Klade
Appearance
In klade (fan Aldgryksk κλαδος, lês klados, twiich), is a systematyske ienheid dêr't de lêste mienskiplike foarfaar mei allle neiteam yn gearfet binne. It begryp kin foar yndividuem brûkt wurde, mar de grutste tapassing is faaks de kladistyk. Dêr wurde taksons at it kin opdield nei de kladen. Dêr't dat slagget, hjit it takson monofyl te wezen (ien stamme), dat wol sizze dat it mar ien ôfstamming hat.
Foarbyld fan in klade
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Minsken (Homo) binne wat de klassifikaasje oangiet in soarte fan de Dieren. Dat, it takson fan de Dieren omfiemet ûnder oaren Homo.
- Fûgels binne fuortkaam út de dinosauriërs, dat de klade fan de dinosauriërs omfiemet ek de fûgels.
Oar takson
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In protte nije ûntwikkelings binnne basearre of DNA-ûndersyk, en der wurdt no ornaris besocht om alle taksons monofyl te meitsjen. Mar âlder ûndersyk hie dy ynformaasje net, dat soms binne der taksons ynsteld dy't parafyl (njonkenstamme) binne. Dat wol sizze dat de groep mear as ien ôfstamming hat.