MTV Unplugged in New York
MTV Unplugged in New York | |||||||
algemiene ynformaasje | |||||||
artyst | Nirvana | ||||||
taal | Ingelsk | ||||||
sjenre | Grunge | ||||||
útbrocht | 1 novimber 1994 | ||||||
opnommen | Sony Music studio's, 18 novimber 1993 | ||||||
doer | 53:50 CD | ||||||
label | DGC | ||||||
produsint | Alex Coletti, Scott Litt, Nirvana | ||||||
resultaten | |||||||
albumlisten | Album top 100 - 2, Ultratop - 1 | ||||||
sertifisearre | Argentynje 3x platina, Austraalje 5x platina, Eastenryk 2x platina, Belgje 3x platina, Brazylje platina, Kanada 9x platina, Finlân goud, Frankryk 2x platina, Itaalje platina, Japan platina, Meksiko goud, Nederlân platina, Nij-Seelân platina, Noarwegen platina, Poalen platina, Spanje 2x platina, Sweden platina, Switserlân 2x platina, Grut-Brittanje 3x platina, Feriene Steaten 8x platina | ||||||
albumgronology fan Nirvana | |||||||
|
MTV Unplugged in New York is in live-album fan Nirvana. It album waard opnommen op de 18 novimber 1993 yn de Sony Music studio's, yn New York en waard in jier letter in pear moannen nei it ferstjerren fan Kurt Cobain útbrocht.
By it optreden krigen de trije leden fan Nirvana help fan de bruorren Kirkwood fan de Meat Puppets en Pat Smear, de gitarist dy't live faak mei wie as twadde gitarist. Der wurdt ek sello op it album spile, troch Lori Goldston, en yn Jesus Doesn't Want Me for a Sunbeam bespilet bassist Novoselic in akkordeon.
Der waarden sawol eigen nûmers as ek nûmers fan oare bands spile lykas fan The Vaselines, Lead Belly, David Bowie en de Meat Puppets. It album befettet twa nûmers dy't yn de telefyzje-útstjoering net hearre litten waarden om't de útstjoering mar in oerke duorje mocht dit binne: Something in the Way en Oh Me. Live waarden ek koarte ymprovisaasjes spile fan Lynyrd Skynyrds Sweet Home Alabama en de Nirvana-nûmers Sliver en In Bloom. Yn 2007 waard it unplugged optreden op DVD útbrocht mei in fiiftal repetysjes as boanus nûmers.
Spyllist
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]nû. | titel | skriuwers | album | doer |
---|---|---|---|---|
1. | About a Girl | Kurt Cobain | Bleach | 3:37 |
2. | Come as You Are | Cobain | Nevermind | 4:13 |
3. | Jesus Doesn't Want Me for a Sunbeam (The Vaselines cover) |
Eugene Kelly, Frances McKee |
Dying for It | 4:37 |
4. | The Man Who Sold the World (David Bowie cover) |
David Bowie | The Man Who Sold the World | 4:20 |
5. | Pennyroyal Tea | Cobain | In Utero | 3:40 |
6. | Dumb | In Utero | Cobain | 2:52 |
7. | Polly | Cobain | Nevermind | 3:16 |
8. | On a Plain | Cobain | Nevermind | 3:44 |
9. | Something in the Way | Cobain | Nevermind | 4:01 |
10. | Plateau (Meat Puppets cover) |
Curt Kirkwood | Meat Puppets II | 3:37 |
11. | Oh Me (Meat Puppets cover) |
Kirkwood | Meat Puppets II | 3:26 |
12. | Lake of Fire (Meat Puppets cover) |
Kirkwood | Meat Puppets II | 2:56 |
13. | All Apologies | Cobain | In Utero | 4:23 |
14. | Where Did You Sleep Last Night | arranzjearre troch Lead Belly | tradisjonal | 5:08 |
Single
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]titel | skriuwers | album | doer | utbrocht |
---|---|---|---|---|
About a Girl | Kurt Cobain | Bleach | 3:37 | 24 oktober 1994 |
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kurt Cobain – Sang & Gitaar
- Pat Smear - gitaar
- Krist Novoselic – Bas, Gitaar & Akkordeon
- Dave Grohl – Drums & Bas
Gastmuzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lori Goldston – sello
- Curt Kirkwood – gitaar
- Cris Kirkwood – bas