Medina del Campo (Medina is Arabysk foar stêd) waard yn de 11e iuw op de heuvel La Mota stifte. Dy heuvel mei it kastiel leit hjoed-de-dei oan de stêdsrâne, mar wie yn dy tiid it sintrum. Yn de 15e en 16e iuw hie it plak in soad betsjutting as hannelssintrum en rûsd wurdt dat de stêd doe wol 50.000 ynwenners telde. Fan de 17e oant de 19e iuw rekke de stêd yn it neigean.
De mechanisaasje en de skaalfergrutting yn de lânbou soargen foar ferlies fan wurk op it Spaanske plattelân en droegen sûnt healwei de 19e iuw by oan de foarste ferheging fan de ynwennertallen fan stêden. Yn de gemeente lizze in soad doarpen, dy't troch de oarspronklike bewenners sa goed as ferlitten binne.