John Herschel
Appearance
John Frederick William Herschel (Slough (Buckinghamshire), 7 maart 1792 – Hawkhurst (Kent), 11 maaie 1871) wie in Ingelsk wiskundige, astronoom, apteker, botanikus en eksperimintele fotograaf/útfiner. Hy wie in soan fan astronoom William Herschel. Ut reden fan syn grutte maatskiplike fertsjinsten waard er beïerdige yn Westminster Abbey.
Herschel wie de earste dy't de Juliaansk dei yn de astronomy ynbrocht. Hy beneamde sân moannen fan de planeet Saturnus en fjouwer fan Uranus. Fierder hat bydroegen op it mêd fan de fotografy, û.m. troch de útfining fan 'e blaudruk, en die er ûndersyk nei kleureblinens en de gemyske krêft fan ultraviolette strieling.
Yn 1821 en 1847 krige Herschel de Copley Medalje.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Biografyske ynformaasje
- (in) R. Derek Wood (2008), Fourteenth March 1839, Herschel's Key to Photography
- (in) Herschel Museum of Astronomy
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory John Herschel fan Wikimedia Commons. |