Springe nei ynhâld

Marinemuseum De Helder

Ut Wikipedy
Marinemuseum De Helder
  museum
Lokaasje
adres Hoofdgracht 3
1781 AA De Helder
koördinaten 52° 57' N 4° 46' E
Algemiene gegevens
type skipfeartmuseum
wurkmêd Keninklike Marine
besikers 116.550 (2023)
iepeningsdatum 2 augustus 1962
Offisjele webside
www.marinemuseum.nl
Kaart
Marinemuseum De Helder (De Helder)
Marinemuseum De Helder

It Marinemuseum de Helder is in maritym museum yn 'e Noard-Hollânske stêd De Helder. It museum leit op 'e eardere marinewerf Willemsoord en is ûnderbrocht yn 'e stifting Koninklijke Defensiemusea (SKD). It museum bestiet út in pear gebouwen oan 'e wâl en in pear skippen oan 'e kaaidyk. Yn 'e gebouwen binne fêste en wikseljende útstallings te sjen, foar in part oer de skiednis fan 'e marine en foar in part oer de technyske ûntjouwings.

Yn augustus 1962 waard it Marinemuseum yn it Peperhuisje op it Havenplein yn De Helder iepene. De namme fan dat gebouke is lykwols net goed om 't it nea as piperhûske tsjinne hat. It orizjinele piperhûske stie likernôch hûndert meter súdliker. It museum wie ûnderbrocht op 'e souder fan dat gebouke en der wiene fjoerwapens, unifoarmen, in periskoop en modellen fan skippen en fleantugen te sjen.

't Torentje.

Yn 1965 ferhûze it museum nei 't Torentje op 'e rykswerf Willemsoord. Dat gebou wurdt sa fanwegen de klokketoer neamd. De klok dêrfan joech de iepening en de slutingstiid fan 'e werf oan. It gebou waard om 1823 hinne boud foar it opslaan fan stoffen dy't maklik ûntflammen.

Yn 1993 waard de ûnderseeboat Tonijn op it drûge brocht en ûnderdiel fan it museum. De ûnderseeër die oant 1991 tsjinst en leit njonken it hjoeddeiske tagongsgebou, dat yn 1995 boud waard. De Traditiekamer Willemsoord waard yn 1997 tafoege oan it museum.

De permaninte eksposysje Schip en Werf iepene yn 2006 yn 'e eardere geskutmakkerij fan 'e âlde rykswerf. It gebou út 1825, oarspronklik in magazyn, waard yn 1915 ta geskutsmakkerij ferboud.

It museum hat trije skippen yn 'e kolleksje:

  • de ûnderseeër Tonijn út de jierren 1960 (iepensteld sûnt 1994),
  • it ramskip Schorpioen út 1868 (sûnt 2000 iepensteld),
  • de minefeger Hr.Ms. Abraham Crijnssen út 1937 (iepensteld sûnt 1997).

Op it museumgebiet stiet ek it brêgehûs fan 'e Hr.Ms. De Ruyter. Mei't it skip út tsjinst rekke waarden it brêgehûs, de karakteristike 3D-radarbol en de geskutstoer fan 'e Hr.Ms. Tromp yndustrieel erfgoed. De 3D-radar yn 'e bol joech de rjochting, ôfstân en hichte fan objekten oan. Oant 1973 stie de geskutstoer mei twa kanonnen fan 12 sm op 'e torpedoboatjager Hr.Ms. Gelderland, dêrnei op 'e Tromp. It is no ien fan 'e publyksattraksjes fan it museum.

ANWB-leden keazen it museum yn 2012 en 2013 ta it leukste útstapke fan Noard-Hollân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar referinsjes/boarnen op nl:Marinemuseum (Den Helder)