kear dwerseidet, ûntstekt de opljeppende Moriarty úteinlik yn grutte razernij.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer de jonkheid of it komôf fan professor Moriarty is yn 'e kanon fan 'e Sherlock Homes-searje net folle bekend. Men mei op basis fan syn efternamme oannimme dat er fan Iersk komôf is. Hy wurdt foar it earst bekend mei 21 jier, as er in baanbrekkend wiskundich traktaat skriuwt en publisearret. Dat liedt derta dat er de learstoel wiskunde oan in lytsere universiteit yn Ingelân taparte kriget. Letter skriuwt en publisearret er noch ferskate oare heech oansleine akademyske wurken, wêrûnder De Dynamyk fan in Astroïde, wêrmei't er him op it mêd fan 'e astronomy bejout.

Nei't er oan 'e universiteit dêr't er stiet it ûnderwerp wurden is fan "dûnkere geroften" dy't troch sir Arthur Conan Doyle net fierder spesifisearre wurde, is Moriarty twongen om syn heechlearaarskip op te jaan en dy krite te ferlitten. Hy set him nei wenjen yn Londen, dêr't er "legercoach" wurdt: in priveelearaar dy't oankommende ofsieren fan it Britske Leger tariedt op harren eksamens. Dêrnjonken ûntjout Moriarty him ek ta in riejaand krimineel masterbrein foar ferskate Londenske bindes en ûnôfhinklik operearjende kriminelen, yn ruil foar hearrigens oan syn eigen opdrachten en in diel fan 'e bút. It is ûndúdlik oft er dêrmei al úteinset wie doe't er noch professor wie en oft dàt wie wêr't de "dûnkere geroften" oer giene dy't ta syn ôftreden laten.

Yn The Final Problem (skreaun yn 1893 mar spyljend yn 1891) fertelt privee-detektive Sherlock Holmes oan syn freon en biograaf dokter Watson dat er no al jierren it fermoeden koesteret dat in protte skynber isolearre misdriuwen yn Londen feitliks allegearre op it konto komme fan ien grutte en tige subtile kriminele organisaasje. Nei ûndersyk is er ta de konklúzje kommen dat professor Moriarty dejinge is dy't it hiele spul oanstjoert. It probleem is dat Moriarty yn sok heech oansjen stiet, dat beskuldigings yn syn rjochting nearne ta liede soene as der gjin wetterticht bewiismateriaal foar oanlevere wurdt. Moriarty kriget yn 'e rekken dat Holmes mei it gearfandeljen fan sok bewiismateriaal dwaande is en siket him op om him mei de dea te bedriigjen as er de boel net gewurde lit.

Holmes negearret dat en leveret syn bewiismateriaal by Scotland Yard ôf, sadat Moriarty en syn trewanten ferwachtsje kinne oer in pear dagen arrestearre te wurden. Mei't er wol foar it ferstân hat dat Moriarty-en-dy út wraak in wraam op him dwaan sille foar't se ûnderdûke of oppakt wurde, pykt Holmes út nei Switserlân. Hy beävensearret de ûntsnapping fan Watson út Londen, dy't him neitiid om utens by Holmes jout. Moriarty reizget harren efternei, wêrnei't der in klimaktyske wrakseling tusken him en Holmes plakfynt boppe-oan 'e Reichenbachwetterfal. Dat gefjocht einiget dermei dat de beide fijannen tegearre oer de râne fan 'e hege wetterfal knoffelje en, nei't men oannimme mei, te pletter falle of ferdrinke.

Yn 'e roman The Valley of Fear (skreaun yn 1914 mar spyljend foarôfgeande oan 'e foarfallen yn The Final Problem) besiket Holmes en kom foar dat de trewanten fan Moriarty in moard begeane. Dokter Watson, en dêrmei de lêzer, moetet Moriarty nea, en sjocht him yn The Final Problem inkeld fan in grutte ôfstân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.