Maureen O'Sullivan
Maureen O'Sullivan (Boyle (Ierlân), 17 maaie 1911 - Scottsdale (Arizona), 23 juny 1998) wie in Iersk-Amerikaanske aktrise dy't fral ferneamd waard fan har rol as Jane yn de Tarzan-films.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]O'Sullivan wenne yn har jeugd yn Londen, Parys en Dublin. Har heit wie in majoar yn it Britsk leger. Yn Londen siet sy yn ien klasse mei Vivien Leigh. 1929 waard sy ûntdutsen troch regisseur Frank Borzage en krige hja in rol yn syn film Song of my heart en yn 1930 waard hja troch har mem nei Hollywood brocht, dêr't filmprodusint Irving Thalberg fan MGM har de rol fan Jane yn de film Tarzan And His Mate (1934) besoarge. Hja wie dêrmei de tsjinspylster fan Johnny Weissmueller, dy't de rol fan Tarzan fertolke. Sy spile Jane fan 1932 oant 1942 yn seis Tarzan-films.
Yn 1936 boaske hja mei John Farrow. It pear krige sân bern, ûnder wa't harren dochter Mia Farrow wie dy't letter ek aktrise waard.
De jierren tritich wienen O'Sullivans bêste jierren as aktrise. Njonken de Tarzanfilms spile hja ek yn The Thin Man en David Copperfield. John Farrow stoar yn 1963. Yn dy tiid spile hja al net folle mear yn films.
Yn 1983 troude hja op 'en nij, doe mei James Cushing. O'Sullivan har lêste grutte rol spile hja yn 1986, yn Peggy Sue Got Married.
Maureen O'Sullivan stoar 1998 yn de âldens fan 87 jier oan de gefolgen fan in hertynfarkt.
Filmografy (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1930 : So this is London fan John G. Blystone
- 1930 : Song o' My Heart fan Frank Borzage
- 1930 : Just Imagine fan David Butler (produsint)
- 1931 : A Connecticut Yankee fan David Butler (produsint)
- 1931 : Skyline de Sam Taylor
- 1932 : Tarzan the ape man fan W.S. Van Dyke
- 1932 : Strange Interlude fan Robert Z. Leonard
- 1932 : Okay, America!, fan Tay Garnett
- 1933 : Tugboat Annie fan Mervyn LeRoy
- 1934 : Tarzan and his mate fan Cedric Gibbons en Jack Conway
- 1934 : The Thin Man fan W.S. Van Dyke
- 1934 : The Barretts of Wimpole Street fan Sidney Franklin (produsint)
- 1935 : West Point of the Air fan Richard Rosson
- 1935 : Cardinal Richelieu fan Rowland V. Lee
- 1935 : The Flame Within, fan Edmund Goulding
- 1935 : Woman Wanted fan George B. Seitz
- 1935 : Anna Karenina fan Clarence Brown
- 1935 : David Copperfield fan George Cukor
- 1936 : 'The Devil-Doll fan Tod Browning
- 1936 : Tarzan escapes fan Richard Thorpe
- 1937 : A day at the races fan Sam Wood
- 1937 : The Emperor's Candlesticks fan George Fitzmaurice
- 1937 : Between Two Women fan George B. Seitz
- 1938 : Port of Seven Seas fan James Whale
- 1938 : A Yank at Oxford fan Jack Conway
- 1938 : Hold that Kiss fan Edwin L. Marin
- 1938 : The port of seven seas fan James Whale
- 1938 : The Crowd Roars fan Richard Thorpe
- 1938 : Spring Madness fan S. Sylvan Simon
- 1939 : ''Let Us Live! fan John Brahm
- 1939 : Tarzan finds a son ! fan Richard Thorpe
- 1940 : Pride and Prejudice fan Robert Z. Leonard
- 1941 : Tarzan's Secret Treasure fan Richard Thorpe
- 1942 : ''Tarzan's New York Adventure fan Richard Thorpe
- 1948 : The Big Clock fan John Farrow
- 1950 : Where Danger Lives fan John Farrow
- 1952 : Bonzo goes to college fan Frederick De Cordova
- 1953 : All I Desire fan Douglas Sirk
- 1953 : Mission Over Korea fan Fred F. Sears
- 1954 : Duffy of San Quentin fan Walter Doniger
- 1957 : The Tall T fan Budd Boetticher
- 1958 : Wild Heritage fan Charles F. Haas
- 1965 : Never Too Late fan Bud Yorkin
- 1985 : Too Scared to Scream fan Tony Lo Bianco
- 1986 : Hannah and her sisters fan Woody Allen
- 1986 : Peggy Sue got married fan Francis Ford Coppola
- 1988 : Good Old Boy: A Delta Boyhood fan Tom G. Robertson
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Maureen O'Sullivan fan Wikimedia Commons. |