Springe nei ynhâld

Justus fan Effen

Ut Wikipedy
Justus fan Effen

Justus fan Effen (Utert, 21 febrewaris 1684De Bosk, 18 septimber 1735) wie in Nederlânske, ynternasjonaal ferneamde, kursyfke-skriuwer en oersetter út de 18e iuw. Hy hat it measte yn it Frânsk skreaun, mar ek sines ta de Nederlânske literatuer dien. Hy wurdt beskôge as ien fan de bêste Nederlânske skriuwers fan 18e iuw en ek fan belang foar de Ferljochting yn Nederlân.

Justus fan Effen wie it twadde bern fan Melchior en Maria fan Effen Hy sette útein mei syn stúdzje oan de Universiteit fan Utert yn 1699, mar waard nei de dea fan syn heit (6 maaie 1706) gûverneur by begoedige famyljes om syn mem en suster troch de tiid te helpen. Hy kaam yn tsjinst by in Frânske widdofrou en om 1709 hinne by Baron Arent fan Wassenaer Duivenvoorde, bûtengewoan ôffurdige by de kroaning yn 1715 fan George I fan Ingelân. Meastal wurdt dêr by sein dat er Newton en Pope moete. Fan Effen waard dêr ek lid fan de Royal Society. Hy wurdt beskôge as immen dy’t de ferljochte tinkbylden fan Joseph Addison en Richard Steele, publisearre yn harren The Spectator, mear bekendheid jûn hat op it Europeesk kontinint.

Yn 1716 komt er yn tsjinst fan de jongehear Bernard fan Welderen. Nei in ûngelokkige leafde reizge er yn 1719 nei Sweden dêr’t er oan it hof fan keninginne Ulrike Eleonora fan Sweden tahold. Yn 1727 promovearre Fan Effen op Over de straf bij diefstal op heterdaad, tagelyk mei syn pupil, de yn Bengalen berne Martin Jacob Huysman. Dêrnei gie er mei Fan Welderen nei Ingelân om by de kroaning fan George II fan Ingelân te wêzen. Justus fan Effen brocht syn lêste jierren as kommys by Land's Magazijn voor de Oorlog troch, in baantsje dat er oan Van Welderen te tankjen hie. Yn 1732 wie er finânsjeel safier dat er trouwe koe, hy hie doe al twa bern, mar stoar trije jier letter oan maagkanker.

Fan Effen hie kunde oan Frânske emigranten en troch harren ynspirearre die er syn earste stappen yn de literêre wrâld. Yn’e mande mei Willem Jacob 's Gravesande en Prosper Marchand rjochte er yn 1713 it tydfskrift Journal littéraire de la Haye op (syn foarbyld wie it Ingelske blêd The Spectator, sûnt 1711, dêr’t er mâl mei wie). Hy sette de Tale of a tub fan Jonathan Swift yn it Nederlânsk oer en Robinson Crusoe fan Daniel Defoe nei it Frânsk. Fan Effen wie yn 1731 de oprjochter fan it wykblêd Hollandsche Spectator, wer ynspirearre troch The Spectator. Dêryn skreau er byldzjende en moralisearjende sketsen yn it Nederlânsk oer de meast útienrinnende dingen fan it Hollânske libben fan syn tiid, oer alles dêr’t de besikers fan de doe opgong meitsjende kofjehuzen niget oan hawwe koenen. Hy skreau krityske stikjes tsjin de himmelsucht fan de Nederlânske hûsfrou, it suchtsjen nei titels, oerdreaun purisme, ûnbidich ite en drinke, sjauvinisme, oer polityk en near provinsjalisme. Fan Effen syn skriuwstyl wie koel en nuchter en socht oansluting by de gewoane sprektaal. Syn novelle Kobus en Agnietje, dat yn 1731 yn de Hollandsche Spectator ferskynde, is ferneamd wurden.

  • P. J. Buijnsters, Justus van Effen (1684-1735). Leven en Werk. (Utert: HES, 1992). ISBN 9789061940586
  • W.J.B. Pienaar, English influences in Dutch literature and Justus van Effen as intermediary : an aspect of eighteenth century achievement, Cambridge : University Press, 1929
  • James L. Schorr, The life and works of Justus van Effen, Publikaasjes fan it Departemint fan Moderne en Klassike talen fan de Universiteit fan Wyoming, 1982

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Mr. Justus van Effen. Uit de Hollandse Spectator. Een bloemlezing samengesteld, ingeleid en van aantekeningen voorzien troch P. Maassen, 1980.
  • Ingelske Wikipedia, Jusus fan Effen