Springe nei ynhâld

Mandarynein

Ut Wikipedy
Mandarynein

Lofts in jerk (♂); rjochts in sijke (♀).
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai boskeinen (Aix)
soarte
Aix galericulata
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel
     trochtrekker

     wintergast
     eksoat


De mandarynein (Aix galericulata) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De wittenskiplike namme fan de soarte waard yn 1758 troch Carolus Linnaeus as Anas galericulata publisearre.

Fan oarsprong is de mandarynein in Aziatyske fûgel, dy't syn nêst op grutte hichte boud yn ferlitten spjochtenêsten. Mandaryneinen wurde al iuwenlang as sierwetterfûgel holden. Yn West-Europa binne ferwyldere populaasjes.

Einepiken fan 'e mandarynein.

De mandarynein is in lyts eintsje. Jerkjes binne kleurryk en hawwe in donkerreade snaffel, in lang hingjende túf, kastanjebrune bakkeburdsjes, in wite eachsbroustreep dy't fan it each oant yn 'e nekke rinte en hy hat twa oranjekleurige syltsjes op 'e fleugels, dy't opset wurde kinne om yndruk te meitsjen op de wyfkes. De sijkes en jongen binne brúneftich griis mei ljochte flekjes op it boarst en de flanken. Wyfkes hawwe in opfallende wite streek efter it each en in wyt kin. De mandarynein is in stille fûgel, allinne it mantsje makket in fluitend lûd.

De mandarynein is 41 oant 49 sm, de ein hat in spanwiidte fan 65-75 sm en weecht likernôch 600 gram.

Aaien fan 'e mandarynein.

Yn Europa briedt de mandarynein fan april oant juny. Yn dy tiid hat de fûgel ien nêst fan 8 oant 12 aaien. De mandarynein hat syn nêst yn holtes fan beammen. It brieden bart troch beide âlden en hja bringe ek tegearre de jongen grut. As de jongen berne wurde binne se lykas de mem griisbrún fan kleur. In pearke bliuwt yn 'e regel in libben lang tegearre. Nei 28 oant 31 dagen brieden komme de aaien út. Nei de earste dei geane de einepykjes it nêst út en dan komme ek net werom. De âlden fersoargje harren piken op it wetter en yn it gers. Nei 60 dagen kinne se fleane en wurde se selsstannich.

De mandarynein is oarspronklik lânseigen yn it easten fan Sina en it noarden fan Noard-Koreä. Winterdeis bliuwe dy fûgels yn it noarden fan Yndo-Sina. Yn Japan is de ein in stânfûgel. As eksoat komt de Mandarynein lokaal foar yn Nederlân, Belgje, Frankryk, Ingelân, Denemark, Dútslân, Eastenryk, Switserlân en Sloveenje. De hiele populaasje fan 'e wrâld wurdt op likernôch 65.000 einen rûsd. It tal mandaryneinen nimt stadichoan ôf.

It earst bekend Nederlânske briedgefal yn it wyld wie yn 1964 yn 'e dunen by Wassenaar. Sûnt wiene der mear briedpearen yn parken om De Haach en letter yn 'e jierren 1960 ek yn Gelderlân oan de Isel by Heerde. Yn 'e rin fan 'e jierren 1970 wreide de soarte him út nei de omkriten fan Arnhim en Wageningen. Om 1994 hinne waarden der sa'n 100 pearkes rûsd. Foar de omjouwing fan Arnhim waard it tal waarnimmingen yn in rige fan jierren goed byholden. Dêrút koe opmakke wurde dat der yn it jier 2000 al sa'n 500 pearkes wiene, mar nei 2002 sakke it oantal wer. Neffens SOVON binne der lannelik te min gegevens foar in betroubere trendberekkening. In strange winter draacht by oan it tebekrinnnen fan it tal mandaryneinen. De mandarynein hat ek yn Fryslân bret, mar hiel lokaal.

Om't de tebekgong minder as 30% yn tsien jier is (minder as 3,5% yn 't jier), stiet de mandarynein net as in bedrige soarte op 'e Reade List fan IUCN.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Mandarijneend