Loftskip
In loftskip is in loftfartúch wat sweeft yn de loft en stjoerd wurde kin.
Bou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trochdat in loftskip folle is mei in gas dat lichter is as lucht, sweeft it. In loftskip hat ien as mear motoaren, mar dy wurde allinnich brûkt foar opdriuwing; se hoege it loftskip net yn de loft te hâlden. Trochdat in loftskip wat in sigaarfoarm hat kin it mei help fan roeren maklik stjoerd wurde. Romte foar passazjiers of fracht kin útsparre wêze yn de sigaarfoarm, of kin der yn in gondel ûnder hingje. De earste loftskippen waarden fold mei wetterstofgas, mar om't dat tige brânber is waard letter oergongen op helium.
Types
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Seppelin
- In loftskip mei in stive bou. De grutste loftskippen wienen seppelins; de stive bou makket gruttere skippen mooglik.
- Blimp
- In loftskip dat yn foarm holden wurdt troch oerdruk fan it gas. In blimp is ienfâldiger bouber as in Seppelin, mar kin net likegrut boud wurde. In soad blimps wurdt brûkt foar reklame.
- Heal-stiif loftskip
- In loftskip dat boud is as in blimp, mar mei in part dat stiver boud is. Dit jout it loftskip foar in part al foarm, en de oerdruk kin dan leger wêze.
- Sinker
- In loftfartúch dat foar in grut part itselde is as in loftskip, mar yn stee fan te sweevjen brûkt it foar in part fleanmasinetechnyk om yn de loft bliuwe te kinnen.
- Grutte-hichte loftskippen
- Unbemande loftskippen op grutte hichte. De Feriene Steaten hawwe de kabel-ferzjes yn gebrûk by de grins mei Meksiko, mar los fleanende ferzjes, dy't as loftsatelyten brûkt wurde sille, binne yn in fier stadium fan ûntwikkeling. Undersyk wurdt ek dien nei hybride systemen dy't in omrinbaan fan de Ierde berikke kinne moatte.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Utfining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hast sûnt de útfining fan de loftballon yn 1783 is der besocht ballons better stjoerber te meitsjen. It begjin wie de earste loftballon mei in, hânmjittige, propeller, fan Jean-Pierre Blanchard yn 1784. Yn 1852 kaam it loftskip fan Henri Giffard, oandreaun troch in steammasjine en allinnich stjoerber as der hast gjin wyn wie. Nei ferskate oare masines wie La France, fan Charles Renard en Arthur Krebs, yn 1884 it earste wier bestjoerbere loftskip.
Gouden tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it begjin fan de 20e iuw waard de seppelin fan David Schwarz ûntwikkele ta modellen dy't brûksum wienen foar post- en passazjierferfier. Yn de Earste Wrâldkriich waard ek besoch de seppelins foar de oarloch yn te setten, mar yn de rin fan de oarloch waarden de fleanmasines ûntwikkele ta bettere oarlochswapens. Nei de oarloch begûnen ek oare lannen mei de bou fan seppelins. Dat wiene gruttere loftskippen dy't lange ôfstannen fleane koene. Yn de rin fan de tritiger jierren wiene der ferskate ûngemakken mei seppelins, wêrfan't de ramp mei de Hindenburg (op 6 maaie 1937), it grutste loftskip ea, de ferneamste is. De bou fan passazjiers-seppelins stoppe. Nei de Twadde Wrâldkriich hiene de fleanmasines it plak fan de loftskippen ynnaam.
Blimps
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fral yn Amearika waarden yn de Twadde Wrâldkriich in soad blimps boud, dy't brûkt waarden om út de loft út te sjen nei ûnderseeërs. Yn de twadde helte fan de 20e iuw, waarden blimps yn de Feriene Steaten ynset foar reklame en foar tillefysjekamara's by sportbarrens.
Resinte sitewaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de njoggentiger jierren fan de 20e iuw binne der ferskate nije loftskipmodellen ûntwikkele. It mienskiplik skaaimerk fan dy modellen is dat se folle presiser stjoerber binne as de âlde modellen. Fan dizze nije modellen is de Zeppelin NT (feitlik in blimp) it ferneamst. Fan dit model, in sinker, binne yndie in pear loftskippen boud. Ek yn ditselde desennium binne der ferskate projekten opset foar grutte-hichte loftskippen. Fierder binne der stúdzjes starten nei sitewaasjes dêr't loftskippen, mei harren legere brânstofferbrûk, ekomomysk wêze kinne.